Poste restante XXVIII

SPANNUM’ (r.û.), ±1915–1922. Fotokaart, 89×139 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpel Winsum 29-11-1922. Ferstjoerd oan Hermina Johanna van Oorspronk, Apeldoarn, troch Bernardus van Meer.

Spannum, 28 Nov. 1922.
Waarde Mina.
Wat vind ik dat hartelijk van je, dat je het jaarverslag voor mij hebt willen overschrijven en mij zoo de gelegenheid hebt gegeven met de meisjes-vereeniging meede te leven. Van harte zeg ik je daarvoor dank: wees verzekerd, dat ik het verslag met groote belangstelling heb gelezen. God zegene je! Ontvang mijn vriendelijken groet. Je toeg.
[= toegenegen] Do. Van Meer.
Het gezicht op deze ansicht is het gezicht, dat ik uit mijn studeerkamer heb.

It is de krusing fan twa transportwegen dêr’t de ôfstjoerder fan dizze ansicht op útsjocht, mar hy hat grif net faak hinder fan rumoer yn it ivich slomjende Spannum. De ophelbrêge links, mei ‘ANNO 1914’ derop, leit oer de Lange Daam, de feart dy’t brûkt waard foar ferfier mei skûtsjes, en ferbynt de Tsjerkebuorren mei de Swachlumerleane. Achter de brêge de kosterij en dêr boppeút noch in stikje fan de tsjerke, dy’t op in mânske terp stiet. Rjochts besiden de Lange Daam in opslach (laad- en losplak) en, yn de bedelte nêst de terp, de Lytse Buorren. Yn de fierte rydt krekt in hynder-en-wein út byld. Op de foargrûn in kliber benammen jonge Spannumers, dy’t, nee, net nei de man yn de studearkeamer mar nei de fotograaf sjogge. Wa’t dy fotograaf wie, is spitigernôch net bekend.

De man yn de studearkeamer – syn ‘eigenlijke levensvertrek’, neffens in freon – kenne wy wol. Hy húsmannet yn de pastorij fan de herfoarme gemeente Spannum-Iens, dêr’t er sûnt juny 1922 dûmny fan is. As widner is er fan Apeldoarn, syn eardere stânplak, nei Spannum kaam, tegearre mei syn húshâldster Gerredina Willemina van Rijssen, dy’t yn Apeldoarn hikke en tein wie. De pastorij, boud yn 1872 yn eklektyske styl, stiet op de fotokaart (makke troch deselde anonime fotograaf as de fotokaart boppe-oan dit blog) dy’t dûmny en syn húshâldster koart nei harren oankomst yn Spannum stjoerden oan kunde yn Apeldoarn.

Dy dûmny is Bernardus van Meer, berne yn 1866 yn Amsterdam. Van Meer wist al betiid dat er in betsjinner fan it Wurd wurde woe. It ferhaal wol dat er op it gymnasium in toanielrol wegere mei de wurden: ‘Ik ben bestemd om eenmaal met het Woord Gods te staan op den kansel en dan behoor ik nu niet op de planken!’. As studint teology oan de Amsterdamske Gemeente-Universiteit fielde er him oansprutsen troch otterdokse teologen as Ph.J. Hoedemaker, Ph.S. van Ronkel en J.J. van Toorenenbergen. By de lêste promovearre er yn 1892 cum laude mei it tsjerkehistoaryske proefskrift De synode te Emden, 1571.

Bernardus van Meer om 1903 hinne

Dat proefskrift like de hoopfolle start fan in karriêre as akademikus yn de fuotstappen fan syn promotor, mar Van Meer hie dochs minder stamina ta it skriuwen fan learde boeken as dat er him roppen fielde ta preekjen, kategisearjen en pastorale soarch. Syn lidmaatskip fan de Confessioneele Vereeniging, neidat er efkes sympatisearre hie mei de Doleânsje fan Abraham Kuyper, fergrutte syn kânsen op in heechlearaarskip allikemin. De Confessioneele Vereeniging wie in modaliteit binnen de Nederlânsk-Herfoarme Tsjerke dy’t de belidenis als kearn fan it leauwe seach en frijsinnigens ôfwiisde; de tsjerke moast werom nei de grifformearde útgongspunten fan fóar de Ferljochting. Van Meer hat jierrenlang foarsitter fan dy feriening west en wie boppedat redakteur fan de ferieningsblêden Troffel en Zwaard en De Gereformeerde Kerk.

Yn 1890 troude Van Meer mei Anna Bartha Regina Lingbeek (1865–1911), mei wa’t er trije bern krige. Hy wie predikant yn Meteren (1890), Wijk bij Heusden (1892), Utert (1894), Slijk-Ewijk (1904), Leien (1906) en Apeldoarn (1909), foardat er yn Spannum bedarre. De bern wienen doe al it hûs út. Wat socht dizze dûmny, dy’t grutstedske útdagings wend wie, yn it godfreezjende greiddoarpke Spannum? Rêst, tinklik, in plak foar retrête, no’t syn bestean glâns ferlern hie nei de dea fan syn frou, want dêr hie er it dreech mei. De bân mei syn foarlêste gemeente, dêr’t er it langste stien hie en dêr’t syn frou begroeven lei, soe Van Meer lykwols yn stân hâlde, sa’t bliken docht út de ansichten hjirboppe en út syn reizen fan Spannum nei Apeldoarn om dêr lêzingen te hâlden.

Ek mei minsken út oare eardere gemeenten hold Van Meer kontakt. De fotokaart hjirnêst stjoerde er yn augustus 1925 nei âlde kunde yn Utert. Opnij de brêge oer de Lange Daam, mar no fan de oare kant, sadat de pastorij yn byld komt. Nettsjinsteande de plechtsteatlike toan dy’t ús dûmny no ienris like eigen wie as syn prigelige hânskrift, sprekt út it boadskip achterop de ansicht in tadiene hertlikens:

Spannum, 14 Augs 1925
W.V. [= Waarde Vrienden]
Op den handdruk van onlangs volge deze als blijk mijner blijvende belangstelling met de bede, dat gij allen moogt welvaren naar lichaam en naar het harte. Al ben ik niet aanstonds in staat te antwoorden op bewijzen van groote sympathie, toch ben ik daarvoor zeer gevoelig. De Heere God zegene u allen met de keur zijner zegeningen in J.C. [= Jezus Christus] en verkwikke U door zijn gemeenschap. Met hart. groeten en met heilbede
Uw toeg. Do V. Meer.

Lang hat Van Meer net yn Spannum stien. Op snein 14 july 1926 krige er yn tsjerke op ’e kânsel in oerhaal, krekt foardat er foargean soe by it lêste jûnsmiel. Hy waard nei de pastorij brocht en ferstoar dêr sûnder dat er wer by kennis west hie. Trije dagen letter waard er yn Apeldoarn by syn frou begroeven. Ek in ôffurdiging út Spannum wenne de útfeart by. Letter dat jier waard der op it grêf in (noch besteande) tinkstien pleatst, ûntwurpen ‘in den geest van den overledene, zeer eenvoudig, massief en karaktervol’, neffens de Nieuwe Apeldoornsche Courant; ‘VAN VRIENDEN UIT UTRECHT, APELDOORN EN SPANNUM’ stiet derop. Yn 1926 ferskynde der ek in boekje ta syn neitins, mei tolve (ekserpten út) preken en taspraken fan syn hân en twa in memoriams. Benammen it earste in memoriam, skreaun troch syn sweager en geastessibbe Casper Andries Lingbeek, lêst as in kalvinistyske hagiografy.

Gerredina van Rijssen ferfear nei de dea fan har húsgenoat nei Ljouwert en waard dêr pensjonhâldster. Yn maart 1928 naam in nije dûmny syn yntrek yn de pastorij. Ek dy wie swier otterdoks, sa’t doetiids, en noch lang dêrnei, needsaaklik wie om yn de herfoarme gemeente Spannum-Iens op de preekstoel te meien.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , . Bookmark the permalink.