Poste restante XXXIII

‘Westersingel – Leeuwarden.’ (m.û.), ±1906–1907. Autotypy en kleurelitografy, 90×139 mm. Utjûn troch C.A.J. Luitingh, Ljouwert / La Rivière & Voorhoeve, Swol, nû. 3528. Poststimpels Ljouwert 22-10-1908 en Koarnjum 23-10-1908. Ferstjoerd oan Tjitske Algera, Britsum, troch Aan Algera.

Sietse Koopmans is aangeloot, heeft getrokken no 7. Ik ben op heden kamerwacht. Alles goed Alles wel 2×. Hoera leve de kuch????
Je broer Aan

Aan Algera wie mar in koart mantsje. Neffens de milysjeregisters – sekuer oant op de milimeter – wie er 1,619 meter heech. Mar dat wie genôch om goedkard te wurden foar militêre tsjinst. Dat op 4 maart 1908 teach er fan syn bertedoarp Britsum nei de garnizoensstêd Ljouwert om dêr yn de Prins Frederikkazerne op de Amelânsdwinger syn tsjinstplicht te ferfoljen. Hy waard yndield by it njoggende rezjimint ynfantery. Aan wie mar sa’n seis kilometer út de reek fan thús, mar stapte in oare wrâld binnen. Hy besocht him der fleurich trochhinne te slaan, sa’t bliken docht út de kaart dy’t er op 22 oktober 1908 oan syn jongere suske Tsjitske stjoerde.

Tsjinstplicht wie doe noch net algemien. It leger lotte út de goedkarde kandidaten safolle rekruten as it nedich miende te hawwen. Wa’t ‘oanlotte’ wie, sa’t dat dan hiet, en net yn tsjinst woe mar al jild hie, koe yn earder tiid in ramplesant, in ferfanger, ynhiere om syn plak yn te nimmen, mar dy mooglikheid wie yn 1898 ôfskaft. Aan wie, lykas de Sietse Koopmans dy’t er neamt op de ansicht, oanlotte en hie gjin frijstelling fanwegen bruorretsjinst. Mar hawar, it wie hast folbrocht, op 28 novimber 1908 mocht er mei grut ferlof en koe er foargoed wer nei it âldershûs yn Britsum. As iennichste soan wie er dêr grif mear nedich as yn it leger: heit Auke Algera, boer, wie al yn 1893 ferstoarn en mem Hindrikje Hiemstra hie noch de soarch foar syn trije sussen, Wikje, Tsjitske en Aukje.

It boadskip oan Tsjitske is koart mar fleurich. As keamerwacht, dejinge dy’t de mienskiplike kazernekeamer op oarder hâlde moat, hat Aan blykber even tiid en skriuw in kaartsje. It kin wêze dat er referinsjes makket dy’t ús no ûntgean. ‘Alles goed, alles wel 2×’, is dat miskien in oanhaal út in soldateliet? En beslacht er mei ‘Leve de kuch’ faaks in bytsje de gek mei ‘Leve de koningin’? By einsluten waard er dêr yn dy kaserne drild om, as it sa útkaam, te striden en te stjerren foar God, Faderlân en Oranje, mar ûndertusken wie dy kuch net te fretten. Kuch, guodkeape en ornaris ynferieure soldatebôle, hie al lang foardat de sjonger Lou Bandy yn it mobilisaasjejier 1939 it liet ‘Rats, kuch en boonen’ populêr makke in hast sprekwurdlik minne reputaasje.

Yn kontrast mei de montere toan fan Aan syn boadskip is de stimmige foarmjouwing fan de kaart. De swarte omlisting eaget as de râne om in roubrief. Aan hie oars ek in fariant yn read yn stee fan swart stjoere kinnen. De kaart makket nammentlik diel út fan in searje fan fjouwer ansichten, mei fotootsjes fan de Nijstêd, it Suderplein, de Westersingel en de Wurdumerdyk, dy’t elk mei in swarte óf in reade omlisting te krijen wienen. Links en rjochts binne ljochtgriene twiichjes yntekene mei rôze of reade blomkes, dy’t sterk lykje op in plantesoart mei de namme brutsen hertsjes (Dicentra spectabilis). It ûntwerp is dúdlikernôch ynspirearre troch de jugendstil.

Utjouwer fan de searje wie de Ljouwerter boekhanneler Cornelis Arnold Johan Luitingh (1863–1942). Berne yn Middelburg bedarre er yn Fryslân doe’t syn heit yn 1884 skoalhaad waard yn Hallum. Heit Jan Cornelis Luitingh, auteur fan stichtlike lektuer en histoaryske fiksje foar jongerein, skreau dêr ûnder mear Seerp van Galema en zijne tijdgenooten. Een verhaal uit de geschiedenis der Hervorming in Friesland. Soan Cornelis begûn yn augustus 1889 in boekwinkel oan de Foarstreek yn Ljouwert en trije moanne letter troude er mei de Ljouwerter timmermansdochter Froukje Feddema.

Yn datselde jier advertearre er al mei nijjiers- en felisitaasjekaarten en nei de yntroduksje fan de ansichtkaart foege er dy oan it assortimint ta. Sûnt 1899 joech er sels topografyske ansichten fan Ljouwert út en yn 1902 brocht er in steal ansichten op ’e merk fan de lânboutentoanstelling dy’t doe yn Ljouwert hâlden waard. Boekhannel C.A.J. Luitingh bleau ûnder dy namme bestean oan 1969 ta (in filiaal mei de wurdboarterige namme De Peperbek, yn 1967 opstarte yn de Alde Doelesteech, sleat de doarren yn 1978).

Luitingh bestelde syn searje jugendstil-ansichten by printerij La Rivière & Voorhoeve yn Swol, ien fan de gruttere ansichtkaarteprodusinten yn Nederlân. Oprjochter Hugo la Rivière wie yn 1883 úteinset mei de produksje fan formulieren foar gemeentlike administraasje (de man hie earder boargemaster west) en wreide mei syn lettere kompanjon Anton Voorhoeve de aktiviteiten út nei boeken en oar printwurk. De firma fabrisearre in grut tal topografyske ansichten fan plakken yn hiel Nederlân, foar in part yn sân searjes mei dekorative omlistings. Fiif fan dy searjes hawwe mien dat de foto’s frij lyts yn swart-wyt ôfprinte binne yn autotypy en brede omlistings hawwe yn kleurelitografy. Meastentiids hat de firma deselde foto’s nammers ek brûkt foar ansichten bûten de searjes, en dan gauris yn kleur.

Yn trije fan dy fiif searjes binne kaarten mei Fryske topografy opnommen. De ierste searje, út likernôch 1900–1901, is ienfâldich, de foto hat in wyt passepartout mei in byske yn deselde kleur, ljochtblau of bêzje, as it flak dêr’t de foto oerhinne printe is. Fryske kaarten fan dat type ken ik inkeld fan Ljouwert – mei foto’s fan de Beurs, de Deinumer Suupmerk, de Noardersingel, de Prins Hindrikstrjitte, it Stasjonsplein, de Twibaksmerk en de Willemskade – sûnder fermelding fan in pleatslike útjouwer.

De twadde searje hat pearze of reade irissen op in read of swart font mei de foto yn in ovaal en mei in grien omrâne kaderke foar ta te foegjen tekst. Der is my mar ien Fryske útfiering fan bekend, mei de Ljouwerter Noardersingel, sûnder fermelding fan in pleatslike útjouwer. En as tredde is der de searje dy’t oanlieding is foar dit blog. Binnen Fryslân liket Luitingh as iennichste kaarten yn dy searje besteld te hawwen. Ek foarbylden fan bûten Fryslân komme je mar komselden tsjin. Blykber wie de faaks wat al te monumintale opsiering net botte yn trek.

Werom nei Aan Algera. Wa’t der ûntfanklik foar is, soe de roetswarte kaart mei brutsen hertsjes dy’t Aan syn suske Tsjitske stjoerde as in faai teken sjen kinne. Want op ’e kop ôf trije jier neidat er him foar it earst by de Ljouwerter kazerne meld hie kaam Aan, 22 jier âld, ‘na eene kortstondige ziekte’ yn Britsum te ferstjerren. ‘De Heere, Die niet antwoordt van Zijne daden, geve ons kracht naar kruis’, wie de bea fan de neibesteanden yn de Leeuwarder Courant. Aan waard begroeven op it tsjerkhôf fan Britsum. Syn grêf, mei in opsteande stien fan letter datum, is der noch. Dy stien hat oars gjin tekst as syn namme, berte- en stjerjier.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.