Georg Trakl, Rêst en swijen

 
Rêst en swijen

Herders begroeven de sinne yn it keale wâld.
In fisker luts
Yn in hierren net de moanne út de froastige fiver.

Yn blau kristal
Wennet de bleke minske, it wang lynjend tsjin syn stjerren;
Oars bûcht er de holle yn poarperen sliep.

Mar hieltyd grypt de swarte flecht fan de fûgels
De beskôger oan, it hillige fan blauwe blommen,
Tinkt de neibye stilte fergetten dingen, útdôve ingels.

Opnij nachtet de foarholle yn moannestiente;
In strieljende jongfeint
Ferskynt oan de suster yn hjerst en swarte ûntbining.

 

Ruh und Schweigen

Hirten begruben die Sonne im kahlen Wald.
Ein Fischer zog
In härenem Netz den Mond aus frierendem Weiher.

In blauem Kristall
Wohnt der bleiche Mensch, die Wang’ an seine Sterne gelehnt;
Oder er neigt das Haupt in purpurnem Schlaf.

Doch immer rührt der schwarze Flug der Vögel
Den Schauenden, das Heilige blauer Blumen,
Denkt die nahe Stille Vergessenes, erloschene Engel.

Wieder nachtet die Stirne in mondenem Gestein;
Ein strahlender Jüngling
Erscheint die Schwester in Herbst und schwarzer Verwesung.

 

Ut Sebastian im Traum, 1915

This entry was posted in Georg Trakl and tagged . Bookmark the permalink.