Poste restante V

    Fantasykaart mei roazen, blaublomkes, maaieklokjes en de namme ‘Dj Kaspersma’, ±1900–1902. Blyndruk en kleuredruk yn rôze, ljochtblau, grien en goud, 90×140 mm. De namme mei de hân tafoege yn sulveren glitterkes. Sûnder fermelding fan in útjouwer. Poststimpels Amsterdam [15]-08-1902 en Heech 15-08-1902. Ferstjoerd oan Dieuwke Kaspersma, Heech, troch Ytzen Arema.

    Nu Dj
    ik heb gezien dat u het woord gehouden hebt nu ik stuur u dan ook een ansicht kaart en hoop tevens dat u en u moeder veel pleizier mag hebben
    gegroet van Y. Arema

 
Ytzen Arema hie Dieuwke Kaspersma út Amsterdam wei fansels in moaie topografyske ansichtkaart stjoere kind, mei bygelyks it Paleis op de Dam, de Montelbaanstoer of it Vondelpark. Ytzen hie lykwols in romantysker oanpak. Hy kocht twa ansichtkaarten mei blommen yn soerstokkleuren, liet mei stjerrestof oan de iene de namme fan Dieuwke en oan de oare syn eigen namme tafoegje, en stjoerde beide kaarten tagelyk nei Dieuwke, p/a Pieter de Vries, ‘Koperslager te Heeg’, by wa’t sy wierskynlik as tsjinstfaam yn ’e kost siet. ‘Prov Friesland’, skreau Ytzen der foar de wissichheid noch by.

De kaart mei de namme fan Dieuwke krige op de foarkant noch in lyts berjochtsje mei, wat Ytzen oan port oardel sint ekstra koste. De postsegel is heal ôfskuord, mooglik troch Dieuwke, op siik nei leave wurdsjes fan Ytzen foar har allinne. Skriuwers fan ansichtkaarten ferburgen persoanliker meidielings dy’t oaren as de adressearre net hoegden te lêzen ommers wol faker ûnder de postsegel. Mar Ytzen hie blykber gjin geheim boadskip foar syn Dieuwke, ûnder de segel stiet neat.

Ytzen hat de kaarten grif kocht en fan nammen foarsjen litten yn syn wenplak Amsterdam. Net folle letter kaam dit type kaarten ek yn Fryslân yn ’e hannel. Ik haw in steal mei soartgelikense yllustraasje en dekoraasje, mar mei plak- yn stee fan persoansnammen: Abbegea, Aldeboarn, Arum, Dearsum, Deinum, Kûbaard, Lollum, Nijlân, Spannum, Starum, Tsjom, Wommels, Wytmarsum. Dy plaknammen binne der hieltyd troch deselde hân op figuerd. De kaarten dy’t noch lêsbere poststimpels hawwe, binne ferstjoerd tusen 1904 en 1906. Mooglik reizige in fertsjintwurdiger of selsstannich negoasjeman Fryske doarpen en stedsjes bylâns om dy kaarten, fermoedlik ymportearre út Dútslân, oan de pleatslike winkelbaas te sliten en se by in bestelling eigenhandich fan in plaknamme te foarsjen. Fan plakken bûten Fryslân ken ik sokke kaarten net.

It soe noch hast fjouwer jier duorje, mar doe waarden Ytzen en Dieuwke man en frou. Ytzen Arema waard berne op 28 oktober 1882 yn Wâldsein as soan fan de timmerfeint Sybe Arema (1855–) en Aaltje Zeilstra (1853–). Yn 1892 ferfearen Sybe en Aaltsje mei fjouwer bern nei Amsterdam. Ytzen kaam dêr yn itselde wurk telâne as syn heit: timmerje. Op 19 maaie 1906 troude er op it gemeentehûs fan Wymbritseradiel mei Dieuwke Kaspersma, berne op 23 jannewaarje 1883 yn Heech as dochter fan de timmerman Marten Kaspersma (1850–1916) en Martsen Visserman (1850–1909).

Ytzen en Dieuwke wennen nei harren trouwen even yn Amsterdam, setten harren yn 1907 yn Heech del en fêstigen harren definityf yn Amsterdam yn 1910. Dêr hawwe se op sân ferskillende adressen yn it eastlike diel fan de stêd wenne: Tweede Atjehstraat 2 huis, Eerste Atjehstraat 50 II, Tweede Atjehstraat 47 II, Tweede Atjehstraat 20 II, Zeeburgerdijk 37 III, Voltaplein 31 boven en Voltaplein 51 huis. Se krigen trije bern: Martha (1907), Sybe (1910) en Maarten Cornelis (1919).

Yn 1923 helle Ytzen in akte foar ‘nijverheids-onderwijs’ en letter komme wy him tsjin as learaar oan in ambachtsskoalle. Op 11 novimber 1965 kaam er te ferstjerren. Dieuwke bleau oant 1978 ta op it adres Voltaplein 51 huis wenjen en ferkasse doe nei it âldereinsintrum De Open Hof oan de Fahrenheitstraat 115. Sy rekke wei op 1 desimber 1980, rom 97 jier âld.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.