Emily Dickinson, 1106

 
Hotel Natoer har Hingelboerd -
Dat is har golle noegjen ta
It nimmen - Al wa’t honger hat -
Fan har mystike Brea -

Pinsjon Natoer har reglemint -
Dat is de Goederjouskens dêr’t
Sy like wiid mei iependocht
Foar Bidler as foar Bij

Ta Boarch foar har ûnreplik Goed
En har Unthaal dat net bedjert
Is yn it East it Poarper steld
En yn it Noard, de Stjer -

 

These are the Signs to Nature’s Inns -
Her invitation broad
To Whosoever famishing
To taste her mystic Bread -

These are the rites of Nature’s House -
The Hospitality
That opens with an equal width
To Beggar and to Bee

For Sureties of her staunch Estate
Her undecaying Cheer
The Purple in the East is set
And in the North, the Star -

 

F1106 (J1077). In eardere ferzje yn Emily Dickinson, Wetter, wurdt jin leard troch toarst. Twaentweintich fersen oerset troch Klaas van der Hoek, Zoeterwoude 1999, s. 35.

This entry was posted in Emily Dickinson and tagged . Bookmark the permalink.