Berjocht foar Lomme Schokker

Bêste Lomme Schokker,

Grêf fan Hielke Hylkema.
Foto: Lomme Schokker.

Jo blog ‘Yn it ljocht fan dyn dea’ fan 5 juny oer de soldaat Hielke Hylkema, sneuvele op 3 juny 1918 yn Noard-Frankryk en beïerdige op it Amerikaanske militêre begraafplak yn Bony by Saint-Quentin, die my wat. Tegearre mei jo eardere blog fan 12 jannewaarje foarmet it in moai, mankelyk in memoriam foar in ferjitten soldaat mei in Fryske namme, dy’t fier fan Fryslân en noch fierder fan syn nije thús yn Amearika de dea fûn yn de hel dy’t no Earste Wrâldoarloch hjit.

De tekst op it krús dat syn grêf markearret meldt dat Hielke Hylkema út Illinois kaam en korporaal wie yn it sechtjinde bataljon ynfantery fan de earste difyzje fan it Amerikaanske leger. De foarljochter fan it begraafplak yn Bony hat jo meidield dat Hielke Hylkema om 1899 hinne yn Idaerd berne wie en as private (gewoan soldaat) sneuvele is, net as korporaal. Mear binne jo net oer him te witten kommen:

    ‘Wa wie dy Hielke Hylkema? […] Sûnt de dei dat ik foar it earst syn grêf seach spoeket dy namme my mar yn de holle om. Ik soe wolle dat der in tûke sneuper is dy’t mear ynformaasje oer him fine kin, it is my net slagge.’

Faaks kin ik helpe. In protte Amerikaanske argyfstikken en kranten binne tsjintwurdich op ynternet goed te rieplachtsjen, benammen fia www.ancestry.com. It is wol even saak om mei nammefarianten rekken te hâlden: nammen binne faak feringelske (lykas ‘John’ foar Johannes) of ferhaspele (bygelyks ‘Hylkewa’, ‘Hylkuna’, ‘Hylkyma’ en ‘Kylkenna’ foar Hylkema). En jo moatte de ynformaasje dy’t dy foarljochter yn Bony jo tastjoerd hat loslitte, want syn gegevens klopje net. De yn 1918 ferstoarne Hielke Hylkema waard net om 1899 hinne berne mar op 29 july 1883, en net yn Idaerd mar yn Reduzum, yn de doetiidske gemeente Idaerderadiel.

Reduzum, ±1900–1904.
Ansichtkaart, útjûn troch Sjoerd Hemminga.

Hielke wie in soan fan Bauke Hylkema (1850–1915) en Grietje Boersma (1857–1888). Heit Bauke wie yn syn jonge jierren boerefeint en stie letter te boek as keapman en slachter. Hielke hie in âldere sus, Tjitske, en in jonger bruorke, Marten. In moanne nei de berte fan Marten ferstoar mem Grytsje. Bauke troude opnij, mei de goed alve jier âldere Lolkje Postma (1838–1908). Yn it jier nei Lolkje har ferstjerren gong Bauke foar de tredde kear in houlik oan, mei de 37 jier jongere Baukje Peul (1887–1966). Trije moanne letter waard harren soan Pieter berne.

Dat healbruorke hat Hielke lykwols nea sjoen. Yn 1905, neidat er in hoart yn Friens wenne hie en ek even – grif as seizoensarbeider – yn Dútslân tahâlden hie, emigrearre Hielke nei Amearika. De reis waard ûndernommen op de s.s. Rotterdam fan de Holland–Amerika Lijn. Op 28 oktober ferliet it skip de haven fan Rotterdam en op 8 novimber kaam it oan yn New York. By oankomst joech Hielke as einbestimming fan syn reis op dat er yn Rochester, NY, by syn omke Johannes oan it wurk soe.

Omke Johannes Hylkema (1859–1928) wie him yn 1883 foargongen. Hy wurke op in farm yn Brighton by Rochester. Yn 1898 troude er mei Jessie A. Dobney (1857–1911). Johannes hie de soarch foar fjouwer bern, Anna, Martha, Mary en John junior, mar wa’t no krekt harren âlden wienen is net dúdlik; alle fjouwer waarden se berne foardat Johannes mei Jessie troude. Lykas sein bea Johannes yn 1905 ûnderdak oan syn omkesizzer Hielke. Fiif jier letter die er dat ek foar Hielke syn jongere broer Marten en de Reduzumer Pier Meintema. Dy beide jonges wienen tegearre op 18 maart 1910 mei de s.s. Nieuw Amsterdam yn New York oankommen.

Militêre stamkaart fan Hielke Hylkema.
Abstracts of World War I Military Service, New York.

Hielke hie syn heil doe al wer earne oars socht: earst yn Chicago, Illinois, stêd fan de fleisferwurkjende yndustry, en doe yn it leger. Begjin 1908 lit er him rekrutearje. As berop jout er ‘butcher’ op, it fak dat syn heit ek útoefene. De klerk notearret as uterlike skaaimerken: lingte 5 feet en 8 inches (173 sm), blauwe eagen, ljochtbrún hier en in ‘ruddy’ gesichtskleur. Hoe betrouber dy beskriuwing is? As Hielke yn ein 1910 bytekenet, hat er noch altyd blauwe eagen, mar is syn hier ‘flaxen’ en syn gesichtskleur ‘fair’. Syn steat fan tsjinst is beide kearen ‘Excl.’ (eksellint).

Dan fljocht in grut part fan de wrâld yn ’e brân: yn Europa brekt The Great War út. Yn ’t earstoan wol Amearika him ôfsidich hâlde, mar der giet fan Dútslân te folle driging út. Op 6 april 1917 ferklearret Amearika Dútslân de oarloch. Op 17 juny is beropsmilitêr Hielke Hylkema al oan bar om de oseaan oer te stekken en tsjin de Dútsers te fjochtsjen. In lyts jier letter, op 3 juny 1918, sneuvelet Hielke. Neffens de ynformaasje dy’t de kranten op gesach fan it ministearje fan definsje ôfprintsje, wie Hielke killed in action – as private, mar neffens syn militêre stamkaart wie er op 28 febrewaarje 1918 noch befoardere ta korporaal, de rang dus dy’t fermelde stiet op it krús op syn grêf.

Grêf fan Marten Hylkema.
Foto fan www.findagrave.com.

Neffens dyselde stamkaart is berjocht dien fan Hielke syn ferstjerren oan syn heit Bauke yn ‘Roordahingun’. It is te hoopjen dat dy post yn Reduzum oankommen is. Bauke sels libbe nammers al net mear. Hielke syn jongere broer Marten bleau út it leger en ferstoar yn 1935 yn Rochester. Hy leit dêr begroeven op Brighton Cemetery.

Mei freonlike groetnis,
Klaas van der Hoek

This entry was posted in Flessepost and tagged , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.