Poste restante XV

    AKKRUM. Hoogend.’ (l.û.), ±1905–1914. Ljochtdruk, 89×138 mm. Utjûn troch A. van der Hoek, Akkrum / Emrik & Binger, Haarlem. Poststimpel Akkrum 22-01-1914. Ferstjoerd oan Ale en Baudina Schraa-Wiersma, Cleveland, Oswego County, NY, USA, troch Sytske Steggerda.

    Akkrum 22 Januari 1914
    Liefe Kinderen. D.
    [= Dina] we wenschen jelie allen in gelukige dag 1 Februari dat jelie te samen meenig jaartje nog eens mooge vieren. dit is de wensch van ons allen. later een brief. alles hier wel wensch bij jelie ook. verwachten eerst in brief van jelie. dank Saakje voor haar filisitasie. hier is ’t op ’t oogenblik ijs. M heeft al in prijsje gewonen. Wees hartelijk van ons gegroet. Je Oudes B. [= Broers] en Zusters.

Baudina Wiersma sil sûnder mis in bytsje mankelyk wurden wêze doe’t se de ansicht krige dy’t har famylje stjoerde foar har 32ste jierdei. De kaart toant it har sa fertroude Akkrum. Rjochts is it foarhûs fan de pleats oan it Heechein 25 te sjen en dêrachter de teekoepel fan de achttjinde-ieuske grytman Augustinus Lycklama à Nijeholt. Achterop de kaart it net tige rûtinearre mar karakteristike hânskrift fan har mem. Nêst felisitaasjes befettet har boadskip de winsk kontakt te hâlden. Baudina – ropnamme Dina – hat dat boadskip grif troch de soms wat behelperige stavering hinne opheind. Mar dêrta moast it kaartsje wol earst de oseaan oer.

Baudina wie berne yn Frjentsjer op 1 febrewaarje 1882, as twadde fan de yn totaal tsien bern dy’t Klaas Wiersma (1852–1931) en Sytske Steggerda (1856–1930) krije soenen. Klaas, begûn as weinmakkersfeint, ferfear yn 1893 fan Frjentsjer nei Jirnsum en sette dêr in eigen weinmakkerij op. Al gau hannele er ek yn fytsen en motorfytsen, joech er fytsles om dy negoasje te stimulearjen en lei er yn Jirnsum de earste elektryske ynstallaasjes oan. Yn 1913 naam soan Edse de saak oer en begûn Klaas in nije winkel yn Akkrum.

Doe wie Baudina allang it hûs en sels it lân út. Op 14 maaie 1903 troude se mei de masinist Ale Schraa, berne yn 1877 yn Akkrum. It pear sette him nei wenjen yn Jirnsum. Dêr waard op 4 novimber fan datselde jier harren dochter Saakje berne. Yn Jirnsum kamen yn 1905 en 1909 ek harren famkes Sytske en Antje op ’e wrâld. De lytse Antsje wie noch gjin moanne âld doe’t Ale en Baudina mei de trije bern nei de Feriene Steaten emigrearren, oan board fan de Rijndam. It skip sette ôf fan Rotterdam 0p 15 maaie 1909 en kaam alve dagen letter oan op Ellis Island, de tagongspoarte foar immigranten yn Amearika.

De húshâlding luts earst yn by Ale syn âldere broer Poppe, dy’t al earder nei it lân fan ûnbeheinde mooglikheden ferfearn wie. Hy buorke yn it doarpke Cleveland yn Oswego County, yn de steat New York (Poppe is as ‘farmer’ ûnder de namme SCHRAD, PETER opnommen yn de American agriculturist farm directory and reference book of Oswego County NY, 1917). De strjitte dêr’t de Schraa-clan oan wenne, kaam meidertiid Schraa Road te hjitten. Hoe’t de eardere masinist Ale yn Amearika de kost fertsjinne, wit ik net, mooglik wurke er by syn broer op ’e pleats. Yn 1911 waard er nammers heit fan in fjirde dochterke, Nellie.

Ale soe net op hege jierren komme; hy ferstoar, 53 jier âld, yn 1930. Syn widdo bleau by har sweager Poppe wenjen en yn 1942 troude sy mei him. Poppe ferstoar yn de âldens fan 76 jier yn 1956. Baudina folge op 20 maaie 1965. Yn ûnder mear The Oswego Palladium Times fan 21 maaie 1965 is te lêzen dat sy doe fiif beppe- en fjirtjin oerbeppesizzers hie. Dy hawwe allegearre Ingelske foar- en achternammen. De foarnammen fan de earste generaasje yn Amearika wienen oars by binnenkomst al feringelske: Ale waard Abraham of koartwei Abe, broer Poppe waard Peter en de famkes Saakje, Sytske en Antsje waarden Sarrah, Suzie en Ann.

De bân mei it heitelân hat Baudina lykwols net trochsnien. Minstens twa kear kaam se nei Fryslân werom, yn 1920 en 1930. Sy hat doe grif ferskillende kaartsjes nei Cleveland stjoerd. Ien dêrfan, ôfstimpele yn Snits op 18 oktober 1920, is ek yn myn kolleksje bedarre. It is in sfearfol plaatsje fan de Boarn yn Jirnsum, sjoen fan de kant fan de Leppedyk, by Ludringa State likernôch. Baudina stjoerde it kaartsje nei har dochter Sytske alias Suzie. It berjochtsje achterop is trijetalich: de measte tekst is yn it Frysk, mar Baudina begjint mei in sintsje stedsfrysk en einiget mei in sintsje Ingelsk:

    Su.
    Nu jou mut er ok nog mar aen havve. Ik wol leuwe dat wy dizze nog nooit hount havve. Bewarje dizze goed yer? Wat ha se allegjerre lake oer – Sluge soe ek mar store yedder. Be a good girl.
    Ma.
This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.