Georg Trakl, De swalker

 
De swalker

Altyd linet tsjin de heuvel de wite nacht,
Dêr’t yn sulvertoanen de peppel opriist,
Stjerren en stiennen binne.

Sliepend bôget it heechhout oer de stoartbeek,
Folget in fertige antlit de jongfeint,
Siselmoanne yn roazich ravyn

Fier fan de priizgjende herders. Yn âld stiente
Sjocht út kristallen eagen de podde,
Untwekket de blossemjende wyn, it fûgellûd fan de deadegelikense
En syn stappen grienje sêft yn it wâld.

Dat bringt beam en bist yn ’t sin. Stadige treden fan moas;
En de moanne
Dy’t glânzjend yn treurige wetters fersinkt.

Hy keart werom en kuieret lâns griene igge,
Soeit op swart gondelboatsje troch de ferfallen stêd.

 

Der Wanderer

Immer lehnt am Hügel die weiße Nacht,
Wo in Silbertönen die Pappel ragt,
Stern’ und Steine sind.

Schlafend wölbt sich über den Gießbach der Steg,
Folgt dem Knaben ein erstorbenes Antlitz,
Sichelmond in rosiger Schlucht

Ferne preisenden Hirten. In altem Gestein
Schaut aus kristallenen Augen die Kröte,
Erwacht der blühende Wind, die Vogelstimme des Totengleichen
Und die Schritte ergrünen leise im Wald.

Dieses erinnert an Baum und Tier. Langsame Stufen von Moos;
Und der Mond,
Der glänzend in traurigen Wassern versinkt.

Jener kehrt wieder und wandelt an grünem Gestade,
Schaukelt auf schwarzem Gondelschiffchen durch die verfallene Stadt.

 

Ut Sebastian im Traum, 1915

This entry was posted in Georg Trakl and tagged . Bookmark the permalink.