Elizabeth Bishop, In hiele keunst

 
In hiele keunst

De keunst fan it ferliezen falt te learen;
sa’n protte dingen lykje foarbestimd
om wei te reitsjen – dat is te fernearen.

Mis daagliks wat. Wen oan it misbetearen
ast kaaien kwyt bist, tiid fergriemd ferrint.
De keunst fan it ferliezen falt te learen.

Train dan yn ferlies dat tanimt, alle kearen:
fan plakken, nammen, wêr’t dyn reis omtrint
nei ta soe. Neat hjirfan kinst net ferneare.

Mem har haloazje? Fuort. En sjoch! alearen
hie ’k twa-, nee trijeris sa’n fijne went.
De keunst fan it ferliezen falt te learen.

’k Ferlear leaflike stêden; twa rivieren,
wat riken dy’t ik hie, in kontinint.
Ik mis se, mar it wie wol te fernearen.

– Sels as ik dy ferlies (skelmsk lûd, gebearten
my leaf) haw ik net liigd. ’t Is evidint,
ferlieze is gjin keunst hiel dreech te learen
al tinkst, ik kin (Skriuw op!) kin ’t net ferneare.

 

One Art

The art of losing isn’t hard to master;
so many things seem filled with the intent
to be lost that their loss is no disaster.

Lose something every day. Accept the fluster
of lost door keys, the hour badly spent.
The art of losing isn’t hard to master.

Then practice losing farther, losing faster:
places, and names, and where it was you meant
to travel. None of these will bring disaster.

I lost my mother’s watch. And look! my last, or
next-to-last, of three loved houses went.
The art of losing isn’t hard to master.

I lost two cities, lovely ones. And, vaster,
some realms I owned, two rivers, a continent.
I miss them, but it wasn’t a disaster.

—Even losing you (the joking voice, a gesture
I love) I shan’t have lied. It’s evident
the art of losing’s not too hard to master
though it may look like (Write it!) like disaster.

 

Ut Geography III, 1976. YouTube: ‘One Art’ foardroegen troch Jessica Oyelowo.

This entry was posted in Elizabeth Bishop and tagged , . Bookmark the permalink.