Emily Dickinson, 1142

 
Dien is it núnderjen fan Bijen
Mar tagelyk begûn
As epilooch, as profesije,
In twadde núnderjen.
De lege grûntoan fan ’t Seizoen
Wannear’t Natoer har laits ferliest
De Iepenbierings fan it Boek
Dêr’t Juny Genesis fan wie.
Geskikte Skepsels lit Mem-Al
Dy modulaasje begeliede
Wannear’t Aksint ta ynterval
Ferglydt wylst Freonen skiede
Oant west hat wat men eanet
En tinzen jin net oan te sjen
Jin eigener noch wurde as
Persoanen dy’t men ken.

 

The murmuring of Bees, has ceased
But murmuring of some
Posterior, prophetic,
Has simultaneous come.
The lower metres of the Year
When Nature’s laugh is done
The Revelations of the Book
Whose Genesis was June.
Appropriate Creatures to her change
The Typic Mother sends
As Accent fades to interval
With separating Friends
Till what we speculate, has been
And thoughts we will not show
More intimate with us become
Than Persons, that we know.

 

F1142 (J1115)

This entry was posted in Emily Dickinson and tagged . Bookmark the permalink.