Hânskrift fan Fedde Schurer fûn

Yn de Bijzondere Collecties fan de Universiteit van Amsterdam is in ûnbekende autograaf fan Fedde Schurer syn gedicht ‘Nachtjager’ oantroffen. It hânskrift wie oant no ta net katalogisearre.

‘Nachtjager’ ferskynde foar it earst yn 1944 yn it troch Schurer oprjochte, yllegale tydskrift De Rattelwacht en waard, oanpast oan de nije staveringsregels fan 1945, opnommen yn syn dichtbondel Vox humana út 1949. Schurer wenne yn de tiid fan ûntstean fan ‘Nachtjager’ yn Amsterdam. ‘Hy moat it skreaun hawwe ûnder de yndruk fan wat him yn de besettingsjierren boppe Nederlân gauris ôfspile: Ingelske tastellen dy’t yn it sykljocht fan de fijân fertiesd rekken en dan troch it Dútske ôfwargeskut delhelle waarden’, ornearre Freark Dam yn De Strikel 1991-12, s. 7.

It hânskrift, ien blêd, is ea fûn yn in eksimplaar fan Vox humana út ’e bibleteek fan de klassikus Willem Kok (1903–1969), direkteur fan de Fryske Akademy yn 1950–1965. Dat eksimplaar hat de hânskreaune opdracht ’foar Willem Kok, / yn freonskip / Fedde Schurer’, deitekene ‘It Hearrenfean / 27.12.1949’. It hânskrift fan ‘Nachtjager’ hie Kok lykwols al earder krigen, nammentlik doe’t er yn 1942–1944 as gizeler fêstsiet yn it ynternearringskamp St. Michielsgestel. Dat kin ôflaat wurde út ’e oanwêzigens fan in stimpel fan de Zensurstelle Lager Michielsgestel achterop it blêd.

Nei it ferstjerren fan Willem Kok is in part – sa’n tsien meter – fan syn bibleteek oankocht troch de Universiteitsbibliotheek Amsterdam. It hânskrift fan ‘Nachtjager’ wurdt bewarre ûnder de sinjatuer hs. Gs 79.

This entry was posted in Fynsten and tagged , , . Bookmark the permalink.