Emily Dickinson, 437

 
Hjir ûnder - fielde Ik my nea Thús -
En ek de Himelsfear
Wurdt my net Hiem - dat is wol wis -
It Paradys fyn ’k neat -

Want it is alle dagen - Snein -
En ’t Skoft - brekt dêr noait oan -
En Eden is grif iensum op
In ljochte Sneontemoarn -

Gong God ris út te pizeljen -
Foel Er ien kear yn Sliep -
En seach ús net - al sizze se
Dat Hy - in Tilleskoop -

Us ivich yn ’e kiker hâldt -
Dan rûn Ik fan Him wei
En fan de Hillige Geast - en al -
Mar o - de “Oardielsdei”!

 

I never felt at Home - Below -
And in the Handsome skies
I shall not feel at Home - I know -
I don’t like Paradise -

Because it’s Sunday - all the time -
And Recess - never comes -
And Eden’ll be so lonesome
Bright Wednesday Afternoons -

If God could make a visit -
Or ever took a Nap -
So not to see us - but they say
Himself - a Telescope

Perennial beholds us -
Myself would run away
From Him - and Holy Ghost - and all -
But there’s the “Judgement Day”!

 

F437 (J413). YouTube: Nada Gordon, ‘I Don’t Like Paradise’, Tokio, 14 novimber 1990.

 

This entry was posted in Emily Dickinson and tagged , . Bookmark the permalink.