Poste restante XXIV

    ‘Leeuwarden’ (r.b.), ±1901–1902. Kleurelitografy, blyndruk, 90×140 mm. Utjûn troch Pieter Spijker, Ljouwert. Printe troch Kunstanstalt Rosenblatt, Frankfurt am Main, nû. 8073. Poststimpels Ljouwert 25-05-1903 en Hallum 26-[05]-1903. Ferstjoerd oan Henderika Albertina Schaafsma, Hallum, troch Sierd Harmen Schaafsma.

    Mijn “Odol” is op. Krijg ik als je a.s. Zaterdag thuis komt een nieuw doosje? De ansicht is ’t wel waard.
    S.H. Schaafsma Az.

 

Kolleksje Deventer Musea.

Jawis, dizze ansicht wie grif wol in doaske Odol wurdich. Under dy merknamme produsearre de Dresdener firma Lingner mûlwetter, toskpasta en toskpoeder, en dat lêste sil Henderika Albertina Schaafsma wol foar har broer Sierd Harmen meinimme moatten hawwe. Odol toskpoeder waard ferkocht yn rûne blikken doaskes. Neffens in advertinsje yn de Haagsche Courant fan 5 oktober 1903 koste sa’n doaske yn de winkel fan Henri van Westerborg 7½ sinten. Ansichten gongen by Haagsche Henri oer de toanbank foar 1 sint. Mar de ansicht dy’t Sierd syn suster stjoerde, sil him mear sinten koste hawwe, al wit ik spitigernôch net hoefolle. It is in rynsk dekorearre ding yn gromolitografy (stiendruk yn kleur), mei blyndruk en fegen fernis deropta, ekstra’s dy’t de foarstelling noch mear djipte jouwe. Op de ansicht stiet in grutte klaverfjouwer, mei op elk bledsje in fan in foto neitekene Ljouwerter stedsgesichtsje.

It wie de Ljouwerter boekhanneler Pieter Spijker (sjoch oer him Poste restante XXI) dy’t Sierd syn ansicht meitsje litten hie, hielendal yn Frankfurt am Main, by Kunstanstalt Rosenblatt. Dy firma, eigendom fan Adolf en Isaak Rosenblatt, lei him ta op gelegenheidsprintwurk yn gromolitografy. Sûnt 1892 brochten de Rosenblatts topografyske ansichten op ’e merk fan plakken yn hiel West-, Midden- en East-Europa. Doe’t de ansichtenkaarte-hausse yn Europa wat oer syn hichtepunt hinne rekke en djoere litografearre ansichten mear en mear bekonkurrearre waarden mei kaarten yn goedkeaper techniken, wreiden de Rosenblatts harren aktiviteiten út nei Amearika. Dat wie yn 1903. It late bygelyks ta prachtige ansichten fan Florida mei in omlisting fan alligators.

In grut part fan de Rosenblatt-produksje bestiet út ansichten mei ien oant seis stedsgesichtsjes en wat tierlantijnen deromhinne tsjin in blanko achtergrûn, ansichten dy’t kwa type en styl net ferskille fan wat oare Dútske printers-útjouwers doe yn dat sjenre makken. In hiel eigen karakter hienen lykwols de saneamde passepartout-kaarten dy’t de Rosenblatts sûnt likernôch 1902 op ’e merk brochten. Op dy kaarten – Sierd sines is der in foarbyld fan – is it hiele flak beprinte en binne de stedsgesichtsjes werjûn op, of omliste troch, byldfoljende motiven út de natuer. Guon motiven symbolisearje gelok (klaverfjouwers), in goede fangst (fisken) of in golle rispinge (appels, parren, kersen, krúsbeien, druven, wynranken). Oare motiven lykje minder betsjutting te hawwen, mar roppe, foar wa’t wol, it rûzjen fan de see (skulpen) of de roken fan in hjerstbosk op (dinappels, ikeblêden mei ikeltsjes).

Dy nije searje kaarten wie opnij in ynternasjonaal sukses. Ek yn Nederlân hie de firma Rosenblatt ôfnimmers yn tal fan stêden, fan Grins oant Flissingen ta (in oersjoch biedt it webstee Nederland in lithografische ansichten). Yn Fryslân wienen der fjouwer winkellju dy’t saken dienen mei de Rosenblatts, mei seis ‘Fryske’ Rosenblatt-ansichten as risseltaat. De al neamde Pieter Spijker joech der trije út fan Ljouwert en Rykele van der Meulen, Haye Schotsman en Minze Hamstra bestelden elk ien fan respektivelik Snits, De Lemmer en Harns. De Rosenblatt-ansicht fan Snits hat, krekt as dy fan Ljouwert fan Sierd, in klaverblêd mei fjouwer stedsgesichtsjes. De beide oare ansichten fan Ljouwert hawwe appels en parren, dy fan it fiskersdoarp De Lemmer hat hiel tapaslik in skol en dy fan Harns – dy’t yn myn samling noch ûntbrekt – hat in krâns fan skulpen.

It binne foar Fryslân ûngewoan lúkse en moai printe kaarten. De Rosenblatts fierden net inkeld it fêste repertoire oan motiven mar ek de wikseljende stedsgesichtsjes yn gromolitografy út. Dêrmei ûnderskaten se harren fan konkurrinten dy’t de Rosenblatt-passepartout-kaarten neimakken, mar dan de stedsgesichtsjes of sels de hiele kaart yn goedkeaper techniken útfierden. De Dútske samler Helmfried Luers, dy’t yn nûmer 17 fan syn tydskrift The Postcard Album wat feiten oer de firma Rosenblatt byienswile hat, skreau dêroer: ‘While other publishers/printers had their chromolitho borders preprinted and then added the individual views by collotype or halftone printing processes, Rosenblatt did the complete picture side by chromolitho process only. This gives their cards a homogeneous look and the touch of quality. And Rosenblatt’s printing quality was indeed always very good to excellent!’

Of sa’t Sierd Harmen Schaafsma al skreau: wol in doaske Odol wurdich. Syn suster sil wiis west hawwe mei de kaart. Henderika Albertina, te wrâld kaam yn Feanwâlden yn 1880, learde ta ûnderwizeres en stie in jiermannich foar de klasse yn Hallum. Yn 1918 troude sy mei de Grinslanner ûnderwizer Berend Boelema (1882–1930). Henderika ferstoar yn 1972 yn Grins en leit dêr by Berend en har skoanâlden begroeven op de Noorderbegraafplaats. Har broer Sierd, berne yn Feanwâlden yn 1882, wie ek ûnderwizer, oan in ambachtsskoalle yn Apeldoarn. Hy wie ferloofd mei Jacqueline Johanna van der Noordaa (1886–1975), mar noch foar’t it oan trouwen ta wie kaam Sierd, 29 jier âld, yn 1912 te ferstjerren. Fjouwer moanne letter ferfear Jacqueline fan Apeldoarn nei Amsterdam om dêr ferpleechster te wurden.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.