Poste restante IV

    Fryske lânstoarmers fan de lichting 1911 mobilisearre yn Amersfoart, ±1914–1916. Fotokaart, 89×139 mm. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpel Amersfoart 14-06-1916. Ferstjoerd oan de famylje Dwarshuis, Snits, troch Yme Dwarshuis.

    13-6-16
    Lieve Pa Moe en fam
    [ilie]
    Het pakje in goede orde ontvangen. Zoo meteen stuur ik het andere retour. Indien U me weer eens iets stuurt Moe had ik er ook graag wat roode zakdoeken bij, voor overdag de witte zijn zoo gauw vuil, ik ben zoo verkouden tegenwoordig dat ik elke dag haast wel een kan hebben. De Pinksterdagen waren hier slecht bij U ook ’k Zat meestal in tehuis daar Jan ook weg was. Van Sije kreeg ik een kaart
    Nu dááág vele gr
    [oeten] van liefh[ebbende] Yme

In Fries is altyd ferkâlden, neffens it sechje. De militêr Yme Dwarshuis fan Snits, fanwegen de mobilisaasje legere yn Amersfoart, hie der yn juny 1916 flink lêst fan. Dat Mem, stjoer my wat reade bûsdoeken! Dy meie minder deftich wêze as wite (reade of boerebûsdoeken wienen foar troch de wike, wite foar de snein), mar se binne wol grutter.

Fergelykber mei it fersyk dat Yme syn mem die, is de needgjalp dy’t in M. Rikkers, legere yn Ljouwert, yn 1915 stjoerde oan syn âlden yn Neder-Hardinxveld – op legerkistjes de stêd yn, dat kin ommers net heal! Hy skreau syn driuwende oprop achterop in ansicht mei de Ljouwerter Huzumerleane:

    Leeuwarden 8/9.15
    Beste ouders.
    Met deze deel [ik] u mede dat ik nog goed gezond [ben] en hoop van u het zelfde hoor stuurt s.v.p geld voor mijn schoene want ik kan ze niet meer aan hoor en met die schoene van dienst gaat ik de stad niet in hoor dat stad [= staat] zoo gek met die lompe schoene aan deus was [= dus wees] zoo goed en stuurt het dan hoor want ik komt niet met verlof dat krijen wij niet en een potspakje ook als het [kan] hoor dan kan ik van de week mijn schoene nog laten maken deus stuurt het Nu gegroet van u zoon M. Rikkers.
    2e Comp[agn]ie 9 Sectie C. 10 Leeuwarden

Soldaten dy’t harren drok meitsje oer skjinne bûsdoeken en kreaze skuon, it yllustrearret hoe’t Nederlân troch de Earste Wrâldoarloch rûgele is. Nederlân hie it gelok dat it tidens the Great War troch de grutmachten mei rêst litten waard en neutraal bliuwe koe. De militêren dy’t mobilisearre waarden, hoegden de wapens inkeld op te nimmen om te oefenjen en brochten harren tsjinsttiid troch yn gesegende ferfeling.

De soldaten op Yme syn kaart binne nammers gjin beropsmilitêren of tsjinstplichtigen, mar leden fan de Lânstoarm: in ‘reserveleger’ fan frijwilligers dy’t frijsteld of útlotte wienen foar militêre tsjinst. Se binne, neffens de tekst op it boerd dat se toane, fan de lichting 1911. Mar de foto is sûnder mis makke wylst se al mobilisearre wienen. Op ynternet is in oare fotokaart te finen fan in groep Oeriselske lânstoarmers tsjin deselde achtergrûn.

It wie in tiid dat je fan smoken noch gjin kanker of hertkwalen krigen. Fyftjin fan de njoggentjin Fryske lânstoarmers op de kaart fan Yme lieten harren ferivigje mei in piip of sigret yn ’e mûle. Opfallend, mar net útsûnderlik, is ek de tekst ‘Frieslân bôppe!’ dy’t mei kryt op it boerd skreaun is. Ik haw no mei-inoar fiif ‘soldatekaarten’ mei dy tekst, lykas de net ferstjoerde fotokaart hjirnêst, makke yn 1918 (of mei soldaten fan de lichting 1918), wêrby’t it ‘FRIESLÂN BOPPE’ op de doarren achter de mannen liket te stean, mar yn werklikheid op it negatyf fan de foto tafoege is. It moaiste foarbyld is de net ferstjoerde fotokaart hjirûnder, mei trije soldaten – ien mei in piip yn ’e mûle, de oare twa mei in sigaar yn ’e knûst – dy’t neffens in notysje op de achterkant yn 1914 legere wienen yn Noard-Brabân. Ek hjir liket de tekst ‘Frieslân Boppe’ tafoege te wêzen op it negatyf.

Yme Dwarshuis stiet grif sels op ’e fotokaart dy’t er nei hûs stjoerde. Hy wie berne yn Dokkum op 3 augustus 1891 as soan fan Kornelis Jan Pieter Dwarshuis (1861–1916) en Baukje Breitsma (1856–1933). Yme wie it fjirde fan seis bern; de beide jongsten hieten Jan Ritske en Sije en faaks binne sy de Jan en de Sije dy’t Yme neamt op syn kaart. Om 1894 hinne naam heit Kornelis, banketbakker yn Dokkum, de banketbakkerij oer fan pake Pieter Kornelis Dwarshuis yn Snits, op it adres Kronenburg 2. Dy strjitnamme bestiet net mear; Kronenburg 2 is no Leeuwenburg 11. Yn de eardere banketbakkerij sit tsjintwurdich restaurant De Walrus. Heit Kornelis wie lid fan de gemeenteried fan Snits foar de antyrevolúsjonêren en regint fan it Old Burger Weeshuis.

Yme Dwarshuis troude yn 1919 mei Uilkje Nooitgedagt (1891–1981) fan Drylts. Se hawwe lang yn Grins wenne. Yme ferstoar dêr op 15 septimber 1955. Hy en Uilkje binne yn Drylts begroeven.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , . Bookmark the permalink.