Emily Dickinson, 744

 
Yn Grûn - ferbliuw fan de Narsis -
Dêr giet ek Sy beskûl -
Har Meitser - Har Metropolis -
Har Helpster - it Hielal -

Har Sier jaan - Kleur en Swier en Rom -
Is oan it Firmamint -
It putsje - Har te plôkjen om
Oan Dy te jaan - is mynt -

 

She dwelleth in the Ground -
Where Daffodils - abide -
Her Maker - Her Metropolis -
The Universe - Her Maid -

To fetch Her Grace - and Hue -
And Fairness - and Renown -
The Firmament’s - To pluck Her -
And fetch Her Thee - be mine -

 

Dickinson stjoerde ôfskriften fan dit fers oan har skoansus Susan Gilbert, oan har nichten Louisa en Frances Norcross en oan in ûnbekende. Frances Norcross makke in oantekening dat Dickinson der in krokus byfoege hie, en by it ôfskrift foar in ûnbekende binne restanten bewarre bleaun fan wat yndie in krokus liket te wêzen.
      De earste beide rigels klinkt Psalm 91:1 yn troch. De King James Bible hat: ‘He that dwelleth in the secret place of the most High shall abide under the shadow of the Almighty.’ Yn de Wumkes-oersetting is dat: ‘Dy’t yn it skûlplak fen ’e Allerheechste sit, scil oernachtsje yn it skaed fen ’e Almachtige.’

F744 (J671). Ofbylding: Houghton Library, Harvard University, Cambridge, MA, it ôfskrift dat Dickinson stjoerde oan Susan Gilbert.

This entry was posted in Emily Dickinson and tagged , , , . Bookmark the permalink.