Poste restante XIX

    ‘Groet uit Wommels’ (l.b.), 1907. Ljochtdruk, 88×139 mm. Utjûn troch Symon van der Meer, Wommels, nû. 07 19608. Poststimpels Wommels 27-12-1910 en Berltsum 27-12-1910. Ferstjoerd oan Janke Runia, Berltsum, troch Yfke Wassenaar en twa oaren.

    Waarde Ouders & Zuster.
    Daar wij Zaterdagavond laat aankwamen en het toen allemaal drukte was, waren wij niet eerder in staat U bericht te doen. Wij zijn dan na een goede reis hier aangekomen en hebben het hier goed en best naar den zin. We zijn van plan om Woensdag weer thuis te komen. Het is met ons allen wel.

    Och Janke we moeten ze maar harden tot Woensdag want de jongelui zijn zoo groen als gras ze zijn zoo zoet als koek zoo zacht als f [l]uweel, ge kunt het U niet voorstellen. Kom maar gauw eens aan dan zullen we U wel een en ander vertellen

    De jongens moeten ook eens schrijven hoor. Moeder.

Ieuwenlang wie it greiddoarp Wommels haadplak fan de gritenij en letter de gemeente Hinnaarderadiel. By de fúzje mei Baarderadiel yn 1984 ferlear it Baarderadielster haadplak Mantgum de striid om de hegemony en waard Wommels haadplak fan it nije Littenseradiel. Mar ek de gemeente dy’t as de feilichste fan Nederlân gou, is opoffere oan de goarre fan de skaalfergrutting: mei yngong fan 2018 is Littenseradiel opknipt en ferparte oer de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en De Waadhoeke. Wommels falt no ûnder it fiere, stedske Snits.

De ansicht hjirboppe lit in stikje Wommels yn better tiden sjen. De kaart waard yn 1910 tastjoerd oan Janke Runia (1884–1954), it op ien nei jongste bern fan de Berltsumer Leendert Runia, dy’t yn de akten te boek stiet as ‘gardenier’ en ‘koopman’, en syn frou Yfke Wassenaar. De lêste wie ien fan de trije ôfstjoerders fan de kaart. Yfke foege inkeld it prigelige rigeltsje oerdwers ta, dat einiget mei ‘Moeder’. It earste blokje tekst is, sjoen de oanhef, fan in broer of sus fan Janke, en it twadde blokje liket fan immen te wêzen by wa’t Yfke en dy anonime broer of sus útfanhuzen. Faaks giet it om Yfke har âldste dochter, Trijntje Runia (1873–1944), dy’t yn 1896 troud wie mei de Wommelser ‘manufacturier’ Rients Miedema.

Janke sels troude pas op har fjirtichste en wenne oant dy tiid ta by har âlden. Op de nijsgjirrige website Erfgoed Fundaasje fûn ik in foto fan har fan fóar har houlik. Janke draacht foar de gelegenheid Fryske klaaiïng; neffens de website wie dat nei alle gedachten ‘yn it ramt fan ’e setierdappelpromoasje’.

De ansicht dy’t Janke yn 1910 tastjoerd krige, is makke yn 1907, sa’t bliken docht út de koade dy’t op de achterkant printe is. Ofbylde is de Wommelser tsjerke – lang net de moaiste yn de omkriten, mar elts doarp hat no ienris rjocht op in ansicht fan it lokale godshûs. De fotograaf naam de foto fan de Keatsebaen ôf, de wei wêr’t oant likernôch 1900 noch op keatst waard en wêr’t ek it no opdoeke gemeentehûs oan stiet.

Utjouwer fan de ansicht wie de winkelman Symon van der Meer. It wie der ien út in searje fan minstens trije, fraai ynkleure en elts mei it opskrift ‘Groet uit Wommels’. De anonime produsint die lykwols ek Symon syn konkurrint oan, de koperslagger en fytsmakker Jan Douma. Dy bestelde ek sa’n searje, mar mei spesifiker opskriften, bygelyks ‘Wommels / Weg naar Franeker’ en ‘Wommels / Noord Oostkant der Terp’.

In jiermannich letter kaam by Douma in twadde searje ansichten fan Wommels út, no yn swart-wyt en mei blyndruk. De ovale fotootsjes binne foarsjoen fan in sabeare houten list mei titelskyldsje en hoekbeslach. Produsint fan dy searje wie de Berlynske firma Stern & Schiele, dy’t in logootsje brûkte mei de letters SSB. De firma hie ek ôfnimmers yn oare plakken yn Fryslân, lykas Akkrum en Skearnegoutum.

Ek fan de trije Douma-kaarten fan dat type yn myn samling is der ien ferstjoerd oan Janke Runia. Dy kaart lit de Spannumerdyk sjen mei yn de fierte it tsjintwurdige kafee It Reade Hynder. Hy is ôfstimpele op 13 july 1913 en de ôfstjoerder ûndertekenet syn boadskip folút. It giet om Janke har jongere broer Pieter Runia (1888–1962). Hy skriuwt:

    Gel. Z. [= Geliefde Zuster]
    Ik ben hier goed en wel aangekomen, en vond de familie hier in goeden welstand. Leendert is zoo goed en die slaapt ook best. Jeltje wou hebben dat ik allemaal nieuws zou schrijven, maar dat is te gek want ik kom immers morgenvroeg thuis. Gegroet van allen.
    P L Runia.

‘Jeltje’ is Jeltje Renzema, mei wa’t Pieter yn 1912 troud wie. ‘Leendert’ is harren earste soantsje; der soenen noch trije bern folgje. Lykas syn heit siet Pieter yn de ierappels. Hy en syn broer Anne wienen beide firmant fan de yn 1919 oprjochte hannelsferiening Cultura, wêr’t Berltsumer en Bitgumer ierappelbouwers út de famyljes Braaksma, Hettema, Runia en Van der Schaaf yn gearwurken.

Mûlk wie Pieter ek de skriuwer fan it earste blokje tekst op de yn 1910 ferstjoerde kaart. It hânskrift liket net alhiel oerien te kommen mei dat op de kaart út 1913, mar it brûkte skriuwark is dan ek ferskillend. Yn alle gefallen hat Janke de kaartsjes fan har famylje goed bewarre.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.