Poste restante VI

    ‘Veen-|klooster.’ (r.b.), ‘Fogelsangh-State.’ (m.û.). De foarkant fan de state.

    ‘Veenklooster.’ (r.b.), ‘Fogelsangh-State.’ (m.û.). De hertekamp.
    Beide kaarten: ±1900–1903. Ljochtdruk troch C. Ledermann jr., Wenen, 90×140 mm. Utjûn troch R. van der Velde, Ljouwert. Poststimpels Ljouwert 01-11-1903 en Wiesbaden 02-11-1903. Ferstjoerd oan ‘Monsieur le Baron Forgeur’, p/a Dr. Pagenstecher Klinik, Wiesbaden, troch Hermance Adeline Amalia van Welderen Rengers-van Heemstra.

    Cher Baron,
    Le photogr.
    [= photographe] n’a pas envoyé les photo’s. Vous passez si souvent par là, que j’ose bien vous demander d’aller le gronder. Il doit maintenant les envoyer à Paris 39 rue Copernic. Je pars d’ici mardi dans la matinée, arrive le soir à Paris. Wiesbaden se prépare à la réception de l’empereur. Ca sera très amusant & je

    Ce 1 nov. 03. Leeuwarden
    regrette de ne pas être là! J’ai fait un bon voyage. J’espère que Pagenst. vous permettra bientôt de partir & que le traitement vous fera du bien. En vous remerciant d’avance je vous prie de croire à mes meilleurs sentiments
    Bnne
    [= Baronne] H. de Welderen Rengers
    Ce sont des vues de la campagne chez nous, chez mon père.

De ansichtkaart wie foar de iere tweintichste ieu wat it sms’ke is foar no. In groet, in teken fan libben, in papieren proficiat, mar men koe der ek in koart boadskip op kwyt, sûnder in protte plichtplegings. It plaatsje joech oanfoljende byldynformaasje en fleure it gehiel op. Post dy’t je moarns ferstjoerden, waard oant yn de wide omtrek deselde deis noch besoarge. Adressearren yn it oanbuorjende bûtenlân hoegden ornaris mar ien dei op besoarging te wachtsjen. Benammen tusken 1900 en 1910 wienen ansichtkaarten in raazje yn alle lagen fan de befolking. Oars as soms ferûndersteld wurdt, wienen it net inkeld de legere en de middenklasse dy’t se ferstjoerden; ek de hegere stannen dienen deroan mei.

De beide hjir ôfbylde kaarten yllustrearje dat. It is in represintante fan de Fryske elite dy’t se ferstjoerd hat: Hermance Adeline Amalia baronesse van Welderen Rengers. Hoewol’t sy dy wolbekende aadlike achternamme pas by har trouwen krige, wie se al baronesse by har berte. Hermance waard op 8 oktober 1865 yn Bremen berne as dochter fan Hector Livius baron van Heemstra en Henriette Wilhelmina Adelina Engelken. Hector wie eigner fan Fogelsangh-State by Feankleaster, dat er fan in âldtante urven hie, en sette him dêr om 1870 hinne mei syn húshâlding nei wenjen. Hermance troude yn 1889 mei de jurist Willem Bernard Reinier baron van Welderen Rengers (1865–1930), mei wa’t se yn Ljouwert wenne. Doe’t har heit yn 1909 weirekke, gong Fogelsangh-State op Hermance oer en waard sy mei har gesin de nije bewenster.

Hermance hoegde net elke sint om te draaien en smarde har boadskip yn in foars hânskrift oer twa ansichtkaarten út. Dat boadskip hat it measte net om ’e hakken: oft de ûntfanger even by in sloffe fotograaf lâns wol om dy te moanjen dat er noch foto’s oan Hermance opstjoere moat. Dat ûntfanger en fotograaf hielendal yn Wiesbaden sitte, is gjin punt: de beide kaarten waarden noch gjin oardel dei nei ferstjoeren besoarge. De fotograaf moat der al even om tinke dat er de foto’s net nei Ljouwert mar nei de Copernicusstrjitte 39 yn Parys stjoert, want dêr sil Hermance takom tiisdei nei ta. Al spitich oars, skriuwt se, dat se no net tsjûge wêze kin fan de besite oan Wiesbaden fan de Dútske keizer Wilhelm II; dy soe dêr op 4 novimber 1903 in moeting hawwe mei de Russyske tsaar Nikolaj II. Oerdwers foeget se ta dat de plaatsjes op beide kaarten it lânguod fan har heit sjen litte.

De ûntfanger, ‘Monsieur le Baron Forgeur’, hold domisylje yn Wiesbaden yn de ferneamde eachklinyk fan Hermann Pagenstecher oan de Taunussstrjitte 59, blykber yn keamer 48 (it nûmer dat op beide kaarten mei potlead byskreaun is). Dy klinyk wie yn 1856 oprjochte troch de eachdokter Alexander Pagenstecher mei jild fan de oerheid en fermogende boargers, en stie iepen foar ryk en earm; wa’t it net betelje koe, waard fergees holpen. De klinyk hie fan it begjin ôf oan in protte oanrin, wat mei te tankjen wie oan de kundigens fan Pagenstecher, dy’t spesjalisearre wie yn it behanneljen fan staar. Al rillegau kamen der ek oansjenlike bûtenlânske pasjinten nei Wiesbaden, lykas prinsesse Marianne van Oranje-Nassau, dochter fan kening Willem I. Nei de dea fan Alexander yn 1879 naam syn broer Hermann de lieding fan de klinyk oer.

Mar wa wie dy baron Forgeur? It moat gean om in ôfstammeling fan de Waalske jurist en politikus Joseph Forgeur (1802–1872), dy’t koart foar syn dea yn de adelstân opnommen waard mei as titel baron. Foar identifikaasje mei de ûntfanger fan de beide ansichtkaarten komme yn oanmerking syn beide soannen Georges (1838–1931) en Albert (1845–1924) en de fiif soannen fan de lêste, Henry (1873–1940), Georges (1874–1932), Maurice (1876–1945), Edgard (1877–1947) en Adrien (1879–1924). Wa fan dy sân baronnen yn 1903 yn de Wiesbadener eachklinyk fan Hermann Pagenstecher fertoeve en foar Hermance op paad moast, falt net te sizzen.

Hermance bleau op Fogelsangh-State wenjen oan har dea ta. Se ferstoar yn it Diakonessehûs yn Ljouwert op 8 augustus 1938 oan de gefolgen fan in nuver ûngelok, dat har goed twa wike earder oerkommen wie. Op 12 augustus waard de kiste mei har stoflik oerskot, neffens tradysje op in gewoane, troch twa hynders lutsen boerewein fan ien fan de pachters, fan Fogelsangh-State nei Aldwâld ferfierd en dêr byset yn de famyljegrêfkelder. De Leeuwarder Courant die ferslach fan de útfeart en spruts fan ‘een door haar eenvoud ontroerende plechtigheid’. Hermance liet Fogelsangh-State nei oan har muoikesizzer Binnert Philip baron van Harinxma thoe Slooten.

This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.