Nicole Sealey, Objektpermaninsje

 
Objektpermaninsje

(FOAR JOHN)

As binne wy ferrast dat de oar der noch is,
sa wurde wy wekker. Aaie it lekken, ’t is wier.

Hoe’t wy it oprêden hawwe en fyn it paad
nei dit bêd – hâlden ta gleonens sa’t de dage

ferplichte is ta ljocht. Wy binne net sa sels-
ynnommen dat wy miene, alles hat

hjirhinne laat, mar alles hat hjirhinne laat.
Der is in namme foar it dier

dat de leafde fan ús makket – neamd, tink ik,
nei it lûd dat it makket, lykas rein.

Do bist it dier dêr’t oare dieren nei neamd
binne. Oant der gjint oer is om te laitsjen,

sille dagen begjinne mei itselde skriljen
en einje mei rûpen dy’t molktiksel skrokke.

O, hoe’t wy de ingels fermeitsje
mei ús koarte oeralligens. O,

hoe’t ik dy misse sil as wy dea binne.

 
Oantekening fan de auteur. Objektpermaninsje is it besef dat objekten bestean bliuwe ek as sy net waarnommen wurde kinne.

 

Object Permanence

(FOR JOHN)

We wake as if surprised the other is still there,
each petting the sheet to be sure.

How have we managed our way
to this bed—beholden to heat like dawn

indebted to light. Though we’re not so self-
important as to think everything

has led to this, everything has led to this.
There’s a name for the animal

love makes of us—named, I think,
like rain, for the sound it makes.

You are the animal after whom other animals
are named. Until there’s none left to laugh,

days will start with the same startle
and end with caterpillars gorged on milkweed.

O, how we entertain the angels
with our brief animation. O,

how I’ll miss you when we’re dead.

 
Note from the author. Object permanence is the understanding that objects continue to exist even when they cannot be observed.

 

Ut Ordinary Beast, Ecco, New York 2017. Oernommen mei tastimming fan de auteur.

Nicole Sealey waard berne yn St. Thomas, Virgin Islands, groeide op yn Apopka, Florida, en wennet yn New York. Yn 2017 ferskynde har bondel Ordinary Beast, dêr’t sy de finale fan de PEN Open Book Award 2018 mei helle. Yn 2015 wûn sy de Drinking Gourd Chapbook Poetry Prize, wat resultearre yn de publikaasje fan har ‘chapbook’ The Animal After Whom Other Animals Are Named. Nicole Sealey is direkteur fan de Cave Canem Foundation, in organisaasje dy’t it wurk fan Afrikaansk-Amerikaanske dichters promoot. Op ’t heden is sy ek gastdosint oan Boston University en gastdichter oan The City College of New York.

This entry was posted in Nicole Sealey and tagged . Bookmark the permalink.