Obe yn Mokum

Amsterdam, 11 desimber 2019 – Wylst der op Twitter werris wrokkich folk, mei blokkearfriezinne Jenny Douwes foarop, tekeargong tsjin it ferdjerlike Amsterdam, teagen yn dy stêd sa’n sechtich minsken nei it poëzypoadium Perdu foar in (Hollânsktalige) jûn oer Obe Postma. Seis sprekkers en performers gongen dêr oan de Kloveniersburgwal, middenyn dy freeslike Grachtengordel, gear oer it wurk fan de Fryske plattelânsdichter by útstek.

Obe Postma as studint yn Amsterdam. Foto troch F.D. van Rosmalen jr., Amsterdam. Kolleksje Tresoar.

Yn syn ynliedinkje sketste presintator Martin Reints hoe grut de kultuerskok foar Postma west hawwe moat doe’t er yn 1886 fan it doarpke Koarnwert nei it mondêne Amsterdam gong om dêr wis- en natuerkunde te studearjen. En folle letter, yn it gedicht ‘Te Harns’, liet Postma noch útkomme dat hy net lykas Goethe en Rilke fier fuort hoegde foar wat dynamyk yn syn bestean: in reis nei Harns wie al genôch om net ‘alheel deselde’ te bliuwen. Likegoed hat er him yn Amsterdam thús field. Syn biograaf Philippus Breuker skriuwt: ‘Postma hat yn Amsterdam mominten fan grut gelok hân. De stêd joech alles wêr’t syn iepen geast ferlet fan hie.’

De earste sprekker wie dichter, columnist en NRC-redakteur Marjoleine de Vos. Sy boude har betooch op oan de hân fan de fersen ‘Dichters binne sjenners?’ en ‘Yn maart’ en beklamme it hjir-en-no-karakter fan Postma syn poëzy: fersen oer in wrâld dy’t der is om gewaar te wurden en part fan te wêzen, net om oer nei te tinken; fersen oer de besteande, net oer in tochte wrâld. Postma soe neffens De Vos net dichtsje oer wat skûlet yn syn geast, mar oer wat er sjocht foar syn foet. Sy seach datoangeande oerienkomsten mei de fersen dy’t Fernando Pessoa skreau ûnder it heteronym Albert Caeiro en mei it wurk fan Nescio.

Obe Postma nimt it lidmaatskip oan fan de feriening foar studinten wis- en natuerkunde H.A.R.T.I.N.G., 7 novimber 1887. Kolleksje Allard Pierson, Universiteit van Amsterdam.

Justjes oars lei dichter, essayist en oersetter Eeltsje Hettinga de aksinten. Hy wiisde derop dat Postma bytiden yn lânskip en natuer no krekt de útdrukking fan in algeast, in wrâldsiele ûntware, sa’t ek Herman Gorter dat wol dien hie. Fierder as inkeld natuerlyryk rikte ek Postma syn heldersjende foarsizzing fan de agraryske skaalfergrutting en yndustrialisaasje dy’t ûnderwilens it Fryske greidelânskip syn biodiversiteit fierhinne ûntnommen hawwe. In oanset ta rural myth levere Hettinga nammers mei de anekdoate (liend en oanpast, mar soks sizze je der fansels net by) dat Postma ûnder Burchwerters de namme hie oer in poeier te beskikken dat him frijwarre fan sykte en âlderdom: ‘Witst wat er útfûn hat? Hy fret kinine!’

Tiid foar teäter. Dichter en performer Anne Feddema liet elke neitins oan Johnny van Doorn ferblikke mei in ‘rjappelrjap’ dy’t Postma syn fers ‘“Jo lêze fêst faak yn jo eigen gedichten?”’ ynbêde yn in potpoerry fan oare teksten, mei ûnder mear in battle tusken o’s en a’s, in fan Aalsum oant Wurdum yntegraal deklamearre topografyske yndeks en it resept foar in streksum miel út De folmakke Fryske kokenfaam. Fan en ta sprutsen der fia it medium Feddema oare stimmen, lykas dy fan Peter Tuinman. Feddema einige syn optreden mei it dialoochje: ‘En dan noch ien fraach, Postma. Binne jo homo, Obe?’ ‘Ja, ik bin homo! Lyk as iderien!’

Hoe oars fan toan wie de bydrage fan sonnettedichter en oersetter Jan Kuijper. It leafst hie hy in sonnet fan Postma besprutsen, mar sonnetten hat Postma spitigernôch nea skreaun. Dat Kuijper socht syn taflecht ta it Postma-fers dat it tichtst by in leafdesgedicht kaam en it fers dat it tichtst by in eroatysk gedicht kaam: ‘Blommejonge’ (trije kwatrinen mei krúst mar brutsen rym) en ‘Tsjinje’ (trije kwatrinen mei omearmjend rym). Hie dat lêste gedicht no twa rigels mear hân, dan hie it nei foarm én ynhâld foar in Shakespeariaansk sonnet trochgean kinnen… Mar nimme wy Postma sa’t er is, dan is dat Kuijper ek bêst genôch.

Like oertsjûgjend as ûnopsnolke kwa technyk en presintaasje wie de bydrage fan multimedia-keunstner, muzikant en dichter Klaske Oenema. Sy brûkte in overheadprojektor foar de projeksje fan in hieltyd oanwaaksende en feroarjende ‘skimewrâld’ by it fers ‘Wider útsjoch’. Ek hie se dat gedicht op muzyk set. Teksten en skaadbylden wikseljend op de projektor, song se it liet live mei begelieding fan in lûdbân en in blaasoargeltsje. Foarôf fertroude Oenema, sels net Frysktalich, har publyk ta dat sy oant foar koart nea fan Obe Postma heard hie en oan Frysktalige famylje en freonen frege hie oft dy him faaks koenen. En ja, har heit koe him wol, mar hy lies leaver Simke Kloosterman.

Ta slot fertelde Anthony Paul oer syn wurkwize by it oersetten fan gedichten nei it Ingelsk foar de Postma-blomlêzings What the poet must know (2004) en Selected poems (2018). Omdat er it Frysk net machtich is, naam Paul de Hollânsktalige oersettings fan Jabik Veenbaas as boarneteksten, mar nea sûnder de orizjinele fersen mei Veenbaas te besprekken om dochs ticht by Postma te bliuwen, dy’t Paul kennen leard hie – postúm – as ‘een lief, aardig, sensitief en bijzonder mens’. Toe mar. Yn alle gefallen hat de jûn, út namme fan it Obe Postma Selskip treflik organisearre troch Martin Reints, dat selskip nije leden opsmiten – en Obe Postma, sa foel te hearren, nije lêzers. Amsterdamske lêzers.

Dit berjocht is delset yn Berjochten en tagd , , , , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.