Sykje
Twitter
Skiften
- Artikels (3)
- Berjochten (10)
- Flessepost (4)
- Fynsten (7)
- Oersettings (208)
- E.E. Cummings (18)
- Elizabeth Bishop (11)
- Emily Dickinson (147)
- Nicole Sealey (5)
- Robert Frost (5)
- Wallace Stevens (22)
- Poste restante (26)
- Resinsjes (34)
-
Lêste blogs
- Robert Frost, It lûkhynder
- De Snitser Wetterpoarte yn Tim syn ‘groenenboek’
- Elizabeth Bishop, De fisk
- Wallace Stevens, Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen
- Elizabeth Bishop, Grilk
- Wallace Stevens, Teory
- Elizabeth Bishop, Yn de wachtkeamer
- Poste restante XXVI
- Emily Dickinson, 883
- Elizabeth Bishop, De kaart
- Emily Dickinson, 1353
- Elizabeth Bishop, Sliepeleazens
- Emily Dickinson, 430
- Poste restante XXV
- Emily Dickinson, 321
- E.E. Cummings, ‘stjerre is bêst)mar de Dea’
- Wallace Stevens, Trettjin manieren om nei in klyster te sjen
- Emily Dickinson, 1481
- Obe Postma en E.E. Cummings
- Emily Dickinson, 348
- Obe Postma-middei
- Emily Dickinson, 750
- Robert Frost, Net mear brûkt begraafplak
- Emily Dickinson, 744
- Robert Frost, Fertroudens mei de nacht
- Emily Dickinson, 722
- Robert Frost, It net nommen paad
- Emily Dickinson, 515
- Poste restante XXIV
- Elizabeth Bishop, De Mot-Minske
- Robert Frost, Hâlde by wâld op in snieïge jûn
Swerm 3+
Abe de Vries Albertina Soepboer Arjan Hut Babs Gezelle Meerburg Cornelis van der Wal Douwe Tamminga Dylan Thomas Edward Estlin Cummings Edwin de Groot Eeltsje Hettinga Elizabeth Bishop Elmar Kuiper Elske Kampen Emily Dickinson Eppie Dam Fedde Schurer Geart van der Meer Gysbert Japix Harmen Wind Henk van der Veer Jacobus Quiryn Smink Janneke Spoelstra Jan Wybenga Joast Hiddes Halbertsma Nicole Sealey Obe Postma Philippus Breuker Pieter Jelles Troelstra Pieter Verhoeff Piter Yedema Rainer Maria Rilke Reinder Rienk van der Leest Robert Frost Sytse Jansma Tiny Mulder Trinus Riemersma Tsead Bruinja Tsjêbbe Hettinga Wallace Stevens Wilhelmina (keninginne) William BlakeArgyf
Author Archives: Klaas van der Hoek
Robert Frost, It lûkhynder
It lûkhynder Us tilbury wie te licht En ús hynder te loch en âld. Mei in stikkene lampe riden wy Troch in pikswart, grinsleas wâld. Ut it beamte ferskynde in man, Griep ús hoars by de kop, ûnferhoeds, En … Continue reading
De Snitser Wetterpoarte yn Tim syn ‘groenenboek’
Yn it lêst fan syn libben sette de klassikus Aegidius W. Timmerman (1858–1941), bekend as fertaler fan de Ilias en de Odyssee, syn memoires op papier. Dy ferskynden yn 1938 ûnder de titel Tim’s herinneringen en waarden yn 1983 opnij … Continue reading
Posted in Fynsten
Tagged Aegidius W. Timmerman, Alphons Diepenbrock, Herman Gorter, Jacques Perk, Joannes Willem Groemeboom, Johanna Martina Tromp, Kornelis Groeneboom, Maaike Westerbaan, Thucydides, Willem Kloos
Comments Off on De Snitser Wetterpoarte yn Tim syn ‘groenenboek’
Elizabeth Bishop, De fisk
De fisk Ik fong in geweldige fisk en hold him lâns de boat heal út it wetter, mei myn heak fêst yn in hoeke fan syn bek. Hy focht net. Hy hie alhiel net fochten. Hy wie ien bonk … Continue reading
Wallace Stevens, Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen
Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen It is wier dat de rivieren gnúfden as bargen En wraamden oan iggen, oant sy liken Op nuet magegnoarjen yn slûge trôgen, Dat de bûtenlucht swier wie … Continue reading
Posted in Wallace Stevens
Tagged Wallace Stevens
Comments Off on Wallace Stevens, Kninen ite keutels. Slangen ite kninen. Swinen ite slangen. Minsken ite swinen
Elizabeth Bishop, Grilk
Grilk It bolderjen besiden nimt er foar leaf, ek dat de wrâld fan en ta skodzje moat. Hy rint, rint op súd oan, keken, knoffelich, yn in steat fan behearske panyk, in Blake-studint. It strân systeret as fet. In … Continue reading
Posted in Elizabeth Bishop
Tagged Elizabeth Bishop, Geneva Moreland, John D Scott, William Blake
Comments Off on Elizabeth Bishop, Grilk
Wallace Stevens, Teory
Teory Ik bin wat om my hinne is. Froulju snappe dat. Jo binne net hartoginne Op hûndert meter fan in koets. Dat, dit binne portretten: In swarte festibule, In heech bêd ôfsket mei gerdinen. It is mar wat him … Continue reading
Elizabeth Bishop, Yn de wachtkeamer
Yn de wachtkeamer Yn Worcester, Massachusetts, gong ik mei Muoike Consuelo nei har ôfspraak by de toskedokter en siet ik op har te wachtsjen yn de toskedokter syn wachtkeamer. It wie winter. It waard betiid tsjuster. De wachtkeamer wie … Continue reading
Posted in Elizabeth Bishop
Tagged Elizabeth Bishop, Martin Johnson, Osa Johnson
Comments Off on Elizabeth Bishop, Yn de wachtkeamer
Poste restante XXVI
‘LEEUWARDEN.’ (l.m.), ±1895–1896. Litografy yn grien, 92×138 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpels Ljouwert 13-11-1896 en [Berlyn], Postamt 47, 15-11-1896. Ferstjoerd oan Elfriede Auzinger, Berlyn, troch Max Auzinger. Leeuwarden, d. 13. Nov. 96. Liebste Friedl. Hier wieder eine Ansicht … Continue reading
Emily Dickinson, 883
Yn Sudewyn - fibrearret In Stim mei eigen Lûd - Sa’t Men op Kades merkbyt yn In Emigrant syn groet - In Wink fan Havens - Folken - Gâns dat yn heimnis leit - En namste fijner - om … Continue reading
Elizabeth Bishop, De kaart
De kaart Lân leit yn wetter; it is beskade mei grien. Skaden, of binne it skolten, lâns syn iggen toane de ronfel fan lange beseewierde richels dêr’t wier nei it sljochte blau delhinget út grien. Of bûcht it lân … Continue reading