Emily Dickinson, 881

 
Ik woe Har moetsje by myn Komst -
De Dea - hie ek dat plan -
Mar Him - wie ’t slagge - liket it -
En Ik - Ik wie ferslein -

Ik woe Har sizze wat in Langst
Ik hie nei dat momint -
Mar soks hie Har de Dea al sein -
En fuort wie sy, mei Him -

No - dwaal Ik om - dat is myn Stee -
Koe Ik my deljaan - ’t wie
In geunst ferliend troch in Orkaan
Oan Heugenis - en My -

 

I meant to find Her when I Came -
Death - had the same design -
But the Success - was His - it seems -
And the Discomfit - Mine -

I meant to tell Her how I longed
For this specific time -
But Death had told Her so the first -
And she had fled, with Him -

To wander - now - is my Abode -
To rest - To rest would be
A privilege of Hurricane
To Memory - and Me -

 

F881 (J718)

This entry was posted in Emily Dickinson and tagged . Bookmark the permalink.