Wallace Stevens, Oer inkeld wêze

 
Oer inkeld wêze

De palm oan de ein fan de geast,
Foarby de lêste tins, riist op
Yn it brûnzen dekôr,

In fûgel mei gouden fearren
Sjongt yn de palm, sûnder minsklik tsjutten,
Sûnder minsklik fielen, in frjemdsoartich liet.

Dan witsto dat it net de rede is
Dy’t ús lokkich makket of ûnlokkich.
De fûgel sjongt. Syn fearren glânzgje.

De palm stiet op de râne fan de romte.
De wyn ferweecht stadich yn de tûken.
De fjurkjende fûgelfearren sljurkje del.

 

Of Mere Being

The palm at the end of the mind,
Beyond the last thought, rises
In the bronze decor,

A gold-feathered bird
Sings in the palm, without human meaning,
Without human feeling, a foreign song.

You know then that it is not the reason
That makes us happy or unhappy.
The bird sings. Its feathers shine.

The palm stands on the edge of space.
The wind moves slowly in the branches.
The bird’s fire-fangled feathers dangle down.

 

Ut Opus Posthumous, 1957
(mar mei ‘decor,’ yn stee fan ‘distance.’ oerienkomstich de lettere edysjes)

This entry was posted in Wallace Stevens and tagged . Bookmark the permalink.