Fryske dichtbondels nei Frankfurter Buchmesse

Amsterdam, 19 juny 2013 – It Nederlands Letterenfonds hat de titels fan de Fryske literêre wurken bekend makke dêr’t omtinken foar frege wurde sil op de Frankfurter Buchmesse 2013. It giet om tsien boeken; trije dêrfan binne dichtbondels. Foar de seleksje tekenet Alpita de Jong.

By de trije dichtbondels giet it om Ut namme fan mysels (2006) fan Elmar Kuiper, Equinox (2009) fan Tsjêbbe Hettinga en it debút Fan glês it brekken (2010) fan Elske Kampen. De beide lêste bondels steane ek op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis 2013, wêrfan’t de winner op 13 septimber wrâldkundich makke wurdt. Opmerklik is dat inkeld resinte poëzy keazen is. Wurk fan dichtsjende grutheden út ’e foarige ieu as Obe Postma, Douwe Tamminga en Tiny Mulder hat de seleksje net helle.

By de proazawurken leit dat der oars hinne. Ek hjir trije hjoeddeiske titels, alle trije ferhalebondels: Nûmers (2004) fan Jaap Krol, In Jikse-libben (2008) fan Janneke Spoelstra en De gewoanste man (2011) fan Hidde Boersma. Dêrneist is lykwols keazen foar fjouwer ‘klassike’ romans: De sûnde fan Haitze Holwerda (1938) fan Ulbe van Houten, Grûn en minsken (1940) fan Reinder Brolsma, Leafdedea (1963) fan Homme Eernstma en De fûke (1966) fan Rink van der Velde.

Leafdedea en De fûke makken al earder in entree yn it bûtenlân: Leafdedea ferskynde yn 1997 yn it Frânsk as Amouramort en De fûke waard yn 1995 yn it Ingelsk útjûn as The trap. Mar De sûnde fan Haitze Holwerda en Grûn en minsken lykje mei harren boereromankarakter en oerlibbe tematyk net folle kâns op in werberte yn ’e frjemdte te meitsjen. Hooplik binne der al mooglikheden foar de trije keazen dichtbondels. Mear as de trije ferhalebondels jouwe sy in moaie earste yndruk fan de kwaliteit en aktualiteit fan de Fryske literatuer fan no.

Alpita de Jong hat de seleksje makke as yntindant Frysk foar de Frankfurter Buchmesse 2013 yn oktober. Sy sil dêr warber wêze as ambassadrise foar de Frysktalige literatuer, yn opdracht fan it Nederlands Letterenfonds, de provinsje Fryslân en Tresoar. In brosjuere mei de titel 10 Books from Friesland moat de wurken ûnder de oandacht bringe fan bûtenlânske útjouwers. De brosjuere wurdt op 27 septimber presintearre yn Tresoar.

This entry was posted in Berjochten and tagged , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.