Emily Dickinson, 76

 
Nea sizze reinbôchkleuren -
It needwaar is foarby -
Dochs binne sy oertsjûgjender
As Riddenearderij.

Myn blommen mije Foarums -
Ferklearje dochs mei swier
Wat Cato net bewize koe
Wie ’t sûnder fûgels hjir!

 

The rainbow never tells me
That gust and storm are by -
Yet is she more convincing
Than Philosophy.

My flowers turn from Forums -
Yet eloquent declare
What Cato could’nt prove me
Except the birds were here!

 

F76 (J97). De Romeinske politikus en filosoof Marcus Porcius Cato de Jongere (95–46 f.Kr.) wie ferneamd om syn oratoaryske feardigens, dy’t er brûkte yn redefierings op it Forum Romanum. Ofbylding: Houghton Library, Harvard University, Cambridge, MA.

This entry was posted in Emily Dickinson and tagged , . Bookmark the permalink.