Lykas dat fan Aaltsje Stienstra wie it poesyalbum fan Grytsje Rekker fan in famke dat gjin neiteam krije soe. De albums fan Aaltsje en Grytsje bleaunen nei harren ferstjerren net yn ’e famylje, mar rekken op ’e drift. Hoe maklik fertoarkje sokke ferweesde boekjes… Wa ûntfermet him deroer? Tsja, lit my dat dan mar dwaan.
Grietje Rekker waard berne yn Aldwâld op 19 septimber 1910, as jongste bern fan Feike Rekker (1871–1915) en Baukje Kloostra (1871–1961). Fiif bruorren en ien suster gongen har foar. Grytsje, dy’t neffens in rouadvertinsje ek Kike neamd waard, ferstoar op 19 july 1988, yn in sikehûs yn Nieuwegein. Har wenplak wie lykwols Surhústerfean, dêr’t se ek begroeven waard. Sy wie net troud.
Grytsje har poesyalbum befettet in eigendomsynskripsje, achttjin bydragen datearre of te datearjen yn de jierren 1921–1925 en ien bydrage út 1938. Dy lêste, fan Tjeerdtje Dijkstra, dy’t harsels Tsjeardtsje Dykstra skriuwt, is Frysktalich. It giet om in besteand ferske, fan de Pitersbierrumer ûnderwizer Wynsen Faber, dy’t it yn 1887 publisearre yn it tydskrift Forjit My Net!1 Yn 1910 sitearre Gerben Postma it yn in twadielich feestartikel oer Faber yn de Leeuwarder Courant.2 Noch wer letter waard it – hieltyd mei lytse farianten – ek ôfprinte yn de Franeker Courant fan 21 maart 1924 en – sûnder fermelding fan de skriuwer – yn de Leeuwarder Courant fan 30 juny 1934 en 25 febrewaarje 1939.3 De ferzje fan Tsjeardtsje giet sa:
Kuierje blier yn ’e libbenstún om.
Mij dêr de stikel en ploaits dêr de blom.
Hâld for it goede dyn herte stees rom.
Libje mar fleurich, ienfâldich en from!
Strui om dy hinne hwet seine, rounom.
En achtsje it praet fen ’e minsken as skom!
Fan oanwiisber âldere oarsprong binne ek de tekstkes yn de bydrage fan Grytsje har mem Baukje Kloostra. Sy begjint har bydrage mei in fjouwerrigel dy’t ek foarkomt yn, ûnder mear, in bydrage út 1906 oan it poesyalbum fan Bertha Sachs, no yn it Synagogemuseum yn Bourtange.4 Dêrnei skriuwt Baukje earne de earste strofe út oer fan in langer gedicht dat oarspronklik skreaun waard troch William Marten Westerman, dy’t it publisearre yn de Volksalmanak, voor het jaar 1863.5
De bydragen oan it poesyalbum fan Grytsje Rekker binne fan:
1. Baukje Kloostra, sûnder deitekening. Grytsje har mem.
Berne Twizel 21-02-1871, ferstoarn Achtkarspelen 29-06-1961, dochter fan Sjoerd Kloostra (1841–1913) en Trijntje Reitsma (1843–1901), troud Kollumerlân 23-05-1896 mei Feike Rekker (1871–1915).
2. Trijntje Rekker, sûnder deitekening. In suster fan Grytsje. Berne Aldwâld 12-12-1906, ferstoarn 27-03-2001, dochter fan Feike Rekker (1871–1915) en Baukje Kloostra (1871–1961), troud Kollumerlân 27-05-1933 mei Alle Boersma (1906–1973).
3. Berend Rekker, 18-04-1921. In broer fan Grytsje.
Berne Aldwâld 28-12-1903, ferstoarn Ljouwert 25-03-1951, soan fan Feike Rekker (1871–1915) en Baukje Kloostra (1871–1961), troud Dokkum 06-05-1932 mei Wipkje Elgersma (1910–1939).
4. Tjalling Rekker, 17-04-[1921]. In broer fan Grytsje. Berne Aldwâld 17-11-1908, ferstoarn Aldwâld 25-02-1990, soan fan Feike Rekker (1871–1915) en Baukje Kloostra (1871–1961), troud Kollumerlân 10-02-1934 mei Vokeltje Meijer (1911–1986).
Berne Aldwâld 06-08-1909, ferstoarn 31-03-1993, dochter fan Jan Sangers (1886–1926) en Trijntje Snijder (1884–1976), troud Kollumerlân 23-05-1931 mei Gerben Kazimier (1908–1980).
6. Helena Trap, Westergeast, 24-04-1921. Berne Grins 14-11-1896, ferstoarn Grins 03-02-1965, dochter fan Jurjen Hinderikus Trap (1865–1934) en Geesje Jetses (1869–1963), net troud. Yn 1919–1923 ûnderwizeres yn Westergeast.
7. Aagje van der Meulen, Hústernoard, 24-02-1922.
Berne Oentsjerk 06-03-1906, ferstoarn 19-03-1975, dochter fan Gooitzen van der Meulen (1885–1955) en Jiskje Groothof (1887–1968), troud 1. Kollumerlân 29-11-1930 mei Age Bergsma (1902–1932), troud 2. Kollumerlân 15-05-1943 mei Roel van der Veen (1901–1980).
8. Gerkje van der Meulen, Hústernoard, 24-02-1922. Berne Aldwâld 01-12-1908, ferstoarn 22-01-1991, dochter fan Gooitzen van der Meulen (1885–1955) en Jiskje Groothof (1887–1968), troud Kollumerlân 10-06-1933 mei Sijtze van der Tuin (1905–1983).
Berne Westergeast 12-06-1911, ferstoarn 10-08-1996, dochter fan Evert Beerda (1874–1941) en Sjoukje Leegsma (1886–1974), troud Kollumerlân 25-04-1940 mei Freerk Meijer (1906–1993).
10. Martha de Vries, sûnder deitekening. Berne Westergeast 05-03-1911, ferstoarn 23-08-1997, dochter fan Murk de Vries (1888–1975) en Tetje van der Zwaag (1883–1964), troud Kollumerlân 13-05-1933 mei Sas van der Velde (1908–1983).
11. Trijntje Kloostra, Sint Anne, 02-04-1923. In nicht fan Grytsje. Tryntsje fersinde har even: ‘Pluk rozijnen op aarde’.
Berne Aldwâld 28-01-1901, ferstoarn Sint Anne 05-06-1975, dochter fan Pieter Kloostra (1869–1936) en Klaaske Rekker (1875–1914), troud It Bilt 21-08-1924 mei Willem Boterhoek (1904–1964).
12. Anna van der Veer, Aldwâld, 22 08-1924. Berne Westergeast 18-06-1905, ferstoarn Assen 24-05-1945, dochter fan Harm van der Veer (1878–1971) en Antje de Vries (1882–1938), net troud.
13. Sjoerdtje van der Veer, Aldwâld, 22-08-1924.
Berne Westergeast 31-03-1909, ferstoarn 24-12-1986, dochter fan Harm van der Veer (1878–1971) en Antje de Vries (1882–1938), troud Kollumerlân 15-05-1930 mei Melle de Vries (1909–1986).
14. Hiltje Planting, Aldwâld, 25-12-1925. Berne Aldwâld 09-08-1915, ferstoarn 03-09-1997, dochter fan Dirk Planting (1889–1970) en Grietje van der Veen (1887–1959), troud Kollumerlân 25-05-1939 mei Pieter Visser (1910–1983).
15. ‘Jacoba’, sûnder deitekening.
16. Tjeerdtje Dijkstra, Aldwâld, 09-01-1938.
Berne Aldwâld 24-08-1927, ferstoarn Kollum 02-03-2016, dochter fan Gerrit Dijkstra (1896–1976) en Nieske Fennema (1895–1984), troud mei Rindert de Vries (1923–1982).
17. Wieger Rekker, Aldwâld, 25-04-[1921]. In broer fan Grytsje. Berne Aldwâld 26-06-1898, ferstoarn Noardburgum 11-10-1992, soan fan Feike Rekker (1871–1915) en Baukje Kloostra (1871–1961), troud Kollumerlân 19-05-1923 mei Hiltje Komrij (1899–1991).
18. Anonym, sûnder deitekening.
19. Bontje Planting, Aldwâld, 25-12-1925.
Berne Aldwâld 18-05-1913, ferstoarn Ljouwert 20-11-1993, dochter fan Dirk Planting (1889–1970) en Grietje van der Veen (1887–1959), troud Kollumerlân 16-10-1941 mei Harm Merkus (1912–1990).
Noaten
- W. Faber, ‘Yn it Album fen in Jongfaem’, Forjit My Net! 17 (1887), s. 143.
- P. [= Gerben Postma], ‘W. Faber, de Fryske skriuwer-dichter, 21 Aug. 1910 tachtig jier âld wirdend’, Leeuwarder Courant, 22 en 23-08-1910.
- Dy beide lêste kearen yn it ‘Praethoekje for de Fryske bern’ fan Muoike Wike. Sy joech har lêzerkes geregeldwei foarbylden fan poesyalbumferskes. Yn 1962 makke Muoike Wike, alias Welmoed Dijkstra-Talsma, dêr in boekje fan ûnder de titel Albumferskes, Ljouwert [1962]. It ferske fan Faber stiet – alwer fariearre en sûnder auteursnamme – op side 21.
- Sjoch Els Boon & Han Lettinck, ‘Een chanoekacadeau dat na een eeuw nog warmte brengt’, JaGDaF. Driemaandelijks Magazine voor Joods Groningen, Drenthe en Friesland 28, nû. 4 (19-12-2015), s. 6–8.
- W. Marten Westerman, ‘Hoû moed’, Volksalmanak, voor het jaar 1863, uitgegeven door de maatschappij: Tot Nut van ’t Algemeen, Amsterdam [1862], s. 136–137. De earste strofe is ek te finen yn J.H. van Dale, Zinsontleding. Een leerboek voor onderwijzers en kweekelingen, derde stukje, Schoonhoven 1864, s. 135.