Mail oan Minke II

Ha Minke,

Dus do hast myn oersetting fan ‘The Good Man Has No Shape’ fan Wallace Stevens lêzen wylsto de Matthäus-Passion opstean hiest. Do skriuwst dat dy Matthäus dy peace of mind skinkt. Wêrom dan sa’n prottelmail oan my? Kin ik it helpe datsto Stevens syn fers mar creepy en depry fynst? Ik bin inkeld in fertolker, net de komponist. O, myn oersetting ‘De goede man hat gjin stal’ fynst ek stom. Ik hie ‘shape’ letterlik oersette moatten mei ‘foarm’, skriuwsto. Mar dat is Josse de Haan-tinken, ik woe dy wizer ha. De meast letterlike oersetting docht it orizjineel net altiten it bêste rjocht. Wurdsjes ien-op-ien ferfange troch de meast foar de hân lizzende ekwifalinten wurket by hantliedings en bysluters, mar giet yn it gefal fan gedichten faak straal foarby oan foarmaspekten, referinsjes en kontekst.

Referinsjes en kontekst binne der yn ‘The Good Man Has No Shape’ mear as by myn witten oant no ta opmurken is. Binnen de Wallace Stevens-kunde wurdt dat fers oars gauris as in te hite jirpel oan kant skood, liket it. Wat de eksegeten fansels net oer de holle sjoen hawwe, binne de ferwizings nei libben en dea fan Jezus. Ek al falt syn namme net, it leit der tommen tsjok boppe-op: Stevens fariearret op de opwekking fan Lazarus, it ferrie fan Judas, de krusiging fan Jezus, de edik dy’t er doe te drinken krige, it buordsje mei opskrift oan it krús… Motiven dy’t Stevens út it Nije Testamint hellet, it part fan de Bibel dat ús leauwe litte wol dat Jezus fan Nazaret de Messias, de Kristus is, dy’t foar ús stoarn is om de dea te oerwinnen. Gjin bibel yn hûs, Minke? Pak dan it tekstboekje fan dyn Matthäus-Passion der noch mar even by.

‘Der Gerechte’ hjit Jezus dêr, de rjochtfeardige, rjochtskepene, oprjochte. Under syn tiidgenoaten waard der noch oan twivele oft Jezus wol sa’n bêstenien wie. Johannes 7:12: ‘And there was much murmuring among the people concerning him: for some said, He is a good man: others said, Nay; but he deceiveth the people.’ Stevens makket fan Jezus lykwols it archetype fan de rjochtskepen, goede minske troch de tiden hinne. Hy kiest dêrby net foar de formulearring ‘the righteous man’ of ‘a righteous man’ of ‘a good man’ – wurdkombinaasjes dy’t yn de King James Bible op ferskate plakken foarkomme – mar foar de formulearring ‘the good man’, in wurdkombinaasje dy’t yn de King James Bible mar ienris opdûkt, yn Micha 7:2:

The good man is perished out of the earth: and there is none upright among men: they all lie in wait for blood; they hunt every man his brother with a net.

Mei dat sitaat, dat nammers in grutte desolatens opropt, stappe wy fan it Nije Testamint oer op it Alde. Ferskillende profeten foarsizze yn it Alde Testamint op mear of minder riedselachtige wize de komst fan de Messias. Opmerklik is wat der oer him sein wurdt yn Jesaja 53:1–2:

Who hath believed our report? and to whom is the arm of the LORD revealed? For he shall grow up before him as a tender plant, and as a root out of a dry ground: he hath no form nor comeliness; and when we shall see him, there is no beauty that we should desire him.

‘He hath no form nor comeliness’: dêr hawwe wy it twadde part fan de titel fan Stevens syn gedicht te pakken! ‘No form nor comeliness’ is yn de tale Kanaäns dy’t yn Nederlân húsriem west hat ‘geen gedaante noch heerlijkheid’ wurden. Sa stiet it yn de Statenvertaling fan 1637 en sa stiet it yn tal fan sûnttiid ferskynde preken en traktaten. Ien út hûnderten mooglike foarbylden is te finen yn de Leerredenen (1821) fan Elias Annes Borger, de skrandere Jouster doarpsjonge dy’t it ta heechlearaar teology yn Leiden brocht: ‘Aan den Heer der heerlijkheid die trouw en liefde te weigeren, die zij aan den man zonder gedaante of heerlijkheid bewezen hadden.’ Yn it Dútske taalgebied sjogge wy nammers it analoge ‘keine Gestalt noch Schöne’, dat syn oarsprong hat yn de Luther-Bibel fan 1545.

En sa, leave Minke, kaam ik op ‘stal’, dat neffens it WFT ‘gestalte, lichamelijke gedaante’ bestsjut, as oersetting foar ‘form’. Dy oersetting hâldt ‘form’ binnen in referinsjeramt (Statenvertaling, tale Kanaäns) fergelykber mei dat dêr’t Stevens it tinklik oan ûntliend hat. ‘Shape’ strikt opfetsje as ‘foarm’ liedt ta nuvere misferstannen. Sa mient Stevens-eksegeet James Baird dat de anonime ‘they’ Jezus krusigje omdat hy net ‘shapeless’ is en dus gjin goed minske wêze kin: ‘They, the rest, are the shapeless, compelling the perseverance of shapelessness.’ Ek as it gjin ‘shape’ hawwen al belutsen wurdt op dejinge dy’t bespot en ombrocht wurdt, jout ‘shape’ betizing as de âldtestamintyske kontekst bûten byld bliuwt. Eleanor Cook bygelyks riert der yn A reader’s guide to Wallace Stevens, nettsjinsteande de beloftefolle titel fan har boek, raar yn om. Sy jout trije mooglike antwurden op de fraach wêrom’t ‘the good man’ gjin ‘shape’ hat:

(a) There is no such thing as the good man; it is an ideal. (b) There are good men, not just one good man. (c) The good man takes this or that shape, but no required shape, as, e.g., in the Incarnation of Christ. Or?

Or, Eleanor? De kaai leit yn Jesaja 53:2. In útlis mei in lange track record fan wat dêr sein wurdt, is dat de Messias him ûnder de lju bejaan sil sûnder in sadanich ymponearjend en ynnimlik uterlik dat sy fanwegen syn skiemtme achter him oanrinne sille. Binnen it retrospektive eachweid fan Stevens (en ús) kinst sizze: Kristus is oan ús ferskynd sûnder him troch fysyk fertoan kenber te meitsjen, yn de persoan fan in goed minske. Stevens sels seit it al mei neidruk yn de twadde rigel: ‘God only was his only elegance‘. Troch de generaasjes hinne hat de goede minske – as gefolch fan de sûndefal, it iten fan in ferbeane apel, wat de dea yn it libben brocht hat – skreppe moatten en mei sukses war dien om syn steat te ferbetterjen. Nei al dat godfruchtich bodzjen mocht er rêste en genietsje fan de risping, konkreet foarsteld as ‘bright fruit’ (gjin steande útdrukking yn it Ingelsk), dêr’t in suggestje fan útgiet dy’t fierder rikt as de fruchten fan hôf en wyngerd.

Oant safier gong it crescendo. Mar de ‘haunting little fable’, sa’t Lucy Beckett it fers neamt, krijt net in happy end. Eleanor Cook fettet it fers noch ridlik posityf gear:

A poem on incarnations through the centuries of the good man, with allusions to the life of Jesus. It is an affirmation of the good man, e.g., the human Jesus, but opposed to the doctrine of the perfect God-man, Jesus as Christ.

Mar immen as Ronald Sukenick leit de klam justjes oars, hy jout as synopsis: ‘The idea of the good man in a secular world is made a mockery by death, “Lazarus.”’ Stevens liket dat ek te finen. Soest ‘The Good Man Has No Shape’ in stikje apokrive Jezus-biografy, in lytse kristology neame kinne, wêryn’t de godlike status fan Jezus ûntkend wurdt. Want de dea hat it lêste wurd: net Judas mar Lazarus, krekt dejinge dy’t troch Jezus út de dea opwekt is, ferriedt him. Hoe? Troch opnij dea te gean; nearne yn de Bibel stiet ommers dat Lazarus troch dy opwekking it ivige libben krigen hie. En dejinge dy’t ferret wurdt, de goede man, ferriist yn it fers allikemin. It buordsje mei opskrift hinget hjirre net oan it krús mar boppe it grêf; it is gjin titulus mar in epitaphium, en dat heart in stik definitiver. Ek de grêfgiften tsjutte op in lang, sis mar permanint ferbliuw yn it deaderyk.

As Jezus net de Soan fan God is, of oarssein, God de Soan, falt ek de Trije-ienheid út inoar. Net dat Stevens dat mei safolle wurden seit; God neamt er al, de Hillige Geast net. Mar de fearren dy’t de goede man as bespotting yn syn fleis stutsen krijt, sa’t Jezus in toarnekroan op ’e holle drukt krige, binne dat inkeld de fearren fan de fûgel fan de ferbylding, sa’t bygelyks James Baird hawwe wol? ‘The feathers are the signs of the bird of the imagination, of the power of self-shaping’, skriuwt er. En Joseph Milner sit op itselde spoar:

The use of “feathers” too fits nicely into the body of Stevens’ poetry, for he typically uses the feathery bird in flight as his symbol for the imagination. Thus they stick the feathers in him as if to mock his notion that he were like a bird able to take wing.

My komt it lykwols oannimliker foar dat it giet om de fearren fan de do dy’t tradisjoneel de Hillige Geast personifiearret. Sa besjoen makket Stevens him mei dat byld kenber as in unitarist, in tsjinstanner fan it dogma fan de Triniteit en fan de godlike status fan Jezus.

Syn Jezus is net de Kristus dy’t foar ús de dea oerwûn hat, hy is earder in foarrinder fan Josef K., de haadpersoan út Der Prozeß fan Franz Kafka. Ek Josef K. is gjin ferkeard minske mar wurdt deryn luze: ‘Jemand mußte Josef K. ferleumdet haben, denn ohne daß er etwas Böses getan hätte, wurde er eines Morgens verhaftet’, is de ferneamd wurden iepeningssin fan dy roman. Beide J.K.’s binne sûnder kâns op heger berop of graasje ta de dea feroardiele. Sa’t Jezus, hingjend oan it krús, deastutsen wurdt mei in spear, sa wurdt Josef K. terjochtsteld mei in dolkstek yn it hert. En sa’t Jezus wol beskôge waard en wurdt as ûnderdiel fan de Trije-ienheid mar it net is, sa liket ek Josef K. even in trije-ienheid te foarmjen mei de beide ‘Herren’ dy’t him ophelje foar syn eksekúsje:

K. ging straff gestreckt zwischen ihnen, sie bildeten jetzt alle drei eine solche Einheit, daß, wenn man einen von ihnen zerschlagen hätte, alle zerschlagen gewesen wären. Es war eine Einheit, wie sie fast nur Lebloses bilden kann.

Mar ienris op it eksekúsjeplak blike de twa hearen no krekt de skerprjochters te wêzen dy’t him om hals bringe. De ûnferbreklike trije-ienheid wie mar skyn. Ek de Trije-ienheid dy’t Jezus neffens tsjerklike dogma’s foarmet mei God en de Hillige Geast, is der net. Lykas Judas yn de Bibel is Lazarus yn Stevens syn fers mar ynstruminteel: winliken is it God sels dy’t de goede man ferriedt. ‘Eli, Eli, lama sabachtani?’ ropt Jezus as er oan it krús hinget, of, sa’tst yn dyn Matthäus-libretto lêze kinst: ‘Mein Gott, mein Gott, warum hast du mich verlassen?’ It oardiel is ûnwerroplik, de dea definityf. Jezus is net God-minske mar minskebern, Adam, Elkerlyc, Alleman. Hy is Josef K. Hy is ús, it part yn ús dat omdoch longeret nei ûnstjerlikens.

Hawar Minke, no mar gau wer dyn treastrike Matthäus opsette. Do meist net oer Stevens? Dat kin. En ik haw in hekel oan Bach. Ja echt! Mei waarme groet,

Klaas

 
– James Baird, The dome and the rock. Structure in the poetry of Wallace Stevens, Baltimore 1968, s. 5–6.
– Eleanor Cook, A reader’s guide to Wallace Stevens. Princeton/Oxford 2007, s. 205.
– Lucy Beckett, Wallace Stevens. Cambridge/London/New York/Melbourne 1974, s. 168.
– Ronald Sukenick, Wallace Stevens. Musing the obscure. Readings, an interpretation, and a guide to the collected poetry. New York/London 1967, s. 218.
– Joseph O. Milner, ‘Stevens’ “The Good Man Has No Shape”: “The Man with the Blue Guitar” in a minor key’, The Wallace Stevens Journal 4 (1980), s. 2–4.

Alle Ingelske Bibelsitaten neffens de King James Bible. Ofbyldings: de Opwekking fan Lazarus, de Krusiging fan Jezus, it Beskriemen troch Maria en de Trije-ienheid, yn in Latynsk stûneboek. Champagne (Troyes?), om 1480 hinne. Allard Pierson, Universiteit van Amsterdam, Hs. XXV C 38.

Dit berjocht is delset yn Flessepost en tagd , , , , , , , , , . Bookmark de permalink.