E.E. Cummings, ‘de griene stilte’

 
de griene stilte mei in wite
ierde deryn heech dy stilte yn

silsto(patsje my)gean

de jonge moarntiid mei in waarme
wrâld deryn wiid dy moarntiid yn

(patsje my)silsto gean

de fine ljochtskyn mei in hechte
dei deryn fier dy ljochtskyn yn

silsto gean(patsje my

djip dyn heugenis yn en
in heugenis en heugenis

sil)patsje my(ik gean)

 

up into the silence the green
silence with a white earth in it

you will(kiss me)go

out into the morning the young
morning with a warm world in it

(kiss me)you will go

on into the sunlight the fine
sunlight with a firm day in it

you will go(kiss me

down into your memory and
a memory and memory

i)kiss me(will go)

 

Ut 50 Poems, 1940. YouTube: The Sound of Feeling, ‘Up into the Silence’, 1968.

 

This entry was posted in E.E. Cummings and tagged . Bookmark the permalink.