In slach oer antykmerk De Looier yn Amsterdam smyt altyd wol wat op. Hjoed makke ik dêr in hûndert jier âld poesyalbum bût fan in famke út Hijum, Aaltsje Stienstra. In guodkeap makke boekje fan fersuorjend papier, mar Aaltsje hat der goed op past.
Aaltje, sa’t sy neffens de boargerlike stân hiet, waard berne yn Hijum op 22 juny 1913, as dochter en iennichst bern fan Sierd Stienstra (1884–1941) en Grietje Brouwers (1886–1935). Aaltsje troude op 14 maaie 1941 yn it gemeentehûs fan Ljouwerteradiel yn Huzum mei Jan Smit (1914–1999). Sy buorken yn Hallum en wennen letter yn Stiens; harren houlik bleau sûnder bern. Aaltsje ferstoar yn Stiens op 22 juny 1989, de dei dat se 76 jier waard.
Har poesyalbum befettet acht bydragen út de jierren 1921–1928. Alle acht bydragen bestean út Hollânsktalige ferskes, elk opfleure mei ien oant trije plaatsjes. De bydragen binne fan:
1. Sierd Stienstra, Hijum, 15-10-1922. Aaltsje har heit.
Berne Hallum 13-10-1884, ferstoarn Ljouwert 06-10-1941, soan fan Nanne Stienstra (1854–1930) en Hiltje de Wilde (1853–1913), troud Ljouwerteradiel 15-05-1910 mei Grietje Brouwers (1886–1935).
2. Maaike Holwerda, Hijum, 12-02-1922.
Berne Blije 29-09-1901, ferstoarn Stiens 10-09-1986, dochter fan Wijbren Holwerda (1866–1932) en Sijtske van der Velde (1869–1905), troud Ljouwerteradiel 09-06-1926 mei Pieter Bosma (1902–1968).
3. Jitske Stienstra, Koarnjum, 01-08-1921.
Berne Hallum 30-03-1883, ferstoarn Ljouwert 02-12-1965, dochter fan Nanne Stienstra (1854–1930) en Hiltje de Wilde (1853–1913), troud Ferwerteradiel 07-05-1908 mei Lieuwe Brouwers (1883–1930).
4. Sijbren Schelte Brouwers, Koarnjum, 01-08-1921.
Berne Koarnjum 18-10-1910, ferstoarn Koarnjum 17-12-1977, soan fan Lieuwe Brouwers (1883–1930) en Jitske Stienstra (1883–1965), troud Ljouwerteradiel 09-05-1933 mei IJtje Kalma (1912–2006).
5. Jisseltje Olijnsma, Hijum, 10-02-1923.
Berne Feinsum 21-04-1911, ferstoarn Ljouwert 14-12-1997, dochter fan Cornelis Olijnsma (1882–1938) en Jacobje Postma (1887–1970), troud Ljouwert 03-05-1941 mei Wijbe Bouma (1920–1996).
6. Lieuwkje van Dijk, Koarnjum, 30-09-1928.
Berne Koarnjum 09-01-1915, ferstoarn Koarnjum 24-11-1971, dochter fan Keimpe van Dijk (1881–1929) en Klaasje van der Kooi (1886–1973), troud Ljouwerteradiel 09-04-1944 mei Johannes Keestra (1917–1979).
7. Pietje Hovinga, Koarnjum, 05-09-1928.
Berne Koarnjum 06-11-1913, ferstoarn Emmen 30-01-1990, dochter fan Nanne Hovinga (1884–1958) en Grietje Flapper (1885–1967), troud Ljouwerteradiel 08-07-1939 mei Sijbe Klaas van Dijk (1911–1974).
8. Ymkje Feenstra, Hijum, 28-10-1928.
Berne Stiens 09-06-1911, ferstoarn 10-03-1996, dochter fan Jacob Feenstra (1883–1953) en Ytje Fennema (1884–1946), troud Hinnaarderadiel 19-05-1933 mei Pieter Brinksma (1909–1993).
Yn de byldbank fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert sit in skoalfoto út 1922 (id.nû. HIJUM3007) mei Aaltsje derop. Sy is it famke dat it meast links stiet. Op deselde foto it famke mei de prachtige namme Jisseltsje Olijnsma fan bydrage 5. Ek bestiet der in kykje fan Aaltsje as jongfaam fan nei skatting in jier as achttjin, wylst sy in hynder by it helter hâldt. Dat kykje is te finen op side 14 fan it saneamde Famylje-album Brouwers I, om 1965 hinne gearstald troch Tineke Lettinga-Brouwers. It is digitalisearre en online set op de website fan Stichting Erfgoed Fundaasje. Op oare foto’s yn dat album stean guon famyljeleden fan Aaltsje dy’t hjirboppe neamd binne.
Tante Jitske en neef Sybren leveren as earsten in bydrage oan Aaltsje har poesyalbum. Heit Sierd die him dat pas rom in jier letter oan tiid. Achter syn bydrage, foaryn it albumke, binne twa tsjinoer elkoar lizzende siden blanko litten: grif foar in bydrage fan mem Grytsje, mar dy is dêr nea oan takaam.