Elizabeth Bishop, Sliepeleazens

 
Sliepeleazens

De moanne yn de kaptafelspegel
sjocht miljoenen milen fier
(faaks ek mei grutskens nei harsels,
mar noait, noait sjocht sy blier)
en withoefier oan de sliep foarby
of faaks sliept sy it leafst oerdei.

Soe it Universum har ferlitte,
dan winsket sy dat nei de hel
en fynt sy wol in wetterlichem
of in spegel, en jout har del.
Dat wuolje noed yn spinreach
en lit it falle yn de wel,

dy wrâld fan it oarsom yn,
dêr is links altiten rjochts,
dêr binne skaden echt de lea,
dêr wekje wy hiel de nacht troch,
dêr is de himel skol as de see
no djip is, en leavesto my.

 

Insomnia

The moon in the bureau mirror
looks out a million miles
(and perhaps with pride, at herself,
but she never, never smiles)
far and away beyond sleep, or
perhaps she’s a daytime sleeper.

By the Universe deserted,
she’d tell it to go to hell,
and she’d find a body of water,
or a mirror, on which to dwell.
So wrap up care in a cobweb
and drop it down the well

into that world inverted
where left is always right,
where the shadows are really the body,
where we stay awake all night,
where the heavens are shallow as the sea
is now deep, and you love me.

 

Ut A Cold Spring, 1955. YouTube: Lee Hoiby, Insomnia, 1990. Utfierd troch Haley Sicking (sopraan) en Anastasia Markina (piano).

This entry was posted in Elizabeth Bishop and tagged , , , . Bookmark the permalink.