Georg Trakl, Kaspar Hauser-liet

 
Kaspar Hauser-liet
Foar Bessie Loos

Hy hold wier fan de sinne, dy’t poarper de heuvel delkaam,
Fan de paden yn it wâld, de sjongende swarte fûgel
En de freugde fan it grien.

Ynfieren wie syn wenjen yn it skaad fan de beam
En suver syn antlit.
God spriek in teare flam ta syn hert:
O minske!

Stil fûn syn stap de stêd yn de jûn;
De donkere klacht fan syn mûle:
Ik wol in ruter wurde.

Him folge lykwols strúk en bist,
Hûs en skimertún fan wite lju
En syn moardner socht nei him.

Maitiid en simmer en skoander de hjerst
Fan de rjochtfeardige, syn dimmene stap
By de donkere keamers fan dreamenden del.
Nachts bleau er mei syn stjer allinne;

Seach dat der snie foel yn keal tûkwurk
En yn de skimerige gong it skaad fan de moardner.

De ûnberne syn holle sonk sulver del.

 

Kaspar Hauser Lied
Für Bessie Loos

Er wahrlich liebte die Sonne, die purpurn den Hügel hinabstieg,
Die Wege des Walds, den singenden Schwarzvogel
Und die Freude des Grüns.

Ernsthaft war sein Wohnen im Schatten des Baums
Und rein sein Antlitz.
Gott sprach eine sanfte Flamme zu seinem Herzen:
O Mensch!

Stille fand sein Schritt die Stadt am Abend;
Die dunkle Klage seines Munds:
Ich will ein Reiter werden.

Ihm aber folgte Busch und Tier,
Haus und Dämmergarten weißer Menschen
Und sein Mörder suchte nach ihm.

Frühling und Sommer und schön der Herbst
Des Gerechten, sein leiser Schritt
An den dunklen Zimmern Träumender hin.
Nachts blieb er mit seinem Stern allein;

Sah, daß Schnee fiel in kahles Gezweig
Und im dämmernden Hausflur den Schatten des Mörders.

Silbern sank des Ungebornen Haupt hin.

 

Ut Sebastian im Traum, 1915. Ofbylding: Kaspar Hauser (1812?–1833) troch Johann Georg Laminit.

This entry was posted in Georg Trakl and tagged , , . Bookmark the permalink.