Mail oan Minke III

Leave Minke,

It boartersplak fan beukerskoalle De Paddestoel yn Boalsert stie in stiennen muorre omhinne – yn myn ûnthâld in hegenien. Moast dy muorre ús, kabouterkes, binnenhâlde of opslûpen pubers bûtenhâlde? Wierskynlik beide. Mar de skerpe diggels fan grien en brún glês dy’t mei speesje boppe-op de muorre fêstset wienen, tsjinnen grif inkeld it lêste doel. Se wienen net bedoeld om de boartsjende beukerkes ôf te skrikken. Likegoed joegen dy agressive glêsdiggels my yndertiid, rom 55 jier lyn, in gefoel fan ûnfeiligens, fan finzenskip hast.

Nee hear, ik haw dêr neat fan oerhâlden, mar ’t is my al bybleaun. Do fregest my nei de betsjutting fan muorren yn de poëzy fan Robert Frost. It is yndied in weromkearend motyf yn syn wurk. Ik leau lykwols net dat it fenomeen ‘muorre’ by Frost in fêste symboalfunksje of archetypyske lading hat. Neffens my wikselet de betsjutting dy’t der oan takend wurde kin per gedicht, sa bot sels dat in muorre by Frost soms in posityf en soms in negatyf ding is, of alteast liket te wêzen. It antwurd op dyn fraach is dus ôfhinklik fan hokfoar gedicht datst by de kop pakst, en fansels ek fan wa’t it antwurd jout. Ik rin de trije gedichten bylâns dêr’t it motyf ‘muorre’ in substansjeel elemint yn is.

Frost syn ferneamde fers ‘Mending Wall’, in ferheljend gedicht yn fiifjambige rigels sûnder rym, befreget hiel eksplisyt it nut fan muorren. Wat doel hat it in muorre te meitsjen en te ûnderhâlden dy’t oars net docht as in stik lân mei appelbeammen skiede fan in stik lân mei dinnebeammen? Gjin inkeld doel, wylst it ôffreedzjen fan stikken lân oaren wol tagong en trochgong ûntseit. Mar neffens de antagonist yn it gedicht – de buorman mei wa’t de ik de muorre elk jier wer oplapet – garandearret de muorre goede buorskip: ‘Good fences make good neighbors’. De ik yn it gedicht sjocht der lykwols wat primityfs yn. Sa net, de muorre dy’t it grûnbesit fan de ien ôfskermet fan it grûnbesit fan de oar, is sels mienskiplik besit en ferget mienskiplik ûnderhâld. Fanwegen dat lêste bringt de muorre beide buorlju ek byinoar.

Dat is alteast hoe’t ik it gedicht lês. Ik diel myn ynterpretaasje mei in protte oaren, mar der binne ek ôfwikende ynterpretaasjes, en guon steane dwers op mines. ‘Mending Wall’ hat fan begjin ôf oan ûnderwurpen west oan útienrinnende analyzes. John C. Kemp jout yn syn boek Robert Frost and New England in oersjoch en merkt, foarôfgeand oan syn eigen útlis, op:

The variety of interpretations has been remarkable. By concentrating on one of the two characters, by making more or less of the poem’s symbolism, its irony, or its connection with Frost’s other work, readers have found ways to condemn the speaker as well as to defend him, and they have been equally ingenious in presenting arguments for and against the farmer’s adage about good fences.

It fers ‘A Cow in Apple Time’ set muorren yn in hiel oar ljocht. Hjir hat de muorre in dúdlike funksje: hy skiedt gjin appelhôf fan in dinnebosk, mar in appelhôf fan in greide mei fee, en dat fee moat weihâlden wurde fan it fruit. Mar in ko brekt troch de muorre hinne en fret har sêd oan de appels. Dat is net sûnder gefolgen: de gistende appels meitsje har dronken en soarchje derfoar dat se gjin molke mear jout. De appels, dy’t net foar har ornearre wienen, dogge har skea.

Op it earste gesicht is it ferske in ûnskuldich teltsje – Dean Yeagle makke der yn 2005 in fleurich berneprinteboek fan – mar in laach djipper is it neat minder as in parafraze fan de sûndefal. De ko is as Eva, dy’t de skied tusken it tastiene en it ûntalitbere oerstuts, fan de ferbeane frucht iet en dat belije moast. Wat boadskip wol Frost kwyt? Dat der begrinzings binne, fan boppen ynsteld, dy’t in minske te earbiedigjen hat? It soe passe by it puriteinske stimpel dat op Frost drukt is yn syn jeugd.

En dan it nuvere gedicht ‘Not Quite Social’. Nei de foarm is it vintage Frost, mei kwatrinen mei krúst rym en fiif heffings de rigel binnen in frij metrum, mar kwa toan en ynhâld is it in swarte swan binnen syn oeuvre. Der klinkt in spotsk lûd út op dat yn it ornaris bespegeljende, mankelike, ferhoalen-iroanyske wurk fan Frost seldsum is. En ynhâldlik smyt it fragen op. Yn The Robert Frost Encyclopedia neamt Todd Lieber it mei rjocht ‘a somewhat obscure poem’. De ik yn it gedicht hat wat dien dat net rjocht akseptearre is en moat foar syn antymaatskiplike aksje faaks straft wurde. De omskriuwing fan wat er misdien hat, is kryptysk: hy hat de lju warskôge troch harren foar te hâlden

That the city’s hold on a man is no more tight
Than when its walls rose higher than any roof.

Hjir liket in motyf yn mei te sprekken dat yn Frost syn ‘rurale’ oeuvre faken foarkomt: de tsjinstelling tusken plattelân en stêd, dy’t gearfalt mei de tsjinstelling tussen goed en kwea – wat dat oangiet hie Frost in Frysk skriuwer wêze kind. De goedens en goedmoedigens fan it plattelânslibben paste by Frost syn publike imago, dat Derek Walcott yn in pear halen omskreaun hat as: ‘Robert Frost: the icon of Yankee values, the smell of wood smoke, the sparkle of dew, the reality of farmhouse dung, the jocular honesty of an uncle.’

Mar wat hawwe yn ‘Not Quite Social’ dy ‘walls’ te betsjutten? Oars as de natuer hâldt de stêd de minske yn de greep, en dy greep wie nea grutter as doe’t de muorren heger riisden as alle dakken. Dy dakken joegen faaks burgenens, mar mei sokke hege muorren is dat in burgenens ûnder in slachskaad. No lykje ‘the city’ en ‘its walls’ hjir yn algemiene sin brûkt te wêzen. Dochs soe it neffens my sa wêze kinne dat Frost spesifike saken op it each hie. Want wiist it brûken fan de doetiid ‘rose’ yn stee fan de notiid ‘rise’ net earder op in histoarysk barren as op in algemiene kondysje? Yn dat gefal soenen ek dy ‘city’ en dy ‘walls’ wolris hiel konkreet wêze kinne.

Even breinstoarmje. De stêd aller steden, New York, wurdt ek wol ‘The City’ neamd. ‘The City’ is nammers ek in oantsjutting foar it finansjele sintrum fan Londen. Mei dat yn ’e achterholle is it gjin grutte stap om ‘walls’ te sjen as in allúzje op Wall Street, de wichtichste strjitte yn it Financial District op it New Yorkse Manhattan, en by útwreiding in oantsjutting foar dat hiele Financial District. It is de sucht nei jildlik gewin troch middel fan spekulaasje wêrmei’t de stêd de minske knypt, knoeit, korrumpearret. Yn dat ljocht falt ek it slot fan ‘Not Quite Social’ better op syn plak. Frost einet ommers mei metafoaren dy’t te krijen hawwe mei finansjele transaksjes:

I shall will to the common stock of air my breath
And pay a death-tax of fairly polite repentance.

De kearnbegripen hjiryn binne ‘neilitte’ (to will), ‘oandielen’ (common stock) en ‘erfbelesting’ (death-tax). Benammen dy oandielen pleatse it gedicht yn de sfear fan beurshannel en jouwe nei myn betinken mei weromwurkjende krêft in (by)betsjutting oan de ‘walls’, ien dy’t sûnder mis aktueel wie yn de tiid dat ‘Not Quite Social’ skreaun waard. Frost publisearre it gedicht foar it earst yn de Saturday Review of Literature fan 30 maart 1935, middenyn de Great Depression, de lang oanhâldende ekonomyske krisis dy’t folge wie op de Wall Street Crash, de beurskrach, fan 1929.

Net dat Robert Lee Frost, sa’t de dichter folút hiet, in sosjalist wie, of lêst hie fan oarsoartige foarútstribjende oanslaggen. Krekt oarsom: Frost wie in konservatyf, dy’t himsels ris typearre as ‘orthodox in politics[,] love and religion’. Dat wie yn in brief út 1917, mar it wie gjin momintopname, it wie in libbenslange grûnhâlding. Frost hie in hekel oan alles wat progressyf of avant-gardistysk wie. Fan syn heit (dy’t him as foarnammen de namme fan de Konfederaasje-generaal Robert E. Lee joech) hie er sympaty oerurven foar it stânpunt fan de rebellearjende Súdlike Steaten yn de Amerikaanske Boargeroarloch. Ek hie de dichter net in protte moederaasje mei it grutte leger fan wurkleazen as gefolch fan de Great Depression: Frost wie tsjin útkearings en wurkferskaffingsprojekten foar wurkleazen en oppere sels dat foar harren miskien mar wer slavetsjinst ynsteld wurde moast, skriuwt syn (bytiden licht fileine) biograaf Henry Hart.

It binne dan ek, tink ik, net sasear it kapitalistyske finansjeel-ekonomyske systeem en de bypassende sosjale struktuer dy’t Frost yn ‘Not Quite Social’ bekritisearret. Ja, Frost hie politike ideeën – faaks better sein: persoanlike (en gauris reaksjonêre) mieningen en mieninkjes oer oarmans politike ideeën – mar hy wie alderminst sels in politikus en ambiearre dat ek hielendal net. Hy wie in dichter, ien mei in romantyske langst nei in boerewrâld mei dito sosjaal-ekonomyske ferhâldings, en in ôfgriis fan de moderniteit fan de metropoal.

De fraach oft dy langst en dy ôfgriis autentyk of poaze wienen, lit ik even lizze. Wêr’t it om giet, is dat de misdied fan de ik yn ‘Not Quite Social’ derút bestiet dat hy warskôget tsjin it bûtensluten en it ûntminsklikjen dat útgiet fan ‘Wall Street’, as pars pro toto fan in systeem dêr’t hjoeddedei bygelyks ek de Amsterdamske Zuidas diel fan útmakket. Syn warskôging is dy fan de ienling en spulbrekker dy’t er as dichter no ienris is. Faaks is it benammen dát wat de mienskip him kwea ôf nimt en wat bestraft wurde moat.

Ik hoopje dy gau werris te moetsjen, Minke. Miskien moatte wy ris tegearre nei Boalsert ta, om in besite te bringen oan it nije kultuerhistoaryske sintrum De Tiid dêre. En sille wy dan ek efkes by De Paddestoel lâns, om te sjen oft dy glêsdiggels noch op dy muorre sitte, en hoe heech dy muorre no echt is? Ik belje dy om ôf te praten! Hertliks,

Klaas

– John C. Kemp, Robert Frost and New England. The poet as regionalist, Princeton 1979, s. 13–26.
– Todd Lieber, ‘“Not Quite Social”’, yn: Nancy Lewis Tuten & John Zubizarreta (red.), The Robert Frost Encyclopedia, Westport/London 2001, s. 237–238.
– Derek Walcott, ‘The road taken’, yn Joseph Brodsky, Seamus Heaney & Derek Walcott, Homage to Robert Frost, New York 1996, s. 89–117: 94. Earder publisearre yn The New Republic, 1995.
– Donald Sheehy, Mark Richardson & Robert Faggan (red.), The Letters of Robert Frost, I: 1886–1920, Cambridge, MA, 2014, s. 583.
– Henry Hart, The life of Robert Frost. A critical biography, Hoboken 2017, s. 267.

This entry was posted in Flessepost and tagged , , , , , , . Bookmark the permalink.