‘Sneek, R.K. Verpleegstershuis’ (achterop), ±1961–1966. Foto, swart-wyt, 90×139 mm. Utjûn troch Van der Meulen, Snits. Poststimpel Snits 27-06-1966. Ferstjoerd oan ‘de Eeward Moeder en zuster’ fan it Sint Gertrudisgesticht, Warkum, troch Maria Teernstra.
Moeder ik zal u een paar woorden schrijven oover mij ik moed opererd worden wanneer weed ik nied morgen nog nied dan zal u hed voor de televon wel eens ik hoop dat mijn zuster ook nog eens koomd dan kaan ik eens nog med u praaten ik hoop dat u en de zusters veel voor mij bidden wand ik wil graag weer leeven ik [lês: levend in] workum koomen ge groed van Marie
af[zender] Marie Teernstra Sneek
De earwearde mem-oerste en
It sikehûs dêr’t Marie Teernstra wie doe’t sy ein juny 1966 har kaartsje skreau, stie yn Snits lâns it spoar oan de Dr. Boumawei, neamd nei ien fan de inisjatyfnimmers fan it sikehûs, Gerben Nammens Bouma. It Sint Antonius Sikehûs wie yn 1903 stichte as in hospitaalkleaster fan de Leafdesusters fan de Hillige Carolus Borromeus en hie dus in katolike sinjatuer, mar ferliende soarch oan pasjinten fan alle gesindten út Snits en omkriten. Yn 1994 waard it sletten en sloopt; op it plak fan it sikehûs oan de Dr. Boumawei stiet no nijbou mei winkels en apparteminten. It nije Antonius Sikehûs – sûnder ‘Sint’ – oan de Boalserterbaan docht yn neat mear tinken oan it âlde Sint Antonius.
Doe’t Marie yn it Sint Antonius lei, waarden pasjinten net mear fersoarge troch nonnen mar troch ferpleechsters, meast fammen en jonge froulju, dy’t faken wol katolyk mar alhiel gjin kongregaasjelid wienen. In grut part fan harren wenne yn it (net mear besteande) susterhûs dat op Marie har ansicht stiet. It hjitte De Wiekslag en wie boud yn 1961, skean tsjinoer it sikehûs, oarekant it spoar. De deistige lieding op seal wie lykwols noch yn hannen fan Carolus Borromeus-nonnen. De ferpleechsters joegen treast, de nonnen joegen straf, is my bybleaun fan de fiif moanne dy’t ik as jonkje yn it Sint Antonius trochbringe moast, yn itselde jier dat Marie Teernstra dêr lei. Net dy nonnen mar de lekeferpleechsters wienen de echte leafdesusters.
Marie Teernstra soe noch goed seis jier libje en 74 jier âld wurde. Op 5 novimber 1972 ferstoar sy, foarsjoen fan it sakramint fan de siken, yn Snits, dêr’t sy opnij yn it Sint Antonius opnommen wie. Marie waard begroeven op it katolike begraafplak yn Warkum, by har âlden. It Archief- en Documentatiecentrum voor R.K. Friesland yn Boalsert bewarret har bidprintsje. Lykas har eigen skriuwseltsje op de ansicht oan de susters yn Warkum fertelt har bidprintsje wat oer wa’t sy wie:
Bij dit sterven werd door de volksmond gezegd: ‘Marie gaat regelrecht naar de hemel!’ We zeggen vaak: ‘De stem van het volk is de stem van God!’ Ja, we weten het wel zeker, dat ze nu na deze pelgrimstocht en na dit tranendal, is ingegaan in de vreugde van de Heer. [...]
Wij allen die Maria hebben gekend zullen aan haar blijven denken als aan een lief mens, die hier op aarde reeds iets van de hemel liet zien.
Moge zij onze voorspraak zijn in onze aardse ballingschap.
Dat zij ruste in vrede. Amen.