Poste restante XXXII

Buorden lâns it spoar yn Snits mei reklame foar en tsjin Bols, 1910. Ljochtdruk, 89×139 mm. Utjûn troch de ôfdieling Snits fan de Nederlandsche Vereeniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken. Poststimpels Snits 04-07-1910 en Loosdrecht 05-07-1910. Ferstjoerd oan juffer M. Koopmans, p/a Willem Voogsgeerd, Nieuw-Loosdrecht, troch ‘P.K.’.

 
Tsjintwurdich is de firma Lucas Bols – nei eigen sizzen the world’s oldest distilled spirits brand – in beursnotearre ûndernimming. Ek in iuw lyn timmere de Amsterdamske destillateur al flink oan ’e wei. De firma wûn prizen op wrâldtentoanstellings yn Londen en Parys, hie proeflokalen fan Hamburch oant Neurenberch en die ek op oare wizen in soad oan ynternasjonale marketing. Tagelyk waard de ynlânske merk net fergetten. Sels de treinreizger tusken Snits en Ljouwert moast witte wat Bols te bieden hie. Op in mânsk boerd lâns it spoar yn Snits stie yn sûkeladeletters te lêzen: ‘BOLSZEER OUDE GENEVER EN FIJNE LIKEUREN’.

It skynt dat it boerd lâns it strjitsje Koarte Freugde stie. It wie dêr yn 1910 delpoate troch de Brusselske firma G. Nille, eksploitant fan bûtenreklame. De oanrikkemandaasje fan jenever en likeur sil net elke treinreizger noaske hawwe. Drank wie in maatskiplik probleem, ek doe al. It late ta sedeferwyldering, wie it beswier út benammen kristlike hoeke, en de sosjalisten hienen derop tsjin dat it de ferheffing fan it proletariaat opkearde. Sterker noch, it wie in ynstrumint fan de bazen om de arbeiders derûnder te hâlden. Dat dy harren lean faak útbetelle krigen yn kafees fan de wurkjouwers seit genôch.

Drankbestriders fûnen inoarren yn de Nederlandsche Vereeniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken, koartwei de NV, en fergelykbere organisaasjes as de Volksbond tegen Drankmisbruik en de Friesche Propaganda Commissie. De NV, oprjochte yn 1842, wie earst in oerwegend protestantske feriening ta ôfskaffing fan inkeld sterke drank, mar geandewei kaam de NV ûnder sosjalistyske ynfloed en waard it in feriening fan gehielûnthâlders. Oan it ynsynje dat sy droegen, tanke de beweging de bynamme ‘de blauwe knoop’. Foaral yn Fryslân hie de beweging, en benammen de NV, in soad oanhing. Yn de bloeitiid fan de NV wenne fjirtich prosint fan de leden yn Fryslân.

Op lokaal nivo wurken ferskillende lanlike drankbestridingsorganisaasjes gear yn saneamde Centraal Drankweer Comités, dêr’t fral drankbestriders fan de died yn warber wienen. Sa pleegde it Centraal Drankweer Comité fan Snits om sa te sizzen in ludike yngreep yn de publike romte troch it drankslije boadskip fan Bols om te bûgjen nei it evangeelje fan de blauwe knoop. Op of koart foar 18 maaie planten de Snitsers links fan it boerd mei de Bols-tekst in like heech en oardel kear sa breed boerd mei de tekst ‘VERSTANDIGE MENSCHEN DRINKEN EN SCHENKEN NOOIT’. Dêrmei waard de folsleine tekst:

VERSTANDIGE MENSCHEN DRINKEN EN SCHENKEN NOOIT BOLSZEER OUDE GENEVER EN FIJNE LIKEUREN

Dêrboppe in skyld mei ‘RECLAME CENTR. DRANKW. COMITÉ’ as in pendant fan it skyld mei ‘RECLAME G. NILLE Brussel’ dat boppe de Bols-tekst te sjen wie. De ôfdieling Snits fan de NV liet fan it gehiel de ansichtkaart meitsje dêr’t boppe-oan dit blog in eksimplaar fan ôfbylde is. It mantsje mei de fyts links toant hoe grut de buorden wol wienen. Mar Nille, al of net yn opdracht fan Bols, sloech werom (of hienen bûtensteanders der de hân yn?) en ferfong op of koart foar 23 juny de tekst ‘RECLAME G. NILLE Brussel’ op it rjochter skyld troch ‘IETS ANDERS DAN’. De folsleine tekst wie no:

VERSTANDIGE MENSCHEN DRINKEN EN SCHENKEN NOOIT IETS ANDERS DAN BOLSZEER OUDE GENEVER EN FIJNE LIKEUREN

It Centraal Drankweer Comité koe dat net op him sitte litte. In nije tsjinset folge op of koart foar 27 juny en wie like simpel as effektyf: deun boppe ‘VERSTANDIGE MENSCHEN’ waard ‘ON-’ skildere. Fan dat fjirde en lêste stadium waard opnij in ansichtkaart útjûn, diskear troch de fotograaf en winkelman Klaas de Boer Jzn. (1875–1933), dy’t blykber op ’e hân fan de drankbestriders wie, of alteast hannel yn de ansicht seach.

 
Tagelyk mei dizze pleagerijtsjes oer en wer naam Bols juridyske stappen. Op of koart foar 19 juny sommearre Bols by doarwarderseksploat de leden fan it Comité om harren boerd binnen acht dagen fuort te heljen. Dat wie flau. It Comité liet it der dan ek op oankomme: it boerd bleau stean. Bols hat der úteinlik gjin rjochtsaak fan makke. Binnen de eigen rûnte fan drankbestriders wie nammers al ornearre dat de aktivisten fan it Comité wat al te striidber de rânen fan it skiklike of talitbere opsocht hienen. It sil de reden west hawwe dat de ôfdieling Snits fan de Volksbond tegen Drankmisbruik wegere om by te dragen yn de kosten dy’t it Comité makke hie.

De kranten hienen oars wol skik yn it gefal. It Nieuwsblad van Friesland en de Leeuwarder Courant joegen koartswilich kundskip fan de ferskillende stadia fan de groeitekst. Yn it Nieuwsblad fan 4 juny 1910 waard it twadde stadium sels typografysk sa’n bytsje neimakke en de sjoernalist ornearre oer de fiten fan it Comité: ‘Verbazend aardig, en precies in den geest van onzen tijd, die zoetjesaan weer sympathie gaat krijgen voor de oude beproefde meening, dat het doel de middelen heiligt.’ Oare kranten yn it lân, fan De Graafschap-Bode oant de Nieuwe Zeeuwsche Courant, namen berjochtjouwing oer de Snitser reklamestriid oer.

Leeuwarder Courant, 27-02-1915

Wa sieten der yn dat Snitser Centraal Drankweer Comité? Yn de kranten dûkt mar ienris in namme fan in Comité-lid op: dy fan Leeuwke Bakker Wzn. (1872–1955). Hy wie in warber lid fan de Sociaal-Democratische Arbeiders Partij en letter fan de Bond van Christen-Socialisten, ivere foar steatspensjoen en bepleite opfang fan flechtlingen. Yn syn krewearjen foar gehielûnthâlding foel idealisme gear mei saaklike belangen: Leeuwke Bakker fertsjinne syn brea mei it produsearjen fan alkoholfrije likeur en it ymportearjen fan dito wyn. Dy wyn krige in tapaslike namme mei: IDEAAL WIJN.

Het Volk. Dagblad voor de arbeiderspartij, 08-03-1906

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , . Bookmark the permalink.