Emily Dickinson, 722

 
Op Dienmakke Bestean
Falt neat sa kâldbedaard -
As Libbens sêfte Ofrekken -
Fan Klokken en in Baar -

Komt in ûnthechtsjend Lûd -
Foar ’t Ear - Wa’t stjert benei -
Bekrânzing - en Begraffenis -
Gean groetsjend - lâns de Wei -

 

Opon Concluded Lives
There’s nothing cooler falls -
Than Life’s sweet Calculations -
The mixing Bells and Palls -

Makes lacerating Tune -
To Ears the Dying side -
’Tis Coronal - and Funeral -
Saluting - in the Road -

 

F722 (J735). Ofbylding: Houghton Library, Harvard University, Cambridge, MA.

This entry was posted in Emily Dickinson and tagged . Bookmark the permalink.