Poste restante XXIII

    PRIKWEG, NIEUW BEETS’ (l.b.), ±1915–1920. Ljochtdruk, 88×136 mm. Utjûn troch Jippe van der Duim, Nij Beets, nû. 28862. Poststimpel Nij Beets 16-09-1920. Ferstjoerd oan Rienkje bij de Leij, Drachten, troch ‘R’.

    Beets, Woensdag

    Beste R.
    Je briefkaart ontvangen en we zullen je Zaterdag verwachten hoor; ik wilde me ook al een nacht bij jullie aanmelden, doch dat kunnen we dan wel afspreken. Moeke zegt, je moet maar bericht van huis meenemen, wanneer je Vaa en Moe hier nu een nacht komen.
    Ik hoef niet naar Drachten te teekenen, zoodat je dus niet op mij behoeft te wachten. Als ’t mooi weer is, haal ik je denkelijk wel een eindje af, je gaat toch zeker niet eerder dan half vier of vier uur uit Hoornsterzw
    [aag]. Nu de groeten van allen. R.

Hy sjocht der op dizze yn 1920 ferstjoerde ansicht sa rustyk út, de Prikkewei yn Nij Beets, mar it wie dêr ien en al earmoed yn dy tiid. Noch ytlike desennia nei de stichting fan Nij Beets yn 1863 libben en wurken feanarbeiders en harren húshâldings dêr yn ellinde. De arbeiders barden foar hurd bealgjen in bedroefd lyts bytsje lean, se wennen yn behyplike wenninkjes en spitketen, de feanbazen leinen twongen winkelnearing op en der wie analfabetisme, drankmisbrûk, krapte oan iten en sykte. Struktureel ûnrjocht dat sosjale ûnrêst joech; geregeldwei brutsen wylde stakings út, it bollejeien.

De útjouwer fan de ansicht, de Beetster Jippe van der Duim, hie sels feanarbeider west, mar yn 1911 wie er oan it baantsje fan helppostkantoarhâlder slagge. Lykas mear brievegarders fertsjinne er in grypstoer by mei de ferkeap fan ansichten. De earmoed yn Nij Beets en omkriten skimeret al wat troch op in oare ansicht fan de Prikkewei, útjûn tusken 1905 en 1907 troch Wieger Numan fan Beetstersweach. Rjochts in houten klinte. Op in ynset linksboppe steane trije feanarbeiders rûnrêgich te turfstekken. Plankjes ûnder de klompen moatte ferhinderje dat de fuotten yn de dridze weisakje.

De Prikkewei is gâns feroare; op de ansicht hjirnêst, ferstjoerd yn 1941, riist al nijbou op. Mar de neitins oan de earmoed fan eartiids wurdt yn Nij Beets libben hâlden, yn iepenloftmuseum It Damshûs. En de bodders foar in better bestean wurde eare yn it byld De appèlmaster fan Karianne Krabbendam en yn ferskate strjitnammen. Sa waard de parallel oan de Prikkewei rinnende Strjitwei yn 1952 omdoopt ta Domela Nieuwenhuiswei, nei de ferneamde sosjalist en lettere anargist dy’t yn 1890 Nij Beets besocht om in grutte kliber stakende feanarbeiders ta te sprekken.

Ek de Van Eedenstrjitte, de Hoenstrjitte en de Nawijnstrjitte, hjirnêst op in ansicht út 1959, bringe yn harren nammen hommaazje oan striders foar sosjale herfoarming. De utopyske skriuwer Frederik van Eeden hie, nei it model fan syn koloanje Walden yn Bussum, yn 1903 yn Nij Beets de koloanje Frij Fryslân opset, dy’t laat waard troch in Beetster geastessibbe, de idealistyske feanarbeider Jan Hoen. En de Beetster ûnderwizer Tjepke Nawijn spruts skande fan de misstannen yn de feanterij en waard yn 1892 foar it gerjocht sleept op beskuldiging fan mislediging fan in feanbaas; Pieter Jelles Troelstra stie him by as abbekaat.

De ûntfangster fan de ansicht boppe-oan dit blog sil harren striid begrepen hawwe. Rienkje bij de Leij waard op 16 maaie 1901 berne yn in read nêst en hat op har eigen wize krewearre foar in stikmannich typysk sosjalistyske idealen. Doe’t Rienkje de ansicht krige, wie se njoggentjin en siet se by de oannimmer Klaas van der Veen yn Drachten yn de kost. Sûnt in jier wurke sy op kantoar by de Drachtster drukkerij en útjouwerij Laverman. Dy hie doe krekt fan Jan Kuiken yn Sint Anne it printsjen fan De Blauwe Vaan oernommen, it wykblêd fan de Nederlandsche Vereeniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken, ornaris koartwei oantsjut as de NV. Rienkje krige de administraasje fan it tydskrift op har noed. Nêst har baan by Laverman die Rienkje bestjoerswurk binnen de ôfdieling Drachten fan de NV en binnen de ôfdieling De Gordyk fan de Arbeidersvereeniging voor Lijkverbranding (in Drachtster ôfdieling kaam net fan de grûn). Rienkje ferstoar op 12 juny 1974 yn Drachten en waard kremearre yn Goutum. Sy is nea troud.

Immens bibleteek of samling of browse-skiednis kinne ferklappe wat ien dwaande hold. Yn it gefal fan Rienkje helpe har plakboeken. Dy wurde bewarre yn Tresoar, tegearre mei pakken kranteknipsels dy’t noch ynplakt wurde moasten. Der binne plakboeken by mei it opskrift Drachtens Vooruitgang, dy’t knipsels oer wenningbou, nije ynfrastruktuer en yndustry en bettere sosjale foarsjennings befetsje. Oare plakboeken binne wijd oan Bijzondere Gebeurtenissen en oan Amusement oftewol it pleatslike muzyk- en teaterlibben: sekuer folge Rienkje wat en wa’t der yn Drachten op ’e planken en foar it buordsje kaam. As útsetter is der noch in plakboekje mei Grappen en Versjes. Rienkje leaude yn foarútgong en hold fan sang, toaniel en koartswyl, dat is dúdlik. Se wie grif ek sels lid fan sjong- en toanielferienings. Yn alle gefallen song se, neffens in programma yn har argyfke, solo in liet op in feestjûn fan Arbeiders Zangvereeniging De Dageraad op 9 febrewaarje 1926, yn Hotel De Phoenix yn Drachten.

Yn har maatskiplike oertsjûgings likegoed as yn har leafhawwerijen wie Rienkje in dochter fan har heit. Jan bij de Leij (hjirnêst op in foto út de kollekje fan Tresoar) hat him as skoalhaad en benammen as organisator en aktivist tige ynspand foar it ferbetterjen fan it libbenspeil fan de earme befolking yn Jobbegea en Hoarnstersweach. Berne yn Hallum yn 1864 as soan fan in winkelman, learde Bij de Leij ta ûnderwizer. Hy waard kwekeling yn Jobbegea-Skuorregea en dêrnei ûnderwizer yn Jobbegea Tredde Slús, om yn 1912 skoalhaad te wurden yn Hoarnstersweach. As ûnderwizer stimulearre er sport en sang, holp er syn learlingen – arbeidersbern – safolle mooglik hegerop en ivere er foar better ûnderwiis en steatspensjoen.

Dêrnêst wie Jan bij de Leij warber as in fûl drankbestrider, as esperantist, bestjoerder en ferieningsman, en as Frysk skriuwer fan lieten en fersen (ûnder mear foar it Frysk ûnthâlders-lieteboekje) en fan de faken opfierde fleurige ‘neistikjes’ Ik smook (1907) en It testemint (1918). Yn 1924 naam er fanwegen syn sûnens ûntslach en sette er him mei syn frou Hendrikje de Jong nei wenjen yn Apeldoarn, dêr’t er warber wie yn de Fryske krite. Yn 1931 repatriearre it echtpear wer nei Fryslân en wennen se yn Drachten, tichtby dochter Rienkje. Jan bij de Leij ferstoar yn 1935 en waard kremearre yn Westerveld. ‘Tijdens het dalen van de baar werd een Friesch vers gezongen’, skreau het Nieuwsblad van Friesland.

Master Bij de Leij stie yn Jobbegea-Hoarnstersweach en omkriten heech yn oansjen. Doe’t der yn 1950 in nije wei oanlein waard tusken Jobbegea Tredde Slús en Hoarnstersweach, wie Bij de Leij oan bar om ferneamd te wurden. It wie Rienkje dy’t op 2 novimber 1950 it lintsje trochknippe mocht by de iepening fan de Master Bij de Leijwei. Sy die dat mei ‘een roodbestrikte schaar’, sa’t yn de Heerenveense Koerier te lêzen stie. ‘Een eenvoudige plechtigheid, maar in zijn symboliek van grote betekenis’, foege de krante dêr oan ta. Ek oare kranten dienen yn wurd en byld ferslach fan de iepening, en Rienkje plakte de stikjes yn har plakboeken. Op ien fan de knipsels, mûlk út de Dragtster Courant, sjogge wy Rienkje (rjochts, mei bril) en har jongere suster Catolina van der Velde-bij de Leij, mei in ûnbekende ynwenster fan Hoarnstersweach tusken harren yn.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.