Poste restante III

    DRACHTEN | OLTERTERP | BEETSTERZWAAG’ (l.b.), ±1896–1900. Litografy yn grien, 90×140 mm. Utjûn troch Jan Plantinus, Drachten. Poststimpels Drachten 06-08-[1900] en Arnhem 06-08-1900. Ferstjoerd oan Attje Rinsema, Arnhem, troch Dirk Eberhard Wilhelm Carel Boswijk.
    Drachten 6 Augustus 1900
    Lieve Moe
    Ik heb het erg druk met spelen. We zijn nu met ons vieren. Vanmorgen zouden we met pijl en boog schieten. We zijn nog niet naar Olterterp geweest. Het weer is hier koud. Donderdag komt de fam. Scheepstra.
    Uw liefh. zoontje Carel

 
In skoaljonge kin it mar drok hawwe, fral yn fakânsjetiid. De tsienjierrige Carel Boswijk út Arnhem wie nei eigen sizzen aardich besteld, dêr yn Drachten. Mar tusken de besonjes troch fûn er dochs ek tiid en skriuw in ferslachje oan syn mem. It is koart, mar hy die der flyt op – benammen op de haadletters W.

Carel waard berne op 11 septimber 1889 yn Arnhem en krige fjouwer foarnammen mei: Dirk Eberhard Wilhelm Carel. Syn âlden wienen Derk Boswijk (1851–1923) en Attje Rinsema (1854–1915). Heit Derk, fan oarsprong in Grinslanner, begûn syn rinbaan as helpûnderwizer yn Drachten. Yn 1875 waard er haad fan de iepenbiere skoalle yn Dronryp en fan 1880 ôf wie er wurksum bûten Fryslân, earst as haadûnderwizer yn Arnhem en letter ûnder oare as skoalopsjenner yn Gouda. Mem Atsje, berne yn Oerterp, wie in dochter fan Taeke Wobbes Rinsema (dy’t ek as Take en Teeke yn de akten foarkomt) en Sjoukjen Wiebes Wiering. Derk en Atsje trouden yn 1875 en krigen sân bern, dêr’t Carel de jongste fan wie.

Wêr yn Drachten soe Carel troch syn âlden útbestege wêze? Wierskynlik by Jan Zoovele (1843–1933) en Antje Zoovele-Rinsema (1842–1910), in âldere suster fan syn mem. Omke Jan wie keapman, winkelman en sigaremakker. Omke en tante wennen op it adres Zuidkade 35; it hûs bestiet noch en is no in gemeentlik monumint. Dat Carel simmerdeis wolris by omke Jan en tante Antsje útfanhuze, docht bliken út in ansichtkaart dy’t er op 24 july 1902 út Ljouwert wei tastjoerd krige fan syn âldere broer Jan Johan, adressearre oan ‘Den Jongeheer D.E.W.C. Boswijk | p/a den Heer J. Zoovele | Drachten’. Jan Johan miende it nammers goed mei syn broerke: de lúkse kaart, mei in opplakt fotootsje fan de Aldehou tsjin in read fond mei reliëf, sil wat mear as trochsneed koste hawwe.

Carel troude yn 1919 mei Clauwersina Maria Ritmeester (1888–1971). Hy wie wurksum as húsdokter, ûnder oare yn Den Burg op Texel, en ferstoar op 21 maart 1977 yn Amstelveen. Ek syn niisneamde broer Jan Johan (1885–1956) waard húsdokter, yn Oude Pekela. Hy wie dêr tige warber yn it politike en maatskiplike libben, as gemeenteriedslid en wethâlder en as bestjoerslid fan tal fan ferienigings en organisaasjes. Jan Johan Boswijk hat in eigen lemma op Wikipedia.

De kaart dy’t Carel syn mem stjoerde, fertsjintwurdiget it earste type ansichten yn Fryslân. De byldside fan dat type, foar Fryslân te datearjen tusken 1896 en 1900, is litografearre yn ien kleur en hat yn ’e regel twa of trije lytse ôfbyldings, dy’t moai wat skriuwromte frijlitte. De adresside is faken rôze, ljochtblau of ljochtgrien. De ansichtkaart fan Carel ferskynde by de Drachtster útjouwer, printer en boekhanneler Jan Plantinus (1858–1911). Nêst de Dragtster Courant joech Plantinus útienrinnende boeken yn it ljocht, lykas de út it Ingelsk oersette roman De dochter van den banneling (1894) fan M.Th. Lewis en it proefskrift De leer der sympathie bij David Hume en Adam Smith (1903) fan J.G. Appeldoorn. By myn witten hat Plantinus mar ien ansichtkaart útjûn.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.