Foar famylje, freonen – en it Fryske folk

Twahûndert jier de Lapekoer

Yn 1822, twahûndert jier lyn, ferskynde De lape koer fen Gabe Skroor fan de bruorren Halbertsma. It wie mar in behindich boekje, mei foaral rymstikjes, en in bytsje proaza deropta. Likegoed wurdt it boekje sjoen as in mylpeal yn de ûntjouwing fan it Frysk as literêre taal. Dêr wienen Fryskskriuwers foar nedich, mar fansels ek Frysklêzers, en de Lapekoer soe dat lêste op gong brocht hawwe. Mar wie dat fan ’e miet ôf oan de yntinsje fan de bruorren?

Fjouwer Lapekuorkes, no yn Amsterdam. UB Amsterdam en partikuliere kolleksje.

Tekst en metatekst

Sa op it each stelt de earste printinge fan de Lapekoer net folle foar. It boekje telt mar 36 siden fan noch gjin 13 by 11 sintimeter, yn in ienfâldich omslachje fan brún moarmere papier. It bylket bepaald net. Mar it wie wat nijs, dy Lapekoer. Fansels fanwegen de taal fan it boekje, it Frysk, mar ek fanwegen de toan. Jawis, de ferskes pasten binnen de romantyk dy’t ek yn Nederlân stadichoan opjild die, mar de frivoale ferskes klonken krekt in slachje frijmoediger as wenstich wie en de mankelike ferskes hienen in swarte râne.

Hiel dúdlik komt dat lêste ta utering yn it ferneamde ‘Deagrawers sankje’. Dêryn bemimeret in deagraver dat it lot fan de lju dêr’t er no grêven foar dolt elkien wachtet en ea ek sines wêze sil. Skealik hast stelt er him foar dat de deadsholle dy’t er by it dollen tsjinkomt ienris fan in tsjeppe faam wie. Hy einet net mei in blik op it hegere of in bea ta God, mar ropt syn lodde, syn skeppe, oan:

Eeltsje Halbertsma yn 1821. Stiendruk troch Petrus Halbertsma, in soan fan Joast, nei in tekening troch Douwe de Hoop. Partikuliere kolleksje.

Lodde, lodde in modder!
Jou mij brea in reast;
Jou mij earme bodder
’n Greaf, ien greaf for ’t least.

Ek it fers ‘It libbens ein’, dat it ferfal en de deastriid fan in âld man skilderet, slút folslein yllúsjeleas ôf: ‘De dea is master fenn’e wraad! / De wraad forgiet in wij fersinke. / O! lit uus jimmer derom tinke.’ Beide ferskes binne memento mori’s sûnder moraal.

Nêst dy beide fersen befettet dy earste Lapekoer noch fjouwer oare rymstikjes en in flarde proaza. De tekstkes stean op namme fan Gabe, in boeresoan earne tusken Boalsert en Frjentsjer, dy’t skroar (kleanmakker) wurden wie om’t er in swakke sûnens hie en kreupel wie. Winliken is de Lapekoer in soarte fan manuscript found in a bottle: it hjit dat de tekstkes nei Gabe syn iere dea út de fodkoer fandele binne dy’t er ûnder syn wurkbank stean hie.

Mar Gabe is in fiktive figuer. De eigentlike skriuwer fan de tekstkes wie de Grouster doarpsdokter Eeltsje Halbertsma. Gabe ferhâldt him ta Eeltsje as Piet Paaltjens ta François HaverSchmidt yn syn ferneamde Snikken en grimlachjes (1867). Lykas letter HaverSchmidt hie Eeltsje Halbertsma studint yn Leien west, mar hy hie him dêr ûnmooglik makke (wêrmei is ûnbekend) en de wyk nommen nei Heidelberg. Dêr krige de literêr oanleine Eeltsje in tik mei fan de Dútske Romantyk, dy’t heftiger en rouwer wie as de Nederlânske, wat syn wjerslach krige yn de Lapekoer.

Eeltsje Halbertsma mei dan de skriuwer fan de tekstkes wêze, de auctor intellectualis fan de Lapekoer as gehiel wie syn âldste broer Joast Halbertsma, minnistedûmny yn Dimter, in man mei in tige brede belangstelling, benammen foar skiednis, taal en letterkunde. Joast hie it inisjatyf naam ta de Lapekoer, stalde it gear en foege ‘metatekst’ ta oan Eeltsje syn wurk, plus ‘noch in wurdsje oer Gabe’ by wize fan ôfsluting. Boppedat soarge hy derfoar dat it boekje printe waard – yn syn wenplak Dimter, by de widdo J.H. de Lange en soan – en dat it ûnder de minsken kaam.

Foar famylje en freonen

Titelside fan De lape koer fen Gabe Skroor, Dimter, widdo J.H. de Lange en soan, 1822. Partikuliere kolleksje.

Under de minsken, net ûnder it folk. De twahûndert eksimplaren dy’t fan it boekje printe waarden, wienen net te keap. Joast dielde se út oan famylje en freonen. Dat is alteast it byld dat de bewarre bleaune eksimplaren jouwe. Se binne ornaris foarsjoen fan in opdracht yn it hânskrift fan Joast, sadat wy witte wa’t de befoarrjochten wienen. Eksimplaren fan dy earste Lapekoer befine harren hjoeddedei yn tal fan bibleteken en partikuliere samlingen binnen en benammen bûten Fryslân. Ik behein my ta de fiif eksimplaren dy’t trasearber binne yn Amsterdam: ien yn de bibleteek fan de Vrije Universiteit, twa yn de bibleteek fan de Universiteit van Amsterdam en twa yn priveebesit.

It earstneamde eksimplaar hat in opdracht oan Johannes Eusebius Voet van Campen (1778–1851). De man hie net mear bining mei Fryslân – lit stean it Frysk – as dat er in jiermannich herfoarme predikant west hie yn Boalsert. Dêr wie er in kollega fan Joast, dy’t dûmny yn de stêd fan Gysbert Japix wie foardat er yn 1821 beroppen waard yn Dimter. Beide mannen hienen niget oan taal en hawwe grif faak kontakt mei inoar hân. Doe’t de Lapekoer it ljocht seach, wie Voet van Campen lykwols al wer fiif jier predikant yn de akademystêd Leien.

In Lapekoer mei in (trochskraste) opdracht oan Seerp Brouwer en in opdracht oan Jan Bos. UB Amsterdam, kolleksje S. van der Burg.

De beide eksimplaren fan de UvA wienen ornearre foar Gepke en Seerp Brouwer, bern fan de Ljouwerter minnistepredikant Jan Brouwer. Gepke (1791–1863) wie troch har houlik mei de kommisjonêr Jelle Hingst yn 1817 keapmansfrou yn Amsterdam wurden. Har broer Seerp (1793–1856) wie in jeugdfreon fan Joast. Seerp wie yn 1822 noch genêshear yn Ljouwert, mar waard it jier derop beneamd ta heechlearaar wis- en natuerkunde yn Grins. Letter soe er noch in skoft lid fan de Twadde Keamer wêze. Mar hat Seerp syn Lapekoer yndied krigen? It liket derop dat Joast him fersind hie of betocht hat: de opdracht oan Seerp is trochskrast en, yn Joast syn hânskrift, ferfongen troch ien oan Jan Bos (1757–1831), dy’t lid fan de Boalserter froedskip west hie.

Fan de eksimplaren yn priveebesit hat ien eigendom west fan Pieter Boeles (1795–1875), dûmny yn Penjum, in man mei in protte niget oan it Frysk en letter ek it Grinzers. Pieter wie de heit fan de bekende histoarikus W.B.S. Boeles, dy’t ûnder mear in mânske stúdzje publisearre oer de Frjentsjerter akademy. It oare eksimplaar wie fan Jouke alias Jodocus Heringa (1765–1840), in neef fan Joast en Eeltsje – Jouke wie in soan fan tante Janke Halbertsma – mar boppedat, nei in jiermannich dûmny west te hawwen, fan 1794 ôf heechlearaar teology yn Utert.

Famylje en freonen, jawis, mar tagelyk minsken út de hegere stân, notabelen, om net te sizzen pommeranten: in keapmansfrou, dûmnys, professoaren. Guon mei in oantoanbere ynteresse foar taal en literatuer, mar de measten wenjend bûten Fryslân, op ôfstân fan de Fryske taalmienskip. Wie de Lapekoer makke om dy mienskip oan it lêzen fan de memmetaal te krijen, dan waard dat aksjemiddel alsa net botte adekwaat ynset. Hie Joast it boekje yn dat gefal net better tastjoere kinnen oan de ferskate lêsselskippen yn Fryslân?

Proefballontsje en groeiboek

Kanonfoarming op it skyld fan in Fryske skuoralmenak. Yn top Gysbert Japix, daalk ûnder him Joast en Eeltsje Halbertsma. Frjentsjer, T. Telenga, om 1883 hinne. Partikuliere kolleksje.

Behalven as in weijouwerke wie de Lapekoer ek bedoeld as in op ’e smaakbringerke. Dy yndruk jout alteast Joast as er, jierren letter, yn in brief út 1863 oer de earste Lapekoer skriuwt: ‘Die eerste slag was een driegulden waard. De liefhebbers, die geen exemplaar kregen, schreeuwden er om als magere varkens, en de weg was gebaand voor al de stukjes, die gevolgd zijn.’ It foaropwurdsje yn de Lapekoer sels leit it aksint justjes oars. Dêryn wurdt steld dat de gearstallers de fodkoer fan Gabe noch wolris trochnoaskje sille as sy dêr sels nocht oan krije, en as dat ienris sa fier is, sil der foar in werútjefte betelle wurde moatte!

Dy werútjefte is der kommen, yn in tige útwreide foarm, al ferskynde dy pas sân jier letter, yn 1829. Dy twadde printinge telde al 237 siden, wêryn’t fan de lieten tsien fan muzyk foarsjoen wienen. De tredde printinge (1834) dijde út ta in lytse 500 siden mei grutter blêdspegel, en sa gong dat mar troch. De útwreidingen wienen faak yn proaza. De achtste printinge (1871) waard omdoopt ta Rimen en teltsjes. Under dy nije titel ferskynden oant no ta tolve printingen, de lêste yn 2009.

Sûnder oerdriuwing kin sein wurde dat it boek útgroeid is ta in classic. It is boppedat in ikoan fan de emansipaasje fan it Frysk. De Lapekoer hat de rop dat it de oanset wie ta de renêssânse fan it skreaune Frysk, in opbloei dy’t gauris yn in Frysk-nasjonaal ramt set wurdt. Sa hienen de Halbertsma’s neffens Klaes Dykstra yn syn Lyts hânboek fan de Fryske literatuer mei de Lapekoer ‘it folk’ wer lêzen en sjongen leard en it dêrmei ‘in grûnslach foar nij bewustwêzen’ jûn, wêrnei’t Dykstra de Lapekoer typearret as ‘it nasjonale folksboek dat it no noch altiten is’.

Heiling mei Fryske rymkes fan de Halbertsma’s. Dimter, J. de Lange, om 1829 hinne. Partikuliere kolleksje.

Wat dêr fan wier is, falt bûten it bestek fan dit stik. Mar it kin gjin kwea te wizen op it ferskil tusken de úteinlike Rimen en teltsjes, oploege mei smoute, meast fleurige ferhalen, en dy earste Lapekoer, mei syn toan fan morbide mankelikens. Boppedat sil it net dy sa eksklusyf fersprate earste Lapekoer west hawwe dy’t de lju leard hat om Frysk te lêzen. Ynfloed krige it boek pas fanôf de twadde printinge út 1829, en yn ’e mande mei alle oare Frysktalige belletry en bric-à-brac fan de Halbertsma’s.

Dêr brûkten sy media foar dy’t ek de gewoane man en frou berikten: almenakjes, it fluchskrift De Roeker fan broer Tsjalling, lietbledsjes, nijjiersdichten, weachbriefkes, wiersizzerijkaartsjes en benammen de saneamde heilingen of sintsprinten: goedkeape blêden mei houtfykjes en ûnderskriften, meastentiids op rym, ornearre foar bern. Wylst de Lapekoer lange tiid mar matich ferkocht waard, gongen dy heilingen grif fan de hân. It lêste sil Joast en Eeltsje deugd dien hawwe: wa’t de jeugd hat, hat de takomst.

Ek publisearre yn Fryslân. Historisch Tijdschrift 28, nû. 4 (july/augustus 2022), s. 8–10.

This entry was posted in Artikels and tagged , , , , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.