Lytse Fryske Winterreis yn Amsterdam

Amsterdam, 18 jannewaarje 2014 – Nei in toernee troch Fryslân bringe Henk Zwart (sang) en Herman Peenstra (akkordeon) harren Lytse Fryske Winterreis yn Amsterdam op ’e planken. It Ostadetheater hie de ‘Hollandse première’, sa’t de útfiering neamd waard dy’t dêr op sneon 18 jannewaarje plak hie. Sa’n santich minsken besochten de foarstelling mei lieten út de Winterreise fan Schubert en Müller yn treflike oersettings fan Atze Bosch en Bernard Smilde. Nei it skoft wie it poadium foar dichter Tsead Bruinja en sound designer Jaap van Keulen.

De Winterreise is it ferhaal yn lieten fan in jongfeint dy’t, zum Tode betrübt fanwegen leafdesfertriet, mei de siel ûnder de earm omdoarmet yn wyldernis en ferlittenheid. De takomst hat him neat oars mear te bieden as de dea. Franz Schubert komponearre de rige fan twa dozyn lieten yn 1827. It jier dêrop kaam er te ferstjerren, 31 jier âld. De auteur fan de lietteksten, Wilhelm Müller, fergong it net folle better, hy stoar yn 1827 op syn 32ste. It hyt dat Schubert beswiek oan de gefolgen fan syfilis, mar elts dy’t syn Winterreise heard hat, wit wol better: it wie fan hertsear.

Henk Zwart en Herman Peenstra binne beide de gefaarlikste leeftyd foarby. Mei wat teatrale, licht humoristyske aksinten bringe se it leafdesleed tichterby en helje se der tagelyk it alderdeadlikste gewicht fan ôf. Zwart ferskuort it portret fan in ûntrouwe faam, Peenstra yt in sean aai en tegearre drinke se in flesse jenever leech: leaver wat ferjitnis as in te iere dea. Swier te tillen bliuwt lykwols de swarte kiste dy’t Zwart op ’e rêch meitôget. Is it in reiskiste, in houten marse faaks, of dochs in deakiste, te lyts foar it lichem fan de ûngelokkige doarmer, mar grut genôch foar syn siel?

Teatrale tafoegings wienen te ferwachtsjen: Henk Zwart foarme tusken 1987 en 2008 mei Peer van den Berg en Dette Glashouwer de teatergroep Suver Nuver en is in teaterman yn ieren en sinen. Sjonge kin er ek – syn folle, waarme bariton en heldere diksje bringe jin sels hiel even Winterreise-fertolker by útstek Dietrich Fischer-Dieskau yn it sin. De sang fan Zwart past yn alle gefallen prachtich by de mankelike akkordeonklanken fan Herman Peenstra, dy’t nammers ek de arranzjeminten makke. Hie it ynstrumint al útfûn west doe’t Schubert noch libbe, faaks wie de Winterreise dan skreaun foar akkordeon yn plak fan piano.

Nei it skoft brochten Tsead Bruinja en Jaap van Keulen yn it teaterkafee gedichten fan de earste op muzyk fan de twadde. Bruinja keas benammen foar wurk út syn twatalige sammelbondel De geboorte van het zwarte paard / De berte fan it swarte hynder (2008), oanfolle mei in gedicht út Overwoekerd (2010) en ien út Stofsûgersjongers / Stofzuigerzangers (2013), plus syn oersetting fan ‘Fixin’ to Die Blues’ fan de cd mei Frysktalige Dylan-covers Earder as letter (2010).

De muzyk, foar in part út in laptop en foar in part live op gitaar, foarme in lykweardige pendant fan de gedichten. It risseltaat wie minder in poëzyfoardracht mei muzikale begelieding as in performance wêryn’t tekst en muzyk kwa ritme en dynamyk gearfoelen. Hichtepunten wienen de al neamde Dylan-oersetting ‘Blues fan it fjoer’ en it selsspotske ‘Worming up Von Kwabbenstein’ út Overwoekerd, dat einiget mei:

    Tsead is gelukkig getrouwd, maar nog nooit klaargekomen in Cambodja, Thailand of op een van de Galapagoseilanden. Tsead vindt het ook jammer dat hij nog nooit iemand heeft geneukt in Hellhole Bay, South Carolina of in Big Beaver Lick, Kentucky. Wat dat betreft mogen wij onszelf in de klamme handjes knijpen. Niet wij maar Tsead leidt een waarlijk diep en tragisch leven.

In frommes yn it publyk seach oer it skouder om te meunsterjen oft it omsittend laach it dêr mei iens wie. De manlju achter har knikten.

Op snein 19 jannewaarje om 15.00 oere wurdt it programma yn it Ostadetheater werhelle. Tsead Bruinja treedt dan op mei fideast Martijn Grootendorst. Der binne noch kaarten.
 

This entry was posted in Berjochten and tagged , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.