E.E. Cummings, ‘mei’t fielen foarst komt’

 
mei’t fielen foarst komt
sil wa’t omtinken jout
oan de syntaks fan de dingen
nea folslein jo patsje;

folslein in sot wêze
wylst de Maitiid yn de wrâld is

kart myn bloed goed,
en dat patsjen in better lot is
as wiisheid
frouwe swar ik by alle blommen.    Net gûle
–myn brein syn bêste gebeart is minder as
it pinkjen fan jo eagen dat seit

wy binne foar elkoar:dus
laitsje,delflijd yn myn earms
want it libben is net in alinea

En de dea is tink gjin tuskensin

 

since feeling is first
who pays any attention
to the syntax of things
will never wholly kiss you;

wholly to be a fool
while Spring is in the world

my blood approves,
and kisses are a better fate
than wisdom
lady i swear by all flowers.    Don’t cry
–the best gesture of my brain is less than
your eyelids’ flutter which says

we are for each other:then
laugh,leaning back in my arms
for life’s not a paragraph

And death i think is no parenthesis

 

Ut is 5, 1926

This entry was posted in E.E. Cummings and tagged . Bookmark the permalink.