Hoe’t Sietzema’s skriuwen leare

De kolleksje fan it eardere Nederlandsch Schoolmuseum, dy’t bewarre wurdt by de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam, befettet tsientallen skoalskriften mei skriuwoefenings. Juster kaam der ien foar it ljocht dat sicht jout op de learmiddels dy’t de skoalmasters yn Burgum en Rottefalle brûkten yn de iere njoggentjinde ieu.

Fiktive faktuer fan T.L. (de) Kat foar
J.H. Brouwer. Skriuwoefening fan Jan Gaukes
Sietzema. Burgum, 30-09-1813.

It is in foddich ding: it skriftke fan 88 siden hat gjin omslachje mear, is betomke, snústerich en licht ferfilte. Ek it skriuwwurk kin gjin sprekken lije. En dan dy toarre teksten: deugdsume rymkes en sechjes, godfruchtige sitaten út de Skrift en in psalmboek, fiktive faktueren… Aardich oan it skriftke is lykwols dat it út Fryslân komt en brûkt is troch op syn minst trije bern út ien húshâlding, oer in tiidrek fan hast tolve jier.

It giet om de húshâlding fan de yn Rottefalle wenjende Gauke Jans Sietzema (1762–1818) en Jeltje Annes Faber (1773–1848), dy’t seis bern krije soenen. De âldste, Jan Gaukes Sietzema (1804–1875), nimt as earste it skriftke yn gebrûk. Tusken 27 septimber en 14 oktober 1813 follet de dan njoggenjierrige Jan tolve siden mei skriuwoefenings, ornaris foarsjoen fan in deitekening. Sa witte wy dat Jan net yn Rottefalle mar yn Burgum op skoalle sit.

It foarbyld foar de fiktive faktuer, yn
Opstellen tot voorschriften om na te schrijven,
ten dienste der scholen in het Koningrijk
Holland
, Amsterdam 1809, s. 192.

Ien fan de teksten dy’t Jan oerskriuwt, is ûntliend oan it Spel- en lees-boekjen voor eerst beginnenden, foar it earst ferskynd yn 1786. En de beide fiktive faktueren dy’t er opstelt, komme fierhinne oerien mei twa foarbyldnota’s yn Opstellen tot voorschriften om na te schrijven, ten dienste der scholen in het Koningrijk Holland út 1809.

Noch wer in oare tekst komt út de ytlike kearen werprinte Proeve van kleine gedigten voor kinderen fan Hieronymus van Alphen út 1778. It giet om it populêre ferske ‘Het hondjen’, dat sels noch opnommen waard yn de Spiegel van de Nederlandse poëzie door alle eeuwen út 1939:

Hieronymus van Alphen, ‘Het hondjen’.
Skriuwoefening fan Jan Goukes Sietsema.
Burgum, 04-10-1813.

    Hoe dankbaar is mijn kleine hond
          Voor beentjes en wat brood!
    Hij kwispelstaart, hij loopt in ’t rond,
          En springt op mijnen schoot.
    Mij geeft men vleesch en brood en wijn,
          En dikwijls lekkernij:
    Maar kan een beest zo dankbaar zijn,
          Wat wagt men niet van mij!

Op de skriuwoefenings lit Jan noch alve siden rekkensommen folgje. Syn bruorke Geeuke Gaukes Sietzema (1811–1893) nimt it stokje oer. Hy follet twa siden en jout dêrby beide kearen al in plak, Rottefalle, mar gjin datums op. En dan giet Bouwe Gaukes Sietzema (1814–1884), it jongste bern fan Gauke en Jeltsje, oer it skriftke gear. Hy draait it om sadat de achterkant foarkant wurdt en pinnet tusken 14 desimber 1824 en 2 maaie 1925 – hy is dan tsien jier – acht siden fol.

‘Hij, die de deugd betracht’.
Skriuwoefening fan Bouwe Goukes Sietzema.
Rottefalle, 10-01-1825.

Bouwe ûntlient, direkt of yndirekt, guon teksten oan it al neamde boekje Opstellen tot voorschriften om na te schrijven, ten dienste der scholen in het Koningrijk Holland út 1809, yn 1823 werprinte ûnder in oan de nije politike werklikheid oanpaste titel: … in het Koningrijk der Nederlanden. Yn dat boekje stiet bygelyks de troch Bouwe kopiearre tekst ‘Hij, die de deugd betracht, / Haar lessen houdt in waarde, / Heeft steeds een zoete rust, / Een paradijs op aarde’.

Fierders steane der noch in skriuwoefening fan de Rottefalster Klaas Lippes Veenstra, twa anonime skriuwoefenings en wat losse oansetten yn it skriftke. Net ien fan de skriuwsels jout nammers de yndruk dat de jonges der botte flyt op dien hawwe. Sa te sjen hienen se der gjin aardichheid oan (wat ik my skoan yntinke kin) of faaks koenen se gewoan net better.

This entry was posted in Fynsten and tagged , , , , , , . Bookmark the permalink.