Poste restante VII

    ‘Franeker, Vijverstraat.’ (m.û.), ±1900–1905. Ljochtdruk, mei in tafoeging yn heechdruk, 89×140 mm. Sûnder fermelding fan de útjouwer (S. Bakker Jz., Koog-Zaandijk), nû. 1399. Poststimpel Frjentsjer 02-09-1905. Ferstjoerd oan Hendrik de Vries, Easterein, troch Akke Okkinga-Timmenga.

    W. Vr! [= Waarde Vriend(en)!] We verwachten Anna en Geesje maandag met Harm [?] we zullen ze dan even van Franeker halen en ze later wel weer thuis brengen. Groetend
    A. Okkinga-Timmenga.

Ien byld seit soms mear as hûndert wurden. De printsjes op ‘prentbriefkaarten’ makken dat de ansicht in gâns oansprekkender kommunikaasjemiddel wie as de al langer besteande brievekaart. It type ôfbylding koe hiel fariearre wêze. Fan ’e miet ôf oan – de earste ansichtkaarten ferskynden om 1870 hinne – wienen der topografyske kaarten en fuortdaalk kamen der ek winskkaarten, benammen nijjierskaarten, en ansichten mei keunstreproduksjes. Mar de ôfbylding koe ek aktuele barrens werjaan en dêrmei nijswearde hawwe. Mits in bytsje rap produsearre en ferstjoerd, brocht sa’n ansichtkaart breaking news.

Ek yn Fryslân wienen plenty memorabele foarfallen dêr’t fia it nije medium ôfbyldings fan ferspraat waarden. Foarbylden út de earste twa desennia fan de tweintichste ieu – de gouden jierren fan de ansichtkaart – binne it ôfbrânen fan in oaljefabryk yn Drachten yn 1903, it sinken fan de Drachtster stomboat Voorwaarts I yn Ljouwert yn 1903, it ûntslach út ’e Ljouwerter finzenis fan Wiebren Hogerhuis yn 1905, de ûntbleating fan it byld fan Us Heit yn Ljouwert yn 1906, de fiering fan it tûzenjierrich bestean fan Warkum yn 1907, de wettersneed yn 1910, de ûnôfhinklikheidsfeesten yn 1913, de opfang fan Belgyske flechtlingen yn 1914–1918 en de brân yn it Ljouwerter paleis fan justysje yn 1919.

Ek de hjirboppe ôfbylde ansichtkaart is in soarte fan nijskaart, mar pas yn twadde oanlis. Oarspronklik wie it in folslein topografyske kaart, en as sadanich binne der ek eksimplaren fan bewarre bleaun (yn twa farianten: swart-wyt en ynkleure). De kaart toant it ieuwenâlde kafee De Bogt van Guné, oan de Fiverstrjitte yn Frjentsjer. As eardere studintekroech hâldt De Bogt van Guné oant de dei fan hjoed de neitins libben oan it romrofte ferline fan Frjentsjer as universiteitsstêd. Rjochts fan it kafee (mar net sichtber op de ansicht) leit de hillige grûn fan it Sjûkelân, sûnt 1856 striidperk foar de wichtichste keatspartij fan Fryslân.

Mar de ansichtkaart dêr’t it hjir om giet, is om sa te sizzen fotosjopt. Der is yn heechdruk, mei in klisjeetsje, in loftballon op printe. In eksimpel fan fernimstige trukaazje is de tafoeging net, de foarstelling sjocht der wat behelperich út. Mar mei dy tafoeging waard de kaart al oanpast oan de aktualiteit. De kaart suggerearret in byld te jaan fan in histoarysk barren. It byskrift ‘CARL WITTENBERG uit Berlijn’, dat grif tagelyk mei de loftballon yn boekdruk tafoege is, ferwiist dêrnei. Carl Wittenberg wie in Dútske ballonfarder dy’t, tegearre mei syn frou Emmy, loftsjo’s hold yn Dútslân en dêrbûten. It stel wie twaris yn Nederlân te sjen: yn 1906 yn Vlissingen en in jier earder yn Frjentsjer, beide kearen op 31 augustus, de jierdei fan keninginne Wilhelmina.

De feestlikheden op Keninginnedei 1905 yn Frjentsjer waarden organisearre troch de feriening Franeker’s Belang. Mei it each op de ferwachte tastream fan minsken hie de feriening in stikmannich maatregels nommen. Sa waard der yn foarsjoen dat men by alle kafees yn de stêd tsjin betelling fan fyftjin sinten feilich syn fyts stalle koe. Mar ek it wolwêzen fan ballonfarder Wittenberg wie oan tocht. Yn Harns lei in skip ûnder steam klear om de ballonfarder út see te fiskjen, mocht syn ballon ôfdriuwe oant foarby de kust.

De Leeuwarder Courant fan 2 septimber die ferslach fan de festiviteiten. Dy hienen benammen plak op it Sjûkelân. Der spile in korps, der waarden sportwedstriden en bernespultsjes holden en jûns wie der in fjoerwurk. Mar ‘het glanspunt’ fan de dei wie neffens de krante dochs wol de ballonfeart fan Carl Wittenberg. Hy ûndernaam syn loftreis oars net allinne, mar hie in passazjier oan board (syn frou Emmy?), dy’t al rillegau oan in parasjute wer nei it ierdoerflak weromkaam. De lanning like de parasjutist letsel tabrocht te hawwen, mar de ferslachjouwer lit trochskimerje dat er toanielspul fermoedet:

    Omstreeks 4 uur steeg de koene luchtschipper omhoog, nageoogd door eenige duizenden op het terrein.
          De spelen werden gestaakt, de menigte stond eenvoudig schouder aan schouder.
          De ballon dreef in z.-oostelijke richting landwaarts al hooger en hooger, totdat hij ongeveer ter grootte van een kaatsbal nog zichtbaar was. Eindelijk onttrok een wolk hem geheel aan het oog. Eenigen tijd te voren was de parachute neergelaten, wat van hier uit was te zien.
          Deze is teruggebracht door S.W. Hilverda te Tzum. Hij ontvangt dus den toegezegden rijksdaalder voor het terugbrengen van den parachute-reiziger, “die zeer slecht ter been” was! De ballon zelf daalde bij IJtens neer. Vandaar is de luchtschipper naar hier teruggekeerd per wagen.

Mar wa liet no nei oanlieding fan de loftreis fan Carl Wittenberg dy ansichtkaart aktualisearje? Wie it in Frjentsjerter nearingdwaande dy’t wat ekstra omset meitsje woe? Mooglik, mar wierskynliker is it dat Wittenberg sels in partij kaarten opkocht en oanpasse litten hat. Fan him is bekend dat er minstens ien ansichtkaart útjûn hat, mei portretsjes fan Emmy en himsels skean ûnder in loftballon. Dy docht tinken oan de ballon dy’t op de kaart mei De Bogt van Guné tafoege is; benammen de oerienkomst tusken de beide dryste mantsjes mei in flachje yn ’e hân rint yn it each. Ik stel my sa foar dat Wittenberg ien of mear klisjees by him hie as er mei syn loftballon op paad gong, sadat er by in pleatslike drukker wat lukrative merchandise oanmeitsje litte koe.

De ansichtkaart is nijsgjirriger fanwegen de byldmanipulaasje as fanwegen it boadskip dat de ôfstjoerster der op kribele hat. Dy ôfstjoerster wie Akke Timmenga, berne op 19 maart 1873 yn Tsjom. Letter wenne se mei har âlden yn Easterein. Yn 1899 troude Akke mei Reinder Okkinga en waard se boerinne yn Hjerbeam, ûnder de reek fan Frjentsjer. De kaart is adressearre oan Hendrik de Vries (1856–1921), skipper en letter winkelman yn Easterein. Hy en syn frou Tietje Bakker hienen ien soan, Tjalke, en twa dochters: de twilling Antje en Geesje, berne yn 1892. It binne de beide famkes dy’t yn it boadskip op de kaart neamd wurde – in boadskip dat noch te min om it liif hat om sels mar foar petite histoire troch te gean. Mar mei’t ôfstjoerder en ûntfanger trasearber binne, bringt de kaart jin likegoed in bytsje tichter by minsken yn earder tiid. En al hawwe sy libbe en wurke yn de betreklike beskutting fan skûtsje, winkel of pleats, soms reitsje harren libbens ek oan de ‘grutte’ skiednis.

Dat jildt yn alle gefallen foar de boerinne Akke Okkinga-Timmenga. Rom fjirtich jier neidat se de ansichtkaart ferstjoerde, helle se de redaksjonele kolommen fan de Leeuwarder Courant. Op 5 july 1946 stie dêryn te lêzen dat in tribunaal yn Harns har feroardiele hie ta ferbardferklearring fan fyftjin tûzen gûne en tsien jier ûntsetting út de beide kiesrjochten omdat se lid west hie fan de NSB. Twa moanne earder wie har soan Klaas al feroardiele omdat er him troch de besetter beneame litten hie ta boargemaster fan Barradiel. En ek har dochter Eke krige fanwegen kollaboraasje straf oplein. Fiif moanne nei har feroardieling, op 13 desimber 1946, ferstoar Akke Okkinga-Timmenga yn de âldens fan 73 jier. Se leit begroeven yn Hjerbeam.

    De hjir besprutsen ansichtkaart wie ûnderwerp fan in lêzing titele ‘Ballonvaart boven De Bogt van Guné’, holden op de Dag van de Brief, 24 april 2015, yn De Harmonie te Ljouwert.
This entry was posted in Poste restante and tagged , , , , , , , , , , , , , . Bookmark the permalink.