Poste restante XXII

    ‘Uit Heerenveen / Kom ik gevlogen […]’ (r.û.), 1905. Kleurelitografy, boekdruk, 89×140 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpels It Hearrenfean 25-08-1905 en De Lemmer 25-08-[1905]. Ferstjoerd oan Ytje Jongsma, De Lemmer, troch Jakob Kroondijk.
    Waarde Nicht!
    Ik feliciteer u van ganscher harte met uwe verjaring. Ook wordt ge van V. en M.
    [= Vader en Moeder] gefeliciteerd. Als alles goed is, kom ik Zaterdag a.s. bij u te logeeren. Hier alles wel, en ik hoop van u allen hetzelfde. Zijt gegroet.

It is in boadskipper, dizze fûgel, dat is dúdlik. Hy hat in slúfke oan in koardsje om ’e nekke, as wie er in sint-bernard mei in fetsje brandewyn oan de halsbân. It boadskip is ferfette yn it berime byskrift: ‘Uit Heerenveen / Kom ik gevlogen / En breng U met den meesten spoed / Een hartelijk tot weerzien / En een vriendelijken groet.’

Mar it is in frjemde fûgel. De foarm fan de sturt en de tekening op de wjukken binne sûnder mis dy fan in do, mar de kop fan it bist liket my earder dy fan in swel ta. No bin ik gjin fûgeltsjeman, mûlk hat de tekener wiswier in oannimlike do werjûn. Mar it kin ek wêze dat er, al of net bewust, twa besibbe ikonografyen kombinearre hat: dy fan de do en dy fan de swel as bringer fan goed nijs en mear yn it algemien fan leafde, lok en frede.

De do as goednijsbringer giet werom op de do dy’t nei de sûndfloed troch Noach út de arke loslitten waard en mei in oliveblêd yn ’e snaffel weromkaam. It ferskynsel ‘postdo’ spilet fansels ek mei. Allyksa hat de swel yn ús kultuer fanâlds de namme dat er blide tiding bringt. Yn Sweltsjes fan Gaast (2014) wijt Theunis Piersma in moai haadstikje oan de reputaasje fan swellen as ‘oansizzers’ fan de simmer en as ‘de bringers fan lok’.

Op ansichten mei in swel as boade giet it eins altiten om boereswellen – dy sykje ommers de neibyens fan minsken op. Is de boadskipper in do, dan is dy meastentiids wyt. Ornaris hat sa’n swel of do in slúfke yn ’e snaffel, mar it kin ek in klaverfjouwer (lok) of in olivetûkje (frede) wêze. Hiel gol is it Ljouwerter spantsje boereswellen hjirnêst, dat klaverfjouwers yn ’e snaffels hâldt en ek noch in grut read hert fan blomkes meitôget.

De kaart boppe-oan dit blogje wie foar Ytje Jongsma, by gelegenheid fan har alfde jierdei. Ytsje wie berne yn 1894 yn Skoatter Uterdiken (no Bantegea) as dochter fan Cornelis Jongsma en Klaasje Hofstee. Har heit, in boer, ferstoar doe’t Ytsje fjouwer jier wie. Har mem troude opnij mei de widner Albert Peereboom, dy’t op ’e Lemmer wenne. Ytsje troude yn 1918 mei de dûmnyssoan Hendrik Casper Eringa, ‘manufacturier’ yn Snits. Fjouwer moanne letter rekke Hindrik wei. Wierskynlik wie er ien fan de minstens tsien minsken dy’t yn de nacht fan 17 op 18 novimber yn Snits beswieken oan de beruchte Spaanske gryp, sa’t guon kranten berjochten. Yn 1928 gong Ytsje opnij in houlik oan, mei de widner Berend van Halsema (1886–1963), in griffermearde dûmny. Ytsje ferstoar yn Hilversum yn 1963.

De ôfstjoerder fan de ansicht sprekt Ytsje oan mei ‘Waarde Nicht’, mar winliken wie sy fan him in achternicht. Jakob Kroondijk wie berne yn Dolsterhuzen yn 1889 as soan fan Auke Kroondijk en Chrisje Pals en as pakesizzer fan Hans Kroondijk, in oerpake fan Ytsje. De húshâlding fan Auke en Chrisje ferfear letter nei Oranjewâld. Soan Jakob studearre medisinen yn Amsterdam, troude mei Nieske Brouwer (1891–1983) en waard húsdokter yn Oene (by Epe) en dêrnei gemeente- en skoalarts yn Gouda. Letter wie er bestjoerder by de Nederlandse Centrale Vereniging tot Bestrijding der Tuberculose. Jakob ferstoar yn 1970 yn Rotterdam. Syn kollega en freon Izak Wessel betocht him yn it Nederlands Tijdschrift voor Geneeskunde: ‘Een trouwe, toegewijde vriend is heengegaan. Zijn rechtlijnige geest en zijn bescheidenheid zijn deze Fries zijn gehele leven eigen gebleven.’

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.