Poste restante XXXIV

‘Een Amusant Rijtoertje in “Aapje 117.”’ (m.û.), ±1900–1905. Klisjee- en boekdruk yn swart en rôze, 92×137 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpels De Haach 04-06-1905 en Marsum 05-06-[1905]. Ferstjoerd oan Wietske Bruinsma, Marsum, troch ‘H.E.’

Wa wit hawwe har hospes en hospita, it echtpear Jan van der Heide en Trijntje Oreel, de kaart earst yn hannen hân en har der efkes mei pleage. Mar wisten Jan en Tryntsje wat it plaatsje krekt foarstelde en wêr’t it ûnderskrift op sloech? En wist harren kostgongster, de 26-jierrige Wietske Bruinsma, ûnderwizeres yn Marsum, dat eins wol?

It wurd aapje, om te begjinnen, yn it ûnderskrift ‘Een Amusant Rijtoertje in “Aapje 117.”’ hat in ûngewoane betsjutting. It supplemint op it Woordenboek der Nederlandsche taal omskriuwt dy betsjutting sa: ‘Tusschen 1880 en 1885 te Amsterdam in gebruik gekomen benaming voor een stationneerend huurrijtuig (oorspr. voor die van een bepaalde maatschappij), ontleend aan de bonte kleeding der koetsiers (grijs met rood).’

En Aapje 117 ferwiist hjir nei noch wat mear as in hierrydtúch mei dat nûmer. Aapje no. 117 is nammentlik de titel fan in oersetting út it Frânsk fan de komeedzje Fiacre 113 út 1886 fan Émile de Najac en Albert Millaud. Dy oersetting waard foar it earst opfierd yn de Salon des Variétés yn Amsterdam op 16 juny 1886. Dêr yn de Amstelstrjitte soe it jierrenlang op it repertoire bliuwe. Ek oare selskippen brochten it yn ferskillende oersettings op ’e planken. Oant yn de lette jierren tweintich waard ‘het oer-geestig pikante blijspel’ opfierd, fan Amsterdam oant Semarang op Java.

It Amsterdamske Circus Oscar Carré kaam mei in pantomime-bewurking, titele Een verongelukt souper of Aapje 117, en luts dêrmei troch it hiele lân. Hiel pikant sil dy ‘komieke pantomime’ net mear west hawwe, want hy waard gaadlik fûn ‘voor Kinderen en Begeleiders’. Het Nieuws van den Dag fan 3 jannewaarje 1890 jout in gearfetting:

Een kluchtig bruiloftsmaal is de aanvang van die pantomine, waarin potsierlijke figuren optreden. Voor de goede spijsvertering zeker gaan de jonggehuwden en gasten daarna wat schommelen, waarbij de bruid ongelukkig midden op en door de lange tafel tuimelt. Protest van kok en knechts, komst van gendarmes, vlucht van het geheele gezelschap. Daar verschijnt als een reddende engel Aapje 117, met August den domme op den bok, kostelijk gegrimeerd als een echte “sleeper”. Hij zal de jongelui naar het station heenvoeren, maar ’t paard wil niet meer vooruit; uit wanhoop zet hij de flesch aan den mond, wordt beschonken; teleurstelling en vrees bij het jonge echtpaar; achterhaling door de gendarmes, en alles wat beenen heeft, kruipt nu door en onder en boven het “Aapje 117”, dat uitstekend geschikt blijkt om te verschijnen en te verdwijnen. Het is een recht kluchtige voorstelling.

Leeuwarder Courant, 16-07-1890

Fan 16 oant 20 july 1890 wie dat John Lanting-achtige mar spraakleaze spektakelstik te sjen op de Ljouwerter merke op it Saailân. Faaks hawwe Jan en Tryntsje it doe sjoen; Marsum–Ljouwert is mar in hoannestap.

Aapje no. 117 makke boppedat merchandising los. Der ferskynde in strjitliet yn druk mei de titel Aapje 117 of de eierboer en de koffiepiksters. In tabaksferkeaper yn De Haach ferkocht segaren fan in heale stoer mei de merknamme Aapje 117. En in anonime útjouwer brocht dus in op de komeedzje of de pantomime ynspirearre ansichtkaart út, in goedkeap stikje printwurk, dêr’t twa farianten fan bestean: ien mei it ûnderskrift ‘Een Amusant Rijtoertje in “Aapje 117.”’ en it boppeskrift ‘O! als dat mijn moeder wist!!!”, en ien mei net inkeld dy byskriften mar ek Frânske ekwifalinten dêrfan: ‘Une Promenade amusante.’ en ‘Si maman le savait!’


Wat is it dat mem mar better net witte kin? It lytse pikanterytsje fan de kaart stiket yn wat op it earste gesicht net te sjen is. Beide ferzjes hawwe in klepke: de doar fan it aapke kin iepenteard wurde en gunt ús dan in blik yn it skimertsjustere binnenst fan de koets, dêr’t – kreas yn de klean, hear – in tútsjend pearke yn blykt te sitten. O la la! (Dat it aapke it nûmer 69 yn stee fan 117 hat, moatte wy mar net tefolle achter sykje; wierskynlik is der gebrûk makke fan in al langer besteand klisjee.)

Wie de ôfstjoerder, ‘H.E.’, in pleagerige freondinne, of faaks in frijpostige jongfeint? Ik wit it net. De ûntfangster is lykwols mear oer te finen. Wietske Bruinsma kaam op 28 april 1879 yn Appelskea op ’e wrâld as âldste bern fan Ybele Bruinsma en Johantje Reinders. Yn 1903–1907 stie sy as ûnderwizeres yn Marsum. Dêrnei wie sy hast tritich jier lang ûnderwizeres oan de Leerschool fan de Rijkskweekschool voor Onderwijzeressen yn Apeldoarn.

De Nieuwe Apeldoornsche Courant fan 1 july 1937 die wiidweidich ferslach fan har ôfskie, mei sang troch skoalbern, in protte geskinken en in smite sprekkers. Ien fan harren wie kollega en freondinne Catharina Alida Eerkes, dy’t har noch goed te binnen bringe koe hoe’t tritich jier earder it doetiidske haad fan de Leerschool nei Marsum ôfreizge wie, ‘waar hij Wiets had zien werken en hoe enthousiast hij was geweest over haar les, wat haar benoeming aan de school tot gevolg had gehad’. Nei noch mear lof en waarme oantinkens fan juffer Eerkes en de oanbieding fan ‘een echte Groningsche koffiepot’ wie Wietske sels oan bar:

Ontroerd door zooveel waardeering en oprechte vriendschap heeft juffr. Bruinsma haar dank gebracht aan allen, die haar dezen middag, waartegen zij zoo heeft opgezien, tot een onvergetelijke hebben gemaakt en voor alles wat haar hierbij is aangeboden. [...] Zij gevoelde, veel meer ontvangen dan gegeven te hebben, als zij dacht aan de vele heerlijke oogenblikken, die zij op de Leerschool met de kinderen beleefd had.

Wietske Bruinsma ferstoar yn Apeldoarn op 24 febrewaarje 1961. Sy waard kremearre yn Dieren.

Noat
It Wurdboek fan de Fryske taal ken aapke yn de betsjutting fan ‘hierrydtúch’ net. Der is lykwols in frij resint fynplak: Tjitte Piebenga brûkte aapke fjouwer kear yn dy betsjutting yn it ferhaal ‘De njoggenskots’, Trotwaer 32, nû. 3 (april 2000), s. 113–121: 115–116.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.