Presintaasje fan It faderpaard

Amsterdam, 20 april 2017 – It is in monumint fan in boek dat hjoed yn Amsterdam presintearre waard. It by De Bezige Bij ferskynde It faderpaard – stylfol bûn yn griis linnen mei kapitaalbantsjes, lêslinten en stofomslach – telt 830 siden. Net allinne befettet it boek it sawat folsleine poëtyske oeuvre fan Tsjêbbe Hettinga (1949–2013), ek is fan elts gedicht in Hollânske oersetting opnommen. Annotaasjes, in biografyske skets en in bibliografy kompletearje it boek.

Goed hûndert minsken wienen op de presintaasje yn it akademysk-kultureel sintrum SPUI25 ôfkommen. Under harren de gearstallers fan de bondel: Benno Barnard, Tsead Bruinja, Teake Oppewal en Geart de Vries, en tal fan oaren dy’t op de iene of oare wize by it ta stân kommen fan de bondel belutsen west hawwe, lykas foarmjouster Barbara Jonkers, sjongeres Nynke Laverman, deputearre Sietske Poepjes en filmer Pieter Verhoeff, oanfolle mei Friezen om utens, minsken út ’e boekebrâns en SPUI25-habitués.

Seremoanjemaster Tsead Bruinja joech it poadium alderearst oan Tsjêbbe Hettinga sels, troch dy syn ferneamd wurden foardracht fan it gedicht ‘De krûk’ yn Medellín yn 2007 sjen en hearre te litten. Doe lies Benno Barnard de Hollânske oersetting fan ‘De krûk’ foar en joech er yn in pear halen in karakteristyk fan Hettinga as ‘provinsjaal’ dichter-fan-de-wrâld. Piter en Wypkje Hettinga krigen dêrnei fan him de earste eksimplaren fan it samle wurk fan harren heit útrikt.

Dichtmaat Piter Yedema hie ea yn ’e mande mei Tsjêbbe Hettinga de Fryske literatuerskiednis kritysk gearfette yn in dûbelfillanelle mei de stockrigel ‘Proai yn ’e kloeren fan de earn’ en liet no it publyk dy rigel skandearje wylst er it fers foardroech. Ek fernijde er wêr’t de Condor Zeep yn Hettinga syn gedicht ‘It weinhûs’ weikaam: fan in reklameboerd dat oan in weinhûs tusken Boalsert en Burchwert skroeve wie.

Skriuwer en âld-Ljouwerter Kees ’t Hart fertelde oer syn gearwurking mei Hettinga yn it ramt fan it Frysk Festival 1995. Hettinga makke foar dy gelegenheid in yn boekfoarm ferskynde oersetting fan Walt Whitman syn fers ‘Salut au Monde!’. As hommaazje oan Whitman-oersetter Hettinga droech ’t Hart in eigen oersetting yn it Hollânsk foar fan Whitman syn gedicht ‘There was a Child went Forth’.

De iennichste moeting fan Annemieke Gerrist, dichteres út de stâl fan De Bezige Bij, mei Tsjêbbe Hettinga wie yn de wannelgongen fan in poëzyfestival en levere har syn advys op dat se wat dwaan moast oan har ‘microfoontechniek’. Sels ôfkomstich út Seelân, petearde se mei ‘de zingende dichter’, sa’t se Hettinga foar harsels neamde, oer dichterskip tusken plattelân en stêd.

De jonge dichter Frank Keizer heuge it net dat er Hettinga ea troffen hie. Hy hope op mear wurdearring foar krekt it iere, engazjearre wurk fan Hettinga, dat te finen is yn bygelyks Fan lân loft en leafde (1975), dichtwurk ‘in een groene taal’, ‘waarin veel gekat wordt naar het kapitaal en naar het nieuwerwetse proletariaat’.

By einsluten lies Tsead Bruinja in brief foar fan de skriuwer David Van Reybrouck oan Piter en Wypkje Hettinga. Van Reybrouck koe net sels oanwêzich wêze, hy sit yn Nepal en freget him dêr ôf oft Hettinga faaks in Nepaleeske dichter wie, of in Japansken-ien, of in West-Flaamsken-ien, ‘want de hele wereld galmt mee in het oeuvre van jullie vader’.

Rom oer de grinzen fan Fryslân hinne hat in priis. It hjoed presintearre boek hjit folút Het vaderpaard / It faderpaard – yn dy folchoarder. En fan de beide plande presintaasjes is dy yn Amsterdam de earste; moarn pas is der in soartgelikense gearsit yn Ljouwert. Mar goed, as sa’n hollandosintryske marketing no ekstra keapers en lêzers opsmyt… Dit boek fertsjinnet dy.

This entry was posted in Berjochten and tagged , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.