Poste restante XXI

    PRINSENTUIN.’ (l.û.),LEEUWARDEN.’ (r.û.), ±1900–1902. Ljochtdruk, kleurelitografy, 94×141 mm. Utjûn troch P. Spijker (Firma S. Smeding), Ljouwert. Poststimpels Ljouwert-stasjon 27-12-1902 en Boalsert 27-12-1902. Ferstjoerd oan Titia Baron, Boalsert, troch ‘Toos Pl’.

 
Op 1 jannewaarje 1900 naam Pieter Spijker (1851–1911), hikke en tein yn Ljouwert, offisjeel de boek-, kantoar- en keunsthannel fan de twa jier earder ferstoarne Sytze Smeding oer. Dy saak stie oan de Koarnmerk L 221 (no Foarstreek 23), hoeke Woartelhaven. Spijker hanthavene de namme ‘Firma S. Smeding’ en skreau oer himsels yn de Leeuwarder Courant: ‘Met dank aan allen voor het genoten vertrouwen in genoemde Firma, hoopt hij dat vertrouwen zich verder waardig te maken en beveelt hij zich beleefd in ieders gunst aan.’

Sytze Smeding hie yn syn tiid it winkeloanbod útwreide mei eigen útjeften, lykas de ienakter Oan de sédyk (1881) fan Pieter Jelles Troelstra en Het kaatsspel uitgelegd door de secretarissen van de Leeuwarder Kaatsvereeniging ‘Greate Hantsje’ (1886). Pieter Spijker smiet it oer in oare boech. Hy lei him ta op it útjaan fan wat tusken 1900 en 1910 in hype wurde soe: ansichtkaarten.

Spijker brocht gewoane én lúkse ansichten op ’e merk. Sân kipe derút. Se toane de Prinsetún, it Stedhûs, it Paleis fan Justysje, de Beurs, it tsjintwurdige restaurant De Koperen Tuin, de Willemskade en uteraard de Aldehou. It binne de kleurige en fleurige, litografearre kaders mei jugendstil-achtige ornaminten dy’t dy sân ansichten bysûnder meitsje. De ornaminten binne oanfolle mei tafrieltsjes yn de trant fan de Haachske Skoalle: in skulpefisker mei hynder-en-wein, twa froulju op it strân, in molkfaam mei kij, in man mei in hûnekarre, in bomskûte op see en twaris in mûne.

Yn minstens ien gefal giet it om in direkte ûntliening. De mûne op de kaart mei de Beurs is neffens my oerdúdlik kopiearre nei (in reproduksje fan) it skilderij In de maand juli fan Constant Gabriël út 1888, dat in jier letter oankocht waard troch it Rijksmuseum. Hat de dekorateur fan de ansichten dêr yn it Rijksmuseum skilderijen neisketst foar syn tafrieltsjes? Oannimliker is it dat hy syn foarbylden helle út in tydskrift of katalogus. Wa’t de kaarten dekorearre en wa’t se printe hat, is net bekend. Sjoen de aard fan de tafrieltsjes binne se grif besteld binnen Nederlân en net, sa’t yn de begjintiid fan de ansichtkaart ek gauris barde, yn Dútslân.

Pieter Spijker wie net de iennichste dy’t dit type kaarten meitsje liet. Ansichten mei identike kaders en mei byskriften yn in oerienkomstich lettertype en korps ken ik ek út Amsterdam, Grins, Haarlem en Rotterdam. Guon foto’s op de kaarten fan Spijker binne nammers faker brûkt. Sa komme wy de foto fan de Beurs ek tsjin op hiel oars foarmjûne kaarten dy’t útbrocht binne troch N.J. Boon yn Amsterdam en S.A. Markus yn Ljouwert.

De kaart boppe-oan dit blogje waard yn 1902, grif troch in freondintsje, ferstjoerd oan de doe fjirtjinjierrige Titia Baron. Sy wie berne yn Ljouwert op 11 juny 1888 as dochter fan Sicco Baron en Dieuwke Fennema. It kaartsje gong op ’e post nei Boalsert, dêr’t Titia útfanhuze by de beppe nei wa’t se ferneamd wie, Tietje Sieperda, widdo fan juwelier Jan Fennema. Titia har heit wie direkteur fan de Ljouwerter ambachtsskoalle. De yn 1905 realisearre nijbou oan de Menno van Coehoornstrjitte hie er syn libbenswurk fan makke, soe Titia letter ferklearje. Doe’t keninginne Wilhelmina yn 1905 Fryslân oandie, brocht sy ek in besite oan dy nije ambachtsskoalle. Titia mocht har doe in boeketsje oanbiede.

Titia gong nei de hbs en learde dêrnei ta ûnderwizeres. Yn 1913 troude sy mei de ykmaster Johannes Reinhard van Beek (1887–1968), mei wa’t se twa bern krige. Yn 1920 ferfearen se nei Nederlânsk-Ynje, wêr’t Johannes holp by it opsetten fan it ykwêzen. Fan 1927 oant 1952 wie er direkteur fan de IJkkring Noord-Holland. Ek waard er beneamd ta lektor oan de Technische Hoogeschool yn Delft. De húshâlding wenne yn dy snuorje yn Haarlem. Nei Johannes syn pinsjonearring strutsen hy en Titia del yn Huize Het Oosten yn Bilthoven.

Mar Ljouwert liet Titia net los. Sy wie abonnearre op ’t Kleine Krantsje, it advertinsjeblêd fan Fenno Schoustra fol praatsjes-mei-plaatsjes oer âld-Ljouwert, en stjoerde oant op hege leeftyd lêzersreaksjes nei de redakteur. ‘Moe en uitziend naar het einde’, sa’t har deaberjocht meidielt, ferstoar Titia Baron yn Bilthoven op 20 desimber 1989 yn de âldens fan 101 jier.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.