Kategory argiven: Ingeborg Bachmann

Ingeborg Bachmann, Stjerren yn maart

  Stjerren yn maart De siedtiid is noch fier. Wat opgiet, binne Foarekers yn de rein en stjerren yn maart. Yn de formulearring fan ûnfruchtbere tinzen foeget it universum him nei it foarbyld fan it ljocht, dat de snie net … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Stjerren yn maart

Ingeborg Bachmann, Deade haven

  Deade haven Oan de mêsten hingje dampe flaggen, waaie yn kleuren, troch gjin lân ea fierd, foar ferslike stjerren en de moanne, dy’t grien útslein yn de mêstkoer sliept. Wetterwrâld út de ûntdekkerstiden! Weagen woekerje oer elke wei, en … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Deade haven

Ingeborg Bachmann, Nachtflecht

  Nachtflecht Us ikker is de himel, bewurke yn it swit fan de motoaren, yn it oansicht fan de nacht, mei de dream as ynset – dreamd op skedelplakken en brânsteapels, ûnder it dak fan de wrâld, dêr’t de wyn … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Nachtflecht

Ingeborg Bachmann, Achter de wand

  Achter de wand Ik hingje as snie oan de twigen yn de maitiid fan it dal, as kâlde wel driuw ik yn de wyn, damp fal ik yn de blossems as in drip, dêromhinne rotsje se as om in … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Achter de wand

Ingeborg Bachmann, Lân fan dize

  Lân fan dize Winters is myn leafste ûnder de bisten fan it wâld. Dat ik foar moarn werom moat, de moerfoks wit it en laket. Hoe trilje de wolken! En op myn sniekraach falt in laach fan broazelich iis. … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Lân fan dize

Ingeborg Bachmann, Wiswier

  Wiswier Foar Anna Achmatova Wa’t nea om in wurd ferlegen sitten hat, en ik sis jimme, wa’t allinne himsels te rêden wit en mei de wurden – dy is net te rêden. Net lâns de koarte wei en net … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged , | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Wiswier

Ingeborg Bachmann, Yn it twiljocht

  Yn it twiljocht Wer lizze wy beide de hannen yn it fjoer, do foar de wyn fan de lang opsleine nacht, ik foar de moarnswel dy’t de wynparse net ken. De blaasbalge fan de master, dy’t wy fertrouwe, wachtet. … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Yn it twiljocht

Ingeborg Bachmann, Dagen yn wyt

  Dagen yn wyt Yn dizze dagen stean ik op mei de bjirken en kjim it tarwehier fan myn foarholle foar in spegel fan iis. Mongen mei myn azem skiftet de molke. Sa ier skommet se gau. En dêr’t ik … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Dagen yn wyt

Ingeborg Bachmann, De opskoarte tiid

  De opskoarte tiid Der komme rouwer dagen. De ta neier oarder opskoarte tiid wurdt sichtber oan de kimen. Aanst moatsto dy de fiters strikke en de hûnen weromjeie nei de kwelderpleatsen. Want de yngewanten fan de fisken binne kâld … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, De opskoarte tiid

Ingeborg Bachmann, Myn fûgel

  Myn fûgel Wat der ek bart: de ferwoaste wrâld sinkt yn de skimer wei, in sliepdrank hâlde de wâlden foar har ree, en fan de toer, ferlitten troch de wacht, sjogge rêstich en steech de eagen fan de ûle … Fierder lêze

Pleatst yn Ingeborg Bachmann | Tagged , | Reaksjes út op Ingeborg Bachmann, Myn fûgel