En dan dyn kukel

    Oer: Jacobus Quiryn Smink, Adams apel, Utjouwerij Hispel, Wiuwert 2013.

Tidens in feestlike gearkomste yn de Boalserter Martinytsjerke op 12 oktober naam Jacobus Smink de Gysbert Japicxpriis 2013 yn ûntfangst. Dy krige er foar syn dichtbondel Sondelfal út 2009. Oarkonde en slúf waarden him oerlange troch deputearre fan kultuer Jannewietske de Vries.
      It mei grêfstiennen befluorre paad tusken sitplak en poadium ôflizzend makke de priiswinner in huppeltsje. Trinten as in Smink-gedicht swierde Jacobus, klaaid yn sneinsk swart, op de yn in wite jurk stutsen Jannewietske ta. Wilens lake er, breedút, en dat lit him skoan begripe. Makke er dêr ek lûd by? Ik wit it net, mar it soe goed kinne fansels. Faaks wie syn laitsjen wol in kukel.
      Watsei, in kukel? Ja, in kukel. Aansen mear.

Benedictus sjocht it foar him

By de útrikking fan de Gysbert heart in laudatio. CDA-politikus Geart Benedictus, op de útnoeging foar it barren affysjearre as foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, mocht dy útsprekke. O, jo mienden dat de ferbining tusken beweging en literatuer sa súntsjesoan wol definityf ferbrutsen wie? Lês dan noch even Benedictus syn lofrede deropnei, publisearre op It Nijs, de ynternetkrante fan de Ried.
      Komt Benedictus yn Boalsert foar it buordsje, dan krijt earst de gemeente Súdwest-Fryslân in hyp oer de noas, jo binne beweger of net: ‘Eltsenien fynt dat de priis by de goeie persoan telâne kaam is. Dêrom sil ik der mar net oer begjinne dat de GJP útrikt wurdt yn in gemeente dy’t min, nee striemin mei it Frysk omgiet.’ Nei noch wat oare omballings brocht er ûnder wurden wêrom’t it bekroande boek him oanstiet: ‘Yn dizze dichtbondel is de rikens fan ús taal te sjen en it sterk bewoartele wêzen yn it boerelibben.’
      Mei ‘rikens fan taal’ bedoelt Benedictus net dichterlike sizzenskrêft, mar geef Frysk, as tsjinhinger fan bryk Frysk, want: ‘It deistich Frysk kin faak gjin sprekken lije, tink mar oan de sosjale media.’ In boek as Sondelfal is yn dy optyk foaral in nuttich trochjoulûk fan taalnoarmen nei jongere generaasjes ta. Fierders tekenet Benedictus Sondelfal as in monumint foar in ferdwûne wize fan buorkjen en ûnderstreket er dat Smink in boeresoan is, ‘Kobus fan Siemen en Romkje’, ien fan ús dus, ek al wennet en wurket Smink al trije desennia as ûnderwiisman yn Eindhoven. Guon Friezen sjogge harsels no ienris it leafst as ien grutte boerefamylje.
      Dy boerekomôf fan Smink hat yn de optyk fan Benedictus ûnmisber west foar it slagjen fan Sondelfal: it makket de gedichten realistysk. ‘Dat wy hjir mei in boeresoan te krijen hawwe is sa klear as de dei. En dan net mei ien dy’t it fan hearren en sizzen hat, nee, men sjocht it boerebedriuw fan goed fyftich jier tebek foar jin.’ Dy werkenberens fan it betroude, dat docht it him foar Benedictus: ‘Sa’t it fûleindich reinen beskreaun is en hoe’t in ko dêr mei omgiet, ik sjoch it sa foar my.’
      It wie alsa in lofrede wêryn’t de literatuer wat fertutearze. In net as sadanich bedoelde korreksje kaam al tidens de resepsje nei ôfrin fan de priisútrikking, yn de foarm fan Adams apel, in nije dichtbondel fan Smink dy’t de oanwêzigen presint krigen fan syn maten fan it literêre tydskrift Ensafh. Wurdearje jo Sondelfal ek benammen fanwegen it kreaze Frysk en it agraryske och-heden-ja-dat-wie-ek-sa? Dan is Adams apel grif in ôfdijer: it stiet fol ûntregele taalgebrûk en der komt gjin ko yn foar. Gelokkich mar.

Fan dyn klank en kleur fuort wei

Neffens de side oer Smink op Sirkwy befettet Adams apel gedichten dy’t by it gearstallen fan Sondelfal oersketten binne. Likegoed makket de bondel net de yndruk út byinoar fage spuonnen te bestean. De 26 gedichten foarmje in moai ensemble ‘oer miskien wol it wichtichste tema fan Smink: syn leafdes, syn famkes, syn froulju’, sa is op it omslach te lêzen. Inkeld ‘Spegelmaten boppe Lelystêd’ stiet bûten dat tema. Net minder as op Sondelfal is Adams apel in ferfolch op de bondels Foar de famkes út 1988 en Lingerich tekstyl en swarte side út 1994. It titelgedicht slút sels eksplisyt oan by it slotgedicht ‘Adam ferslingere’ yn lêstneamde bondel.
      De gedichten oer famkes binne tripkjende ferskes, lietsjes suver, weryn’t de lytse dinkjes, it meie dochterkes of pakesisterkes wêze, mei in protte leave ferlytswurdsjes yn bad dien, beheistere, observearre wurde. De gedichten oer famkes en dy oer froulju – ynklusyf fammen út ’e jongesjierren – binne net altyd goed fan inoar te ûnderskieden. Guon gedichten fan de lêste kategory hawwe in eroatyske ynslach, meast by de wei fan metafoaren.
      ‘Smink mist de subtiliteit om echt oer erotyk te skriuwen’, ornearre Albertina Soepboer yn in resinsje oer Lingerich tekstyl en swarte side, yn Trotwaer 1995-2. Der wie reden ta dy stelling, dy’t lykwols dochs net kloppe. Anno 2013 bewiist Adams apel, sûnder in grut swee te slaan, oertsjûgjend it tsjindiel, mei as subtylste foarbyld:

    Klisjee om it laitsjen

    It moaist is dat ik dy
          Sa laitsjen sjoch
    Mien soms dy laitsjen doch
          Mar dat is skyn idel

    Gjin parse lippen en skalk each
          Mar de tosken bleat, de tsjeak
    En dan dyn kukel, de kiel read
          Ek dat is skyn idel

    Fan dyn klank en kleur
          Fuort wei en wis
    No: do bist it moaist

    Asto sa lakest en ik fuort sjoch
          Wat it moaist is

Nêst algemiene stylmiddels as metrum, rym yn soarten en it werheljen fan wurden lit ‘Klisjee om it laitsjen’ typyske Smink-techniken sjen: de ellipsen mien soms dy laitsjen doch en fan dyn klank en kleur fuort wei, de ynversje skyn idel en it neologisme kukel. Mar wat wurdt der mei kukel bedoeld? It is grif gjin kokkel, yn it Woordenboek der Friese taal oerset as, just, ‘kokkel’ oftewol ‘eetbare hartschelp’. It WFT ken wol it tiidwurd kokkelje mei as fariant kôkelje, foar ‘kokkelen’, it lûd dat hinnen meitsje. Ek it tiidwurd kûkelje, omskreaun as ‘het typerende geluid van een kalkoen voortbrengen’, komt yn it WFT foar, lykwols mei de oantekening dat it om in hapaks giet, in wurd dat mar ienris yn de brûkte boarnen oantroffen is, yn dit gefal yn in brief fan Paulus Cornelis Scheltema oan Joast Hiddes Halbertsma út likernôch 1825. Mar kukelje, kukelich of kukel ken it WFT net.
      Ho even, hear ik Marten Toonder-fans no sizzen. In klassyk Bommel-ferhaal is ommers Tom Poes en het kukel út 1963; yn 1996 ferskynde in Fryske oersetting fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra ûnder de titel It kukel. Mar wat in kukel no krekt is, wurde wy ek dêr net út gewaar. It ferhaal einiget mei de fersuchting fan professor Prlwytzkofsky (dy’t fan kukel in de-wurd makket, mar dat docht er mei alle it-wurden): ‘Ach, we zille nea wite wat de kukel ys.’ Toonder sels skreau yn syn foaropwurd yn Heer Bommel. Volledige werken. De dagbladpublikaties I (1991) dat kukel ûnrjochtlik wolris lyksteld wurdt mei IQ, mar dat it fermoedlik bestiet út ‘eigenschappen die meestal door een teveel aan rede verdrongen worden, zoals bij voorbeeld gevoel, fantasie, liefde en dergelijke’.
      Dat mei sa wêze, dochs wol it my oan dat de kukel fan Smink minder mei it kukel fan Toonder te meitsjen hat as mei de lûdneibauwende wurden kokkelje, kûkelje en kukeleku. Yn alle gefallen giet der fan de klank fan kukel in sterke wurking út yn Smink syn gedicht, weryn’t k– en l-klanken, en dan meast yn kombinaasje, rij útstruid binne: klisjee, laitsjen, skyn idel, lippen, skalk, kukel, kiel, klank, kleur. Binnen it web fan betsjuttings dat dy wurden foarmje, kin kukel net hiel folle oars wêze as it lûd fan in skatterjende laits.
      It is in laits mei de mûle wiid iepen, in laits dy’t sicht biedt op in reade kiel, read net oan de bûtenkant mar djip binnenyn. De mûle lit har reade binnenst sjen: Eva’s adamsapel. Dat bringt jin dan wer de earste strofe fan it titelgedicht yn it sin: ‘Jifke hat my in apel bean, ja / It is wier en hap mar ta / Yn har apelliif en nâlesprút / Ik lis har it klokhús bleat’.

Sa klear as de dei

Hoe’t in ko mei rein omgiet, Geart Benedictus seach it doe’t er Sondelfal lies sa foar him. Allyksa hear ik, as ik ‘Klisjee om it laitsjen’ lês, ynienen in kukel opklinken, sûnder der folslein wis fan te wêzen wat dat is.
      Hoe kin soks? Komt it trochdat Smink smetleas, sanksjonearre Frysk skriuwt? Mar kukel stiet net iens yn it wurdboek! Of komt it trochdat Smink noch weet hat fan in foarbye boerewrâld, dêr’t guon bewegers, behept mei âlde refleksen, blykber ûnwennich fan binne? No, watfoar roken der út Adams apel ek opstige, net de lucht fan hea en dong…
      Nee, it moat wat oars wêze. Wa wit hat it mei klearebare dichterskip te krijen, mei dy kwaliteiten dus dêr’t Smink werklik lof foar takomt: syn wûndere fermogen taal sa te brûken dat it poerbêste poëzy opsmyt. Autonome poëzy.
 

Foto: Haye Bijlstra

This entry was posted in 2009–2017 and tagged , , , , , , , , . Bookmark the permalink.