Emily Dickinson, 260

 
Ik bin Gjinien! Wa bisto?
Bisto - soms ek - Gjinien?
Dan bin’ der twa fan ús!
Sis neat! do witst - soks giet gau rûn!

Wat aaklik en wês - Ien! - en sis
Publyk - in Kikkert lyk -
’k Bin dy-en-dy - in Juny lang -
Tsjin ’t idolate Slyk!

 

I’m Nobody! Who are you?
Are you - Nobody - too?
Then there’s a pair of us!
Don’t tell! they’d advertise - you know!

How dreary - to be - Somebody!
How public - like a Frog -
To tell one’s name - the livelong June -
To an admiring Bog!

 

F260 (J288). In eardere ferzje yn Emily Dickinson, Wetter, wurdt jin leard troch toarst. Twaentweintich fersen oerset troch Klaas van der Hoek, Zoeterwoude 1999, s. 21.

This entry was posted in Emily Dickinson and tagged . Bookmark the permalink.