Poste restante I

    ‘Oosterlittens.’ (r.b.), ‘Doorvaardt.’ (m.û.), ±1903–1905. Ljochtdruk, 92×139 mm. Utjûn troch Dijkstra’s Boekhandel, Ljouwert. Poststimpels Easterlittens 14-02-1905 en Nijlân 15-02-1905. Ferstjoerd oan Geertje Bangma, Nijlân, troch A. Jousma.
    B. G. [= Beste Geertje]
    Hartelijk gefeliciteerd met je verjaardag. Ook Griet moet je van mij feliciteeren. Je wordt nu 18 jaar he! Dus nu bakvisch af, en moogt dus wel een …….. hebben. Ik ben in Oosterlittens. Morgen ga ik naar Jorwerd, en Vrijdag weer naar huis. Het spijt mij dat de winter zoo vlug weer vertrekken ging. Nu veel pleizier op je jaardag. Groetend
    A. Jousma.

 
Ansichtkaartesamlers binne der yn soarten. Elk hat sa syn eigen motiven foar it jacht meitsjen op de objekten fan syn begearte. De measte samlers is it lykwols yn it foarste plak te dwaan om de foarkant: wat stiet derop? Molkfabriken, mûnen, stasjons en tsjerken bygelyks, mar ek tradisjonele klaaiïng, ambachten, histoaryske figueren en rampen binne populêre tema’s. Hiel algemien is dochs wol it sammeljen fan topografy: gesichten fan doarp X, stêd Y of streek Z. Jin tematysk of geografysk in bytsje beheine is nammers oan te rieden, want hoewol’t der noch hieltyd in soad oanbod is, wurde de prizen aloan heger.

Mar sammeldrift bedimje is dreech. It is my oan no ta net slagge en spits it garjen fan Fryske ansichtkaarten ta op bygelyks ‘Greidhoeke’, ‘Littenseradiel’ of ‘Fryslân oant 1920’. Wol makke niget oan wat in kaart ôfbyldet hieltyd mear plak foar nijsgjirrigens nei wat in kaart fertelt oer ôfstjoerder en ûntfanger. Kaarten dy’t ‘rûn’ hawwe, sa’t dat hjit, yntrigearje mear as kaarten dy’t nea ferstjoerd binne. It leafst binne my eksimplaren dêr’t de ôfstjoerder behalven namme en adres fan de ûntfanger en de eigen namme of inisjalen ek noch in berjochtsje op skreaun hat.

Sokke kaarten binne mear as stikjes nostalgysk printwurk of filatelistyske relykjes, it binne diggeltsjes persoanlike skiednis. Soms fan minsken dy’t, om wat foar reden ek, noch in plakje yn it kollektive ûnthâld hawwe, mar folle faker fan minsken dy’t yn de dize fan it ferline oplost lykje te wêzen. Wat net betsjut dat oer harren wier neat mear te finen is. Argyfsneupers witte it, al sûnt ieuwen lit sawat elkenien spoaren nei. En foar it identifisearjen fan ôfstjoerders en ûntfangers fan ansichtkaarten hoege je net perfoarst de doar mear út: in protte biografyske gegevens binne hjoed de dei te finen op ynternet.

Giet it om Friezen, dan komt dêr de plesierige omstannichheid by dat in opfallend grut tal histoaryske boarnen yn Fryslân digitaal beskikber is. Wichtich foar it te plak bringen fan ôfstjoerders en ûntfangers fan ansichtkaarten binne foaral it poerbêste webstee mei boargerlikestângegevens AlleFriezen.nl en de folslein digitalisearre Leeuwarder Courant. In oersjoch fan oare brûkbere websteeën stiet op in side mei genealogyske links fan Tresoar. Ynformaasje oer Fryske ansichtkaarten jouwe benammen de byldbanken fan Tresoar, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en it Fries Scheepvaart Museum.

Sa net, ôfstjoerder en ûntfanger fan de hjir ôfbylde ansichtkaart falt amper wat oer te finen sûnder fjildwurk yn net-digitalisearre argiven, iepenbier of partikulier. De ôfstjoerder, in A. Jousma, lit spitigernôch neat los oer syn of har relaasje ta de ûntfanger en de reden foar de besites oan Easterlittens en Jorwert. Wêr’t hy of sy wenne wurdt allikemin dúdlik. Der hawwe ferskate A. Jousma’s bestien mei wa’t de ôfstjoerder gearfalle kinne soe, mar om wa fan harren giet it?

De ûntfanger, dat is in oar ferhaal. It libben fan Geartsje Bangma eine al foardat it echt op gleed komme koe. Geertje en har twillingsus Grietje waarden berne yn Nijlân op 15 febrewaarje 1887 as dochters fan de feekeapman Jentje Bangma (1852–1930) en Aaltje Piersma (1856–1917). De dei dat Geartsje de kaart fan A. Jousma krige, fierden de twillingsusters harren achttjinde jierdei. De ôfstjoerder gunde Geartsje no’t se ‘bakvisch af’ wie wol in, lit my riede, in frijer? Miskien hat se dy noch hân, mar lang hat de ferkearing dan net duorre. Geartsje ferstoar in goed jier letter, op 17 maaie 1906, nei ‘een smartelijk doch geduldig lijden’, sa’t de neibesteanden meidielden yn de Leeuwarder Courant fan 21 en 24 maaie. It wie de twadde kear dat Jentsje en Aaltsje in bern ferlearen; op 8 oktober 1900 wie harren jonkje Douwe Sikke ferstoarn, seis jier âld.

Grytsje oerlibbe Geartsje rojaal; sy ferstoar op 23 novimber 1976, hast njoggentich jier âld. Grytsje wie doe al 31 jier widdo fan Gerardus Noach Christiaan van Ee, berne yn Amsterdam en yn de tiid fan harren houlik wurksum as klerk yn Maastricht. Dat Grytsje nei har trouwen yn 1918 út Fryslân weiteach en har yn Limburch nei wenjen sette, ferklearret faaks werom’t der ek oer har op ynternet net folle te finen is. Itselde jildt foar in tredde suster, Gatske (1881–1950), dy’t yn 1915 troude mei Bartholomeus Jacobus Vermaas, doe assistint-stasjonssjef yn Meerssen. Mem Aaltsje ferstoar yn 1917. Heit Jentsje troude twa jier letter opnij, mei de widdo Ytsje Haringsma.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , . Bookmark the permalink.