Poste restante XVII

    Twa kaarten mei in dame, ±1900–1903. Fotootsjes plakt op kaarten mei kleuredruk en blyndruk, 140×92 mm. Utjûn troch Theo Stroefer, Nürnberg, searje 231, nû. 5 en 6. Poststimpels Amsterdam 14-03-1903 en Ljouwert 14-03-1903 (boppe) en Amsterdam [25]-04-1903 en Ljouwert 25-04-1903 (ûnder). Beide ferstjoerd oan Catharina Maria Louisa Plet, Ljouwert, troch Gijsbert Johannes Hendrik van Veen.
    B.T! [= Beste Tine!] Volgens Dolf gelijkt bovenstaande aanvallige jonge juffrouw, zéér veel op eene Romeinsche, die hem bijzonder belang inboezemt, je brave broeder is dan ook druk bezig om de Romeinsche geschiedenis nader te bestudeeren, Tarquinius, Cassius, ja zelfs Caracalla liggen reeds achter hem en wijdt hij nu zijne bijzondere studie aan de Byzantijnsche keizerinnen van het Oostersch-Romeinsche rijk, waaronder de schoone Justine de meeste bekoring schijnt uit te oefenen! Als het weder zoo mooi blijft, ga ik morgenochtend met D. voor het eerst in 1903 eens een fietstochtje maken. Meta’s brief kwam zeker bereids in je bezit. Heb je geen lust om lid te worden van de Alg. Nederl. Wielrijders Bond, dan zal ik je tegelijk met Dolf voordragen; tot Juni wordt de kaart van Nederland gratis aan de nieuwe leden uitgereikt. Al de opnamen van Dolf zijn rood of zwart geworden, jou foto’s ook? Met onze hartelijke groeten ook voor je ouders: t à t [= tout à toi] Gijsbert
    Amsterdam. 14 Maart. 1903. Ben je ook al aan het lipaien siekje?

    B.T! Mijn briefkaart der staking, zoomede het huwelijksorakel kwamen zeker reeds in je bezit en heb je het laatste zeker eens beproefd? Meta bedankt je Mama zéér voor haren lieven brief en is nog steeds in verwachting van jou brief met het aangevraagde adres, haar schrijven heb je toch zeker wel ontvangen? l.l. Woensdagavond woonden wij in den Stadsschouwburg de Fransche voorstelling bij van “Sollness le Constructeur” door Ibsen met juffrouw Kalff in de rol van Hilda. Zij speelde zeer goed maar wij vonden het stuk vrij onmogelijk. Naar ik hoor zou zij ook te Leeuwarden optreden. Bijgaande zend ik je eene fotografische afbeelding van ons huis, vindt je het geene goede opname? Ik hoop dat je braaf pret hebt gehad met Dop. Bij gunstig weder ga ik morgenochtend met hem fietsen. Ontvang met je Ouders onze hartelijke groeten. t à t Gijs. Amsterd. 25 Apr. ’03.
    Meta vergat mij te zeggen, dat ze je briefkaart ontving, dat hoor ik zoo juist!

Do bist jong en do wolst wat. Ljouwert biedt mear fertier as pak ’m beet Wommels, mar it is gjin Amsterdam. Wylst Tine Plet, in frijfaam fan 23, har dagen yn Ljouwert trochbringt by heit en mem, fermakket har jongere broer Dolf, ek wol Dop neamd, him o sa bêst yn Amsterdam. Hy útfanhuzet dêr by freon-fan-de-famylje Gijs van Veen en giet mei him te fytsen en nei it teater. Gijs skriuwt dêroer oan Tine en stelt har gerêst: de aktrise dy’t Gijs en Dolf yn Amsterdam sjoen hawwe, Marie Kalff, sil Ljouwert ek noch wol oandwaan. Earst de haadstêd, dan de provinsje.

Marie Kalff yn 1905.

It stik dêr’t Marie Kalff yn skittere, wie in Frânske bewurking fan Bygmester Solness fan Henrik Ibsen. In drama oer, even koart om ’e hoeke, in troud man fan middelbere jierren, de boumaster Halvard Solness, dy’t smoar wurdt op in folle jongere frou, Hilda Wangel, en nei in protte praterij syn ûndergong temjitte giet: Hilda trúnt him oan, nettsjinsteande syn hichtefrees, om de spits fan syn eigen toer op te klatterjen en dan falt er te pletter. Marie Kalff spile Hilda. Gijs is oer har optreden tige te sprekken, mar mei it stik net lije. It wie dan ek dreech, en oars as oars. Kritikus J.N. van Hall stipt dat oan yn syn resinsje yn De Gids as er oer Kalff opmerkt dat sy ‘in het moeielijkste gedeelte van de rol, het zeer zware tweede bedrijf, het beste was en zelfs op het maar half geprepareerde publiek (voor velen was Solness nieuw en… vreemd) den diepsten indruk maakte.’

Siket de njoggentjinjierrige Dolf gjin ferdivedaasje bûtendoarren, dan is er oan it learen, mooglik foar in eineksamen gymnasium. Hy lêst oer Romeinske keizers: smjunten as Tarquinius en Caracalla, en de fjouwer dy’t skiedskriuwer Cassius Dio portrettearre hat: Tiberius, Caligula, Claudius en Nero. Spesjaal omtinken jout Dolf oan Justina, oer wa’t it ferhaal giet dat sy, al widdo mar noch jong en faam, sa alderheislikst moai wie dat keizer Valentinianus I mei har trouwe woe. No hie de bêste man al in frou, Severa, en dy woe hy net ferstjitte. Severa hie him nammers op Justina attindearre, de beide froulju hienen tegearre baddere en elkoar goed besjen kind. Hawar, Valentinianus feardige in wet út dy’t it manlju tastie om mei twa froulju te trouwen, en klear. Ja Dolf, sa kin it ek.

Mar wylst Dolf him ferdjippet yn de ferdjerlikens oan Romeinske keizershôven, bringt Gijs op syn kaartsjes oan Tine de maatskiplike aktualiteit anno 1903 op it aljemint. Hy sit yn noed oer de ekonomyske gefolgen fan de reboelje dy’t dan benammen yn Amsterdam hearsket. Yn jannewaarje wie der in spoarweistaking útbrutsen, dy’t yn april oergong yn in algemiene staking. ‘Heel het raderwerk staat stil / Als Uw machtige arm het wil’, hold Pieter Jelles Troelstra de stakers foar – de dichter yn him stipe de politikus – en Albert Hahn sette dy rigels ûnder syn ferneamd wurden print. De spoarweistaking fan 1903 waard in mylpeal yn de skiednis fan de arbeidersbeweging yn Nederlân. Mar Gijs jout net de yndruk dat er de striid fan de stakers binlikje kin. Leafst hie er dat alles wer by it âlde wie, skriuwt er op 11 april:

    De stakingstoestand is hier weinig veranderd bij een paar dagen geleden, alleen is nu gistermiddag de leiding van de socialisten geheel overgegaan op de anarchisten. In de stad is het de laatsten tijd bijzonder kalm en doodsch, hoe lang die toestand duren zal is moeielijk te zeggen; de handel lijdt hierdoor énorme schade. Het is maar te hopen, dat alles kalm afloopt en het werkvolk langzamerhand tot zijne plicht terugkeert.

Gijsbert Johannes Hendrik van Veen wie dan ek sakeman, om krekt te wêzen: makeler yn tabak, krekt as syn heit. Gijs wie berne yn 1870 yn Amsterdam en ferstoar dêr yn 1929. Mei syn frou Margaretha Henriette Meijer – de Meta dy’t op de kaarten te praat komt – en twa lytse bern wenne Gijs op it adres Keizersgracht 186. Dat sil it hûs west hawwe dêr’t er Tine in foto fan stjoerde.

Tine en Dolf wienen de bern fan de Ljouwerter dokter Jan Plet en syn frou Johanna Maria Beukman. Dokter Plet hie noch in roltsje spile yn de Hogerhuis-saak: hy hie fêststeld dat de oppakte bruorren Hogerhuis net ferwûne wienen. Dat pleite foar harren ûnskuld, want by de ynbraak dêr’t sy fan fertocht waarden moast ien fan de dieders letsel oprûn hawwe. De húshâlding Plet wenne oan de Twibaksmerk. Tine, folút Catharina Maria Louisa, wie berne yn 1879 en soe yn 1913 trouwe mei Hendrik de Jong, dy’t krekt as har heit dokter wie yn Ljouwert. Tine ferstoar yn Ljouwert yn 1948. Har broer Dolf, doopnammen Adolf Frederik Jan, berne yn 1883, waard prokuraasjehâlder en ferstoar yn 1953.

Blykber hie Gijs in soad op mei Tine; hy stjoerde har in hiele rige kaartsjes ta. Wat dêrfan by my bedarre is, fertoant hieltyd in grapke of aardichheidsje yn de foarmjouwing. De beide kaartsje boppe-oan dit blog kinne nei wat nifeljen oerein set wurde as in soarte fan skildersezeltsjes, dêr’t de fotootsjes fan de dames dan op steane. Se binne makke yn Neurenberg en hawwe in hantliedinkje yn lytse letterkes ûnderoan op de foarkant: ‘Man durchschneide die punktirten Seiten dieses Feldes u. biege es oben etwas rückwärts’.

De kaart mei it nijs oer de staking is foarmjûn as in tillegram en de kaart hjirnêst as in postwiksel foar, nei beleaven, groeten of tútsjes. Gijs hat ‘fergetten’ om troch te streekjen wat net winske wurdt en follet as oantal groeten/tútsjes in fraachteken yn. Mar op de kaart printe teksten as ‘IK HEB EEN VURIG VERLANGEN NAAR U’ en ‘GIJ ALLEEN KUNT MIJ GELUKKIG MAKEN’ sprekke kleare taal. Kaarten mei wufte dames, te fersulverjen tútsjes en oare knypeachjes – Gijs wie in grapmakker. Dat er in frou en bern hie en njoggen jier âlder wie as Tine, siet him net yn ’e wei. Jo binne sa âld as jo jo fiele.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.